woensdag 9 november 2011

KOLLUM (18): Beskermje Gysbert tsjin de waan fan de dei

Juster yn Hotel De Groene Weide yn Boalsert kaam Piter Boersma oan 'e ein fan 'e jûn nei my ta, ûnder mear om my op it hert te drukken dat de Gysbert Japikspriis eins beheind wurde moast ta in oeuvrepriis.

(Foar de lêzer dy't nij binnenkomt yn dizze diskusje earst wat tuskenspul. Boersma is behalve haadredakteur fan ensafh ek dyjinge dy't de sjueryleden foar de Gysbert oansiket - en grif stomtafallich ek dyjinge dy't in pear dagen lyn ynienen op ensafh yn 'e pleit wie foar in oanpassing fan it Gysbert-reglemint. Piter "achter de skermen" Boersma sil foar de útrikking dochs gjin kontakt hân hawwe mei de sjuery oer krekt dat ûnderdiel fan it advys dit jier??)

Enfin, de beheining. Dat soks in radikale breuk betsjutte sil mei de tradysje fan de Gysbert Japikspriis docht dalik bliken, as men de muoite nimt en gean nei (op de site fan Tresoar) wêr't de priis yn it ferline presys foar útrikt is: 8 kear foar in oeuvre, 24 kear foar ien of in pear boeken. It oersjoch:

Oeuvrepriis:

Marten Sikkema (1961), Rink van der Velde (1975), Ypk fan der Fear (1979), Tiny Mulder (1986), Anne Wadman (1989), Steven de Jong (1992), Josse de Haan (2007), Durk van der Ploeg (2011).

Oars:

Obe Postma (1947), Nyckle Haisma (1948), Fedde Schurer (1949), Ype Poortinga (1950), Sjoerd Spanninga (1951), Anne Wadman (1952), Rixt (1953), Ulbe van Houten (1955), Douwe Tamminga (1957), E.B. Folkertsma (1959), Jo Smit (1963), Jan Wybenga (1965), Trinus Riemersma (1967), Paulus Akkerman (1971), Willem Abma (1973), Jan Wybenga (1977), R.R. van der Leest (1981), Sjoerd van der Schaaf (1983), Trinus Riemersma (1995), Piter Boersma (1998), Tsjêbbe Hettinga (2001), Willem Tjerkstra (2003), Abe de Vries (2005), Anne Feddema (2009)

Wêr komt dochs dy winsk wei, om no ynienen de takomstige Gysbert-sjuerys ynkapselje te wollen, foarskriuwe te wollen dat se allinnich noch mar nei oeuvres sjen moatte?

Oan 'e iene kant út ûnfrede oer in te min oan omtinken foar de Gysbert-winner en syn of har boek of boeken? Miskien, want it is no ienris sa dat jo yn it Gysbert-trajekt net efkes leuk "de lêzers" by de kar belûke kinne mei publyksstimmerij of short lists. Dat komt om't de Gysbert in priis fan de provinsje, fan de oerheid is. Dy priis is no ienris net in boarterijke fan in pear útjouwers, boekhannels, banken of literatuerbefoarderjende ynstellings.

Oan 'e oare kant kin ek wolris in seker gefoel fan ûngemaklikheid by de sjuery sels in rol spile ha. Offysjeel kin en mei der fansels hielendal gjin pressy útoefene wurde op Gysbert-sjuerys, mar yn it ferline is dat wol bard. Wiene der no werklik gjin boeken dy't der yn de priisperioade út pykten?

Jawis wol, ik tink dat mear as ien literêr kritikus Under wetter fan Koos Tiemersma oanwize soe. Dochs hat de sjuery foar in oeuvre keazen, it grutte oeuvre fan Durk van der Ploeg. Fansels hat de sjuery dat yn alle frijheid dien, mar de leden sille har grif ek bewust west hawwe fan it feit dat "se", "it fjild", "de polityk", him dizze priis al yn 2003 ta hawwe woene.

Soene sjuerys yn it ferline har noait ris ûngemaklik field hawwe, doe't se stiene foar de kar tusken in inkeld boek of in oeuvre? In advys oer de takenning fan de priis is noait maklik. Mar dêr hawwe wy no krekt in sjuery foar. Om yn in net-maklike kwesty dochs in helder motivearre beslút te nimmen.

Wat dat lêste oanbelanget, hat it sjueryrapport 2011 spitigernôch net folle te bieden. Ik kin der gjin dúdlike literêre argumintaasje út helje. Sa sykje ik fergees yn de tekst nei de tematyk fan Van der Ploeg syn wurk. In teken dat dizze sjuery der miskien dochs wol wat mei oan wie? Yn alle gefallen in teken dat útstellen om de Gysbert-regleminten te feroarjen, net mei ynjûn wurde moatte troch de waan fan de dei.

4 opmerkingen:

  1. Ast it rychje de nammen sjochst fan dejingen dy't yn de rin fan de tiid in oeuvrepriis krigen ha en ast witst wat der sa al ferskynt, wa soe dy Gysbert foar in oeuvre dan ha moatte? Der is neat tsjin in oeuvrepriis - krekt net, want dan hoege goede boeken teminste net de konkurinsje oan mei folsleine oeuvres, mar dy kin mar ien kear yn ’e tsien, fyftjin jier útrikt wurde. Safolle oeuvres dy't it bekroanen wurdich binne der no ommers ek wer net...

    Jawis, it moat oars mei de prizeboel. Utjouwers en bestjoerders fan ynstitúsjes dy’t yn sjuery’s sitte: Kin net. Sjueryleden dy’t har ‘de bek’ net hâlde kinne: Heart net. In sjuerylid dy’t sels in boek skreaun hat en (dus?) wol tritich goede boeken sinjalearre, mar, o, wat wienen de resinsjes soer: Belachelik. It prizejild dat te leech is: In lachertje. Mar ek it prizestelsel sels. Sa hat de Fedde Schurer Publykspriis gjin inkeld doel: it publyk hat amper weet fan debuten en it is ek net slagge om dêr middels in publykspriis mear omtinken foar te generearjen.

    Ast om reden fan de pr in publykspriis ynstelst, doch it dan foar álle boeken en bou dêr dan mar in moai kommersjeel sirkus omhinne. Yn febrewaris graach, want de Fryske literatuer kin ek bûten de Moanne fan it Fryske boek wol wat rombom en retteketet brûke. Alle jierren op ‘e nij.

    De Gysbert sjuery skynt lykwols in pleit holden te hawwen foar in ien kear yn de twa jier út te rikken proazapriis. Dat is op himsels al frjemd foar in sjuery dy’t sels yn in perioade fan fjouwer jier net ien boek fine kin dat boppe al it oare ferskynde proaza útpykt, folle frjemder wurdt it as de deputearre yn har taspraak seit dat sa’n nije priis troch it fjild bekostige wurde moatte soe. In net troch de provinsje ynstelde priis is der nammentlik al: de Rink van der Veldepriis, ynsteld troch de gemeente Drachten en de FPB. Fierder hat de gemeente Ljouwert de Pieter Jellespriis ynsteld foar wurk dat troch taal of ynhâld in relaasje ta Fryslân stiet. Dy priis is in tal kearen nei in Fryske skriuwer gien, ûnder mear nei Piter Terpstra foar syn hiele oeuvre. Dit jier is de Pieter Jelles nei Aggie van der Meer har roman ‘Oerfeart’ gien. Wat dan wer ta de konklúzje liedt, dat der de ôfrûne fjouwer jier blykber ál in boek ferskynd is dat tige de muoite wurdich is.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. De konkurrinsje fan goede boeken mei folsleine oeuvres wurdt meastal wûn troch de goede boeken, sjoch by it rychje GJ-prizen. De sjuery moat dy kar meitsje en dat is prima. It panykfuotbal yn it advys fan krekt dizze sjuery sjoch ik earlik sein fan op. Wa't in kar makket, moat it út folle oertsjûging dwaan en net begjinne dat gjin inkeld boek ensafhierderhinne en dus mar in oeuvrepriis. Sa'n ferkearde premisse docht sawol de priis as de priiswinner skea.

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Ferkearde premisse? Yndie! Dat hat nammentlik noait it útgongspunt west. De ynterpretaasje 'gjin útsjitter en dus by gebrek oan better mar in oeuvrepriis' kloppet dan ek hielendal net.

    Fansels, soks wurdt basearre op de neikommende passaazje út it rapport, dy't neier besjoen wat ambigu wêze kin:

    "Soe it antwurd ja wêze, dan wie dat wat ús oanbelanget de priiswinner. Soe dat net it gefal wêze, dan waard it in advys foar in oeuvrepriis."

    Mar jo moatte de boel ek yn de kontekst besjen en dus somtiden simpelwei efkes fierder lêze. Der stiet ommers ek:

    "De twadde konklúzje wie dat der net in absolute útsjitter by wie, sa bysûnder dat dy it rjochtfeardigje soe dat der gjin oeuvrepriis takend waard."

    De ynterpretaasje 'der wie gjin spesifike útsjitter dy't tsjin ien fan de mooglik te bekroanen oeuvres bankje koe' liket my dan ek folle logysker ta.

    Soenen de advyskommisje-leden no écht tocht ha: 'Pff... gjin bysûnder boek. No ja, dan yn himelsnamme mar in oeuvre...'

    Nee wis net. Efkes neitinke, bêste minsken. De kommisje giet ommers yn 'e pleit foar in ekstra priis, krekt om't der safolle boeken by wienen dy't de muoite wurdich wienen (wol mear as tritich, mien ik ergens lêzen te hawwen).

    Nochrisom: in oeuvrepriis hat perfoarst noait in twadde kar west, mar earder in earste kar (mits der in boek by wie dat wol sá bysûnder wie dat it...ensfh.).

    BeantwoordenVerwijderen
  4. Ik freegje my ôf oft ik 'bankje' hjirboppe wol yn de goeie betsjutting brûkt ha. Hawar, ik bedoel safolle as "der tsjinop op koe".

    BeantwoordenVerwijderen