vrijdag 2 september 2011

Jeroen Mettes

Ik bin dizzerdagendwaande mei it neilitten wurk fan Jeroen Mettes (1978-2006). Dat wurk ferskynde okkeries – fiif jier nei syn dea – yn twa dielen: in diel N30 (ien lang “gedicht”) en in diel Weerstandsbeleid (syn weblogteksten en essays).

Ik doch hjirby in oprop.

Wol asjebleaft elkenien dy’t yn it Frysk literêre gedichten skriuwe wol, it diel mei Mettes syn skôgjende stikken lêze?

Net dat ik it yn prinsipe mei syn poëtika iens wêze kin, want it diel mei poëzij, dat wol sizze, de risseltaten fan syn poëtika, kin leau ’k wol oerslein wurde. Oeps. Mar Weerstandsbeleid mei net ien misse. Komselden ha ik teksten lêzen dy’t sa geskikt binne en útnoegje om jins eigen ideeën oer poëzij oan te spegeljen en oan te beslypjen.

De lektuer fan Mettes twingt ta refleksje op jins eigen wurk. Geweldich. Keapje. Bestelle. Hjoed noch.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten