woensdag 13 juli 2011

KOLLUM (5): Wa wint de lêste euro's? Ensafh of de Moanne?


Tsjustere wolkens oan ’e loft foar de Frysktalige blêden, no ja, der binne mar twa, dus foar ensafh en de Moanne. Wa wint de striid om de lêste euro’s op ’e boaiem fan de nasjonale subsydzjepot?

It Nederlands Letterenfonds sil, tanksy de besunigingen fan it barbaarske rjochts-populistyske regear, fan 2013 ôf nei alle gedachten noch mar “vier à vijf bladen kunnen blijven subsidiëren van de twaalf die nu nog worden ondersteund”. Seit direkteur Henk Pröpper yn NRC.

Yn de linkerhoeke: ensafh, op papier in folweardich literêr blêd mei lykwols in beheind berik, digitaal warber mar it koe wol oars, mear en better. Yn de rjochterhoeke: de Moanne, digitaal neat te melden, mar op papier in ymposante oplage tanksy de gearwurking mei Fryske ynstitúsjes.

Dat kin in nijsgjirrich partijtsje frij wrakseljen wurde.

Fan de 300.000 euro dy’t it Letterenfonds oan no ta besteegje mei oan literêre tydskriften yn Nederlân, bliuwt aansen noch mar in bedrach fan tusken de 50.000 en 100.000 euro oer. Dat betsjut: snije, hakke, om sjippe helpe – of twinge om nei oare stipe om te sjen. NRC skriuwt oer de ôfwagings dy’t it Letterenfonds meitsje sil:

"Publieksbereik zal zwaarder meewegen; dat lijkt goed nieuws voor bij voorbeeld Hollands Maandblad. Ook wordt, aldus Pröpper, ‘een vorm van digitale aanwezigheid vrij essentieel’, wat gunstig zou kunnen zijn voor Tirade. Pröpper: ‘En sommige bladen zijn cultureel erfgoed, zoals De Gids. Dat speelt ook een rol’.”

Sjoen de bysûndere status fan it Frysk yn Nederlân moat it dochs mâl rinne, wol der by dy fjouwer of fiif tydskriften dy’t noch subsidiearre wurde sille, gjin Frysktalige publikaasje sitte. Mar de kâns is grut dat ien fan beide it aansens sûnder Amsterdamsk jild dwaan moat. Wa falt yn ’e prizen? Ensafh, mei syn lit ús no mar foar it gemak sizze 300 abonnee’s? De Moanne, mei in pear tûzen lêzers?

Sifers allinnich fertekenje. Ensafh is – op resinsjes fan cd’s nei – in folslein literêr tydskrift; by de Moanne binne algemien-kulturele stikken belangryk en komt literatuer op it twadde (of tredde) plan. Ensafh hat, as fúzjeblêd fan Farsk en Hjir, fan it begjin ôf in digitale ferskining hân; de Moanne set op ynternet amper wat út ’e wei.

As ik mei it pistoal op it boarst by de bookmaker ynlizze moat, set ik myn jild op ensafh. Mei as bykommende reden dat it foar de Moanne makliker wêze sil om alternatyf jild te finen yn it brede kulturele fjild en fia gearwurking mei Fryske ynstellingen lykas Tresoar, Afûk en Fryske Akademy. En oars moat de provinsje mar wat mear yn ’t ponkje dwaan.

As ik Henk Pröpper wie, soe ik yn alle gefallen de produksjebydragen foar papieren tydskriften werombringe. Literêre blêden ferplichtsje om swierder yn te setten op ynternet. Dan kin der ek noch wat struktureel goeds út dizze besunigingsellinde fuortkomme.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten