donderdag 25 augustus 2011

De tradysje fergje op syn wierheden

'Johannes de Doper', in tekening fan Sjoerd Janzen

193 sm / 215 sm, konté, inket op papier, 2005

It is in prachtige ûnderfining om grutte tema’s út de wrâldkeunst werom te finen yn in skuorre, in bûthús en in kuolloads. Wêr? Yn Easterbierrum, it berteplak fan Sjoerd Janzen (1955-2006). De pleats dêr’t er weikaam, oan de Konkelswei, is noch oant 10 septimber it toaniel fan in grutte eksposysje fan syn wurk.

Dêr’t eartiids de kij op stâl stiene, hinget no de rige petretten fan ‘losers’ dy’t Janzen yn 1983 makke doe’t er in jier as strjitswalker yn New York libbe. En dêr’t eartiids heit syn ierdappels heech yn ’e fekken oploege leine, pronkje no de dramatyske, gewelddiedige en bytiden meterslange swart-wyt kryttekeningen út in lettere fase – mei tape fêstplakt oan, hoe kin it oars, ierdappelkisten. As hat de swarte klaai fan de Bjirmen net allinnich ierdappels, mar ek dizze keunst opsmiten, dy’t ûnder de skyn en de gewoante graaft nei essinsjes en dy't in byldestoarm op himsels is.

Fan de ûnderskate tekeningen mei bibelske tema’s yn syn lettere wurk, is ‘Johannes de Doper’ wol ien fan de nijsgjirrichsten, om’t er sa dúdlik sjen lit hoe’t Janzen socht nei de kearn fan in formulearring en hoe’t er dan brekke moast mei ynsliten ferhalen oer keunst.

Horrorferhaal

“John the Baptist was a martyr / But he stirred up Herod’s hate / And Salome got her wish / To have him served up on a plate” – oan dy wurden út it nûmer ‘Saint of me’ fan de Rolling Stones, fan de cd ‘Bridges to Babylon’ (1997) moast ik tinke doe’t ik it wurk seach. Janzen kaam út in leauwich fermidden en wie fan jongsôf fertroud mei de ferhalen út de bibel, dy’t syn heit jûns foarlies. Hy sil al betiid op ’e hichte west ha mei it wrede, tsjustere horrorferhaal, ferteld yn Matteus 14 en Markus 6, oer in keningsdochter dy’t as beleaning foar har sensuele dûnsjen de holle easke fan de profeet Jehannes. Dy holle moast har brocht wurde op in skûtel. Lettere boarnen neame dy dochter Salomé.

Troch de ieuwen hinne komt men har yn de skilderkeunst, de literatuer en de muzyk ôfwikseljend tsjin as famke, femme fatale en dwylsinnige frou; Salomé is it skilderij fan Caravaggio, it toanielstik fan Oscar Wilde, de opera fan Richard Strauss. Wat hat Sjoerd Janzen út Easterbierrum oan dy lange tradysje taheakke? Ja, syn styl. Syn materiaalgebrûk. Syn persoanlikheid. Janzen syn tekening bestiet út swarte en wite flakken, krêftige linen, ekspresjonistysk delset. Allinnich de essinsje bliuwt oer - wat presys de ynhâldlike ambysje fan de tekening wjerspegelet om in byldestoarm te wêzen.

Sjoch: Salomé hâldt de skûtel mei de holle yn har grutte, swarte hannen. Se is fol, swier tekene, mar hat ek wat bernliks oer har, mei dat famkesachtige hier. De twa figueren op de achtergrun binne sa te sjen har mem Herodias – de skuldige oan de moard, dyjinge dy’t har dochter ynflústere hokfoar beleaning se freegje moast foar har dûns – en de omke, kening Herodes, Salomé har styfheit, dy’t har sá graach dûnsjen sjen woe dat er har in winsk dwaan liet.

De mem is it kwea. Se hat tsjûke swarte streken oer it gesicht krigen, sa’t tsjintwurdich kriminelen mei in balkje foar de eagen ôfbylde wurde. Herodes lykwols is allinnich as omtrek tekene, syn gesicht hat gjin ynfolling. Hy is neat, hy hat gjin karakter. En dêr stiet Salomé tuskenyn – Salomé, dy’t útdrukkingsleas mei de holle foardel sjocht nei de ôfhakke holle fan Jehannes. As woe Janzen sizze: minsken, sy kin der ek neat oan dwaan, sy is ek slachtoffer.

Ferjouwing foar Salomé

En dêrmei hellet er in grutte streek troch in pear hûndert jier romantisearring en symbolisearring fan Salomé yn de byldzjende keunst en de literatuer. In tradysje dy't miskien wol it sprekkendst ferwurde is troch J.K. Huysmans yn syn roman A rebours (1884), yn in beskriuwing fan in skilderij fan Gustave Moreau:

“No longer was she merely the dancing-girl who extorts a cry of lust and concupiscence from an old man by the lascivious contortions of her body; who breaks the will, masters the mind of a King by the spectacle of her quivering bosoms, heaving belly and tossing thighs; she was now revealed in a sense as the symbolic incarnation of world-old Vice, the goddess of immortal Hysteria, the Curse of Beauty supreme above all other beauties by the cataleptic spasm that stirs her flesh and steels her muscles, - a monstrous Beast of the Apocalypse, indifferent, irresponsible, insensible, poisoning.”

Skilders hawwe faak each foar de destruktive rol dy’t Salomé sels as jongfaam of frou yn it drama spilet. Mar by Janzen wurdt se in hast willeas produkt fan in karakterleaze styfheit en in bange, gewisseleaze mem. Dêrmei ferleit er de blik fan de perversiteit en de nekrofily nei de sosjale dynamyk dy’t de misdied mooglik makket. Sadwaande ‘ferjout’ er Salomé, sûnder wat ôf te dwaan oan it skokkende tema en sûnder de wreedheid yn minsken oer de holle te sjen. Want hy wiist ek, op in plastyske en kontrastrike manear, de wiere skuldigen oan. In skriuwer dy’t noch it tichtst by de ‘Janzen-Salomé’ komt, is Gustave Flaubert yn syn koarte ferhaal ‘Herodias’ (1877). Mar dêr jilde ek noch de preesters om Herodias hinne as skuldigen.

Janzen syn blik op Salomé stiet mei oare wurden fier ôf fan de ‘mainstream’ sûnt de Romantyk. Syn Salomé hat neat mear fan dy fan Gottfried Keller, dy’t mei in gedicht oer har ek noch de tekst levere fan in liet fan Brahms: “O ihr theuren Gespielen! / Ueberlass’t mir den stolzen Mann! / Er soll seh’n, wie die Liebe / Ein feurig’ Schwert werden kann!” Yn de ferneamde opera 'Salomé' (1905) fan Richard Strauss wurdt de ôfwiisde, wraaksuchtige femme fatale fan Keller behalve as dekadint ek noch as folslein dwylsinnich ôfskildere.

Mar Janzen docht oan dy wedstriid net mei. Hy kiest it paad werom, it paad nei de ferhalen dy’t syn heit oan de kokenstafel foarlies út Matteus en Markus. “Weder bei Markus noch bei Matthäus ist sie eine verführerische Frau. Vielmehr ist sie ein kleines Mädchen, das erst seit dem jüdischen Historiker Josephus Flavius Salome heißt.” Sa demystifisearret ek de Dútse literatuerwittenskipper Hartmut Böhme yn Glaube, Hoffnung, Liebe, Tod (1995) it Romantyske klisjee fan Salomé:

“Mit der Renaissance, besonders durch den Symbolismus des 19. Jahrhunderts, aber auch durch den Feminismus ist unser Blick für das namenlose ‘Mägdlein’ (wie Luther noch korrekt übersetzte) verstellt. In den Evangelien ist sie nicht das erotische Überweib oder die lasziv ihre Macht genießende Kindfrau. Es ist viel schlimmer, als uns die Erfinder des männermordenden Vamp glauben machen.”

De wrâld foar it Jûnsmiel

Wêrom is it “viel schlimmer”? Dat is miskien wol om’t de ferantwurdlikheid fan ien persoan, in jonge frou, feroaret yn de ferantwurdlikheid fan it kollektyf en fan de macht. Jehannes de Doper is net slachtoffere op in alter fan bline puberale wraak, mar op dat fan de berekkenjende âlderlike macht, dy’t yn ’e betsjoening is fan wanen en perversys, eangsten en begearten; in macht dy’t ûnderfrege wurde moat oer syn hâlding fan morele superioriteit.

Dêrby giet de Easterbierrumer keunstner net safier as fiifhûndert jier lyn de Flaamske gravuerist Israhel van Meckenem (sa. 1440-1503), dy’t fan it bibelferhaal in wol hiel alternatyf Nachtmiel makke. In feestmiel foar Herodes en Herodias, mei Jehannes as diner en Salomé as in preesteresse fan de duvel. De sêne, neffens Böhme in “Satansmesse”, wiist foarút nei it lettere Nachtmiel fan Jezus en syn folgelingen en is dêr fansels de uterste perversy fan.

As yn Janzen syn tekening al in wjerlûd fan it Nachtmiel trochklinkt, dan giet it him om it bleatlizzen fan de keale wierheid. It oanwizen fan skuld betsjut by him: it kollektyf meitsjen fan skuld en it belijen fan skuld. It ‘feest fan it kwea’ wurdt werombrocht ta in ûnderfreegjen fan elk syn motiven. It giet om it weromfinen fan de wrâld fan fóar it Jûnsmiel fan Jezus, soe hy sels miskien sizze.


Sa tekenet er in krêftich ferset oan tsjin it synisme fan it simpele goed-kwea skema dêr’t Salomé noch altyd gauris oan offere wurdt. In modern foarbyld fan dat lêste, dat hjir net ûnbrekke mei, jout de Britse dichteres Carol Ann Duffy, as sy de dochter fan Herodias oant it wurd lit yn de bondel The World’s Wife (1999):

I’d done it before
(and doubtless I’ll do it again,
sooner or later)
woke up with a head on the pillow beside me -whose? -
what did it matter?
Good- looking, of course, dark hair, rather matted;
the reddish beard several shades lighter;
with very deep lines around the eyes,
from pain, I’d guess, maybe laughter;
and a beautiful crimson mouth that obviously knew
how to flatter...
which I kissed...
Colder than pewter.
Strange. What was his name? Peter?


It lichtsinnige, kabarateske narsisme fan Duffy’s Salomé ûntbrekt folslein yn ‘Johannes de Doper’ fan Sjoerd Janzen. Syn wurk is in stik minder swart-wyt as dat men tinke kinne soe, mei al dat swart en wyt oan dy ierdappelkisten yn Easterbierrum. Wat dêr yn werklikheid hinget, is in lytse byldestoarm, dy’t de tradysje ferget op syn wierheden.



25 augustus 2011

Geen opmerkingen:

Een reactie posten