donderdag 4 augustus 2011

KOLLUM (10): Wiet waskhantsje foar de smoarge earkes fan ensafh


Trije wike lyn publisearre ik in kollum mei as titel ‘Wa wint de lêste euro’s? Ensafh of De Moanne?’ In dei earder hie nammers de direkteur fan it Nederlands Letterenfonds, Henk Pröpper, yn de NRC sein dat mei yngong fan 2013 noch mar “vier à vijf” literêre tydskriften subsydzje fan it fûns ferwachtsje meie. Ik tocht: dêr sit grif mar ien Frysk tydskrift by. Tiid om de klok te lieden, of op syn minst mei in bel te klingeljen.

Is subsydzje foar literêre tydskriften net in saak dy’t alle leafhawwers fan Fryske literatuer oangiet? Mar nuver: it bleau stil by de tydskriften. Ensafh, dat in ynternetsite hat dêr’t à la minute op publisearre wurde kin, liet neat fan him hearre. Der sil grif oer de driging praat wêze, mar nei bûten ta: gjin lûd. Dat fyn ik nochal belachelik foar in ynternettydskrift dat in sintrum wêze wol fan it literêr debat yn Fryslân. Skaf dy site dan mar ôf, net? It past lykwols alhiel by de mentaliteit fan de Bestjoerder om grutte tema’s yn stilte te liif. De metoade-Colijn. Sssst mar jonges, wy regelje it wol foar jimme. Mei de provinsje. Achter de skermen.

De redaksje fan De Moanne liet wat dat oanbelanget mear kriich sjen. Redakteur Ate Grypstra is nét te benaud om digitaal witte te litten wat er tinkt en kin it boppedat ôf sûnder syn frustraasjes oer persoanen breed út te mjitten. Yn it lêste nûmer stie in wiidweidich redaksjoneel stik oer de problemen en de takomst fan de Fryske skriuwerij. Ien fan de opfallendste passaazjes yn dat stik is de oankundiging dat ek De Moanne serieus it ynternet op wol. Se wolle Fryske skriuwers en Fryske lêzers digitaal byinoar bringe. Ek oer dat nijs swijt de redaksje fan ensafh yn alle minder- en mearderheidstalen fan Europa. Komt my yn 't sin dat ensafh eins oeral oer swijt - bygelyks ek oer de eigen rol yn Fryslân 2018.

In pear dagen letter kaam de redaksje ynienen al mei in nij diskusjefoarum. Dêr’t al dalik reboelje oer ûntstie om’t de moderator, Cornelis van der Wal, der wat Hollânsktalige pesterige ûnsinferskes fan Grutte Pier ôfdondere. Rekkenje mar dat dêr achterôf yntern oer hinne en wer praat is. Redakteur “Legeanster” en redakteur J.Q. Smink wiene it der net mei iens, mar ja, it wie al sa en no koene wy min werom. Mar der moast al wat barre. Net redaksjebreed, dat is yngewikkeld en makket it dalik sa offysjeel. Nee, redakteur Smink moast op it hagelnije foarum op eigen manneboet mar wat delkwattelje.

Smink skreau net oer it Letterenfonds, net oer subsydzjeperikelen, net oer literêr belied of it klimaat of de takomst, neat oer serieuze ûnderwerpen dy’t der ta dogge, dêr’t in belutsen lêzer fan in belutsen literêr tydskrift yn dizze tiid graach wat oer fernimme soe, mar oer syn persoanlike skiednis, oer de persoanlike skiednis fan in oar, oer Farsk (dêr’t ik by myn witten net in wurd oer skreaun ha de ôfrûne jierren), oer de FPB en selektyf wat oer syn jongste dichtbondel Sondelfal.

En fansels benammen oer my. It boadskip: ik moat ff dimme, want ik ha in te grutte mûle. In heldere bydrage ta de diskusje. Ensafh is it paad bjuster om’t de earkes ferstoppe sitte. Koarsten oan ’e râne en de kanalen brúngiel. Dat ha je as je al sa lang yn in redaksje sitte en noait wurde jo earen wosken (Piter Boersma, Jacobus Smink en Jelma Knol binne alle trije eks-Hjir en bepale al sûnt de Slach by Weins mei wat literatuer is en wat net). Dy’t krityk hat, hat “skandelike” krityk (Van der Wal), dy’t it earne oer ha wol dêr't de redaksje it net oer ha wol, is "pedant" en moat “in leger profyl kieze” (Smink).

Doch net sa oerspand, minsken. It is allegear net sa dreech. Lit ris witte wat jim fan de takomst tinke. En lit ris wat ambysje sjen mei jim ynternettydskrift. Dêr is op ’t heden nochal ferlet fan. Dat is eins alles. En as jim dat net wolle, of net kinne, stek de skonken dan yn ’e klompen en meitsje einlings ris plak foar oaren. Nee, gjin noed, Abe de Vries hoecht net, en wol net mear, yn redaksjes want dy hat syn eigen tydskrift dêr’t er syn aai yn kwyt kin. Oars as by dhr. Smink it gefal liket te wêzen, giet it my om de literatuer, net om persoanen. It giet my om in prachtich ynstremint dat in redaksje yn hannen jûn is, dêr’t fierstente min op en mei bart. De toan sil wol wer net nei 't sin wêze, mar is it dúdlik genôch sa?

4 opmerkingen:

  1. @Abe

    -----Oars as by dhr. Smink it gefal liket te wêzen, giet it my om de literatuer, net om persoanen.

    Dyn ynsinuaasje oer Smink’s GGZ ferline is neffens my al op de man/persoan spile. In grapke, prima, (ha ’k sels ek wol dien) mar as soks realiteit is, past diskreesje. Sa’tst sels al skriuwst, it giet dy ommers net om persoanen.

    -----Lit ris witte wat jim fan de takomst tinke. En lit ris wat ambysje sjen mei jim ynternentydskrift

    Ik haw alris reagearre en skreaun dat de redaksje dwaande is mei de sinteraasjeproblematyk.
    Der is keazen foar in strategy fan stille diplomasy. Ik wit dat dat net dyn kar is, mar sa leit it derhinne. Klear. Kinst roppen bliuwe datst it der net mei iens bist en dat de redaksje mei it ien en oar op it aljemint komme moat, mar it sil net feroarje. Wy hâlde sels de rezjy. En de gearstalling fan de ploech is ek ús saak. Do dochst in soad útspraken oer hoe ’t de redaksje syn wurk docht/dwaan moat en dêr sitte prima observaasjes by.
    Ik/wy respektearje dyn miening.
    It soe moai wêze ast dat ek besikest te dwaan de kant fan ‘e redaksje út.

    -----It giet my om in prachtich ynstrumint dat in redaksje yn hannen jûn is, dêr’t fierstente min op en mei bart. De toan sil wol wer net nei 't sin wêze, mar is it dúdlik genôch sa?

    Sa dúdlik as wat, mar kinst der net folle oan dwaan, want de redaksje is ferantwurdlik foar syn eigen hanneljen en as wy it net goed dogge, sil dat wol bliken dwaan. Oant no ta dogge wy it op papier kwa abo’s net minder as de jierren dêrfoar en de digi hat 3000 hits en foech 1000 unike besikers/moanne. Dy oantallen rinne net tebek. Kin it better, grif. Oars? Ek. Wy prate deroer en ja de redaksje is grut, hast gelyk oan en oer taken wurdt ek praat mar de timing is uzes. Punt. No kinst roppe dat de redaksje allinne mar praat, mar dat is net sa en dat witsto ek.

    -----Doch net sa oerspand, minsken. It is allegear net sa dreech. Lit ris witte wat jim fan de takomst tinke. En lit ris wat ambysje sjen mei jim ynternentydskrift. Dêr is op ’t heden nochal ferlet fan. Dat is eins alles.
    It is ek net dreech, Abe, mar it oerspande komt ynearsten dôchs echt by dy wei. Do komst mei observaasjes en arguminten, mar it komt my oerspand oer ast it dan op de man spilest sa ast it by Jacobus diest. En dat ferlet, hoe, wat wêr? Faaks binne wy sa’n minne redaksje dat wy it net yn ‘e gaten hawwe. De takomst sil it leare.

    En noch efkes oer dat oerspande, asto my soks flikke soest......nee, Jacobus hat neffens my keurich reagearre op syn eigen unike wize.
    Wy hoege it net mei-inoar iens te wêzen en wat polemyk is ek net ferkeard, mar der binne grinzen.
    En neffens my, ik sis it sans rancune; bist der no efkes oerhinne wipt.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. @Edwin: Ik leau werklik net wat ik hjir lês. Ik leau dat it dhr. Smink sels wie dy't hawwe woe dat de ensafh-redaksje my út GL hâldt? En dan begjinne te mekkerjen oer my as bliken docht dat ik ek sokke linkjes lizze kin? Wa spile hjir op de man? Sis my dat it net wier is. Of kinsto ek net mear lêze?
    En tank foar de fierdere ynformaasje. "Stille diplomasy", súkses dermei.
    Der binne grinzen, yndied. Dêrom boppesteande kollum.

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Abe, ik bin it mei dy iens, dit jout nin foech. Groetnis, Sjieuwe.

    P.s.: mei ik dy útnoegje foar myn boekepresintaasje?

    BeantwoordenVerwijderen
  4. Jawis, mail my mar: abedevries@hotmail.com

    BeantwoordenVerwijderen