zaterdag 3 december 2011

KOLLUM (24): Iensidige ferkenning fan de Fryske waadkust

It ministearje fan Ekonomyske Saken, Lânbou en Ynnovaasje, de Raad voor de Wadden, de Waadferiening, it Regionaal College Waddengebied (RCW), it iene nei it oare bestjoers- en advysorgaan, de iene nei de oare feriening praat oer it Waad. Mar wa hat it oer it rânelân oan de Fryske kust?

Atelier Fryslân, om mar dalik antwurd te jaan. Yn opdracht fan it RCW wurket Atelier Fryslân oan in yntegraal ‘advies Waddenland’ oer de Hollânske, Fryske en Grinslanner waadkust. Yn ’e maityd fan takom jier moat it klear wêze en presintearre wurde. As opwaarmer foar it advys hat Atelier Fryslân ferline wike alfêst in ferkenning fan de problematyk en de takomst fan it gebiet publisearre. Verstild getij. Een atlas van de Nederlandse Waddenkust is in stúdzje dy’t yn gearwurking mei lânskipsarsjitekten fan it buro Veenenbos en Bosch út Arnhem útfierd is. De atlas is hjir te besjen en te lêzen.

Sa’n opwaarmerke is nijsgjirrich, allinnich al om’t it yn de rede leit dat it úteinlike advys net al te mâl ôfwike sil fan de linen dy’t der yn út set binne. Oan ’e iene kant is “de vaste wal van het Nederlandse wad een landschap van rust, ruimte, duisternis, prachtige dorpen en steden en fraaie vergezichten”. Oan ’e oare kant: krimp (de befolking fan it kustgebiet sil oant 2025 mei sa’n 10 persint tebekrinne), ekonomyske stagnaasje, lânbouproblemen en toeristyske ûnsichtberens freegje om in radikalere oanpak, is it boadskip.

Dizze “vergeten kust” hat in smelle ekonomyske basis, amper dynamyk en de inisjativen dy’t der binne, komme net sasear út it gebiet sels wei mar wurde der op loslitten. Atelier Fryslân neamt de Eemshaven, Esonstad, de kassen by Berltsum en de Blauwe Stad yn Grinslân “flinke programmatische ingrepen en forse investeringen en niet altijd met het gewenste resultaat”. Folle better is it en knoopje oan by besteande kwaliteiten: “Waarom worden nieuwe quasi oude huizen gebouwd in Esonstad, terwijl even verderop de bestaande monumentale dorpskern van Holwerd leeg loopt?”

Dat is fansels moai betocht. It klinkt ek net hielendal ûnbekend. Mar hoe moat it oars? Hokker proefballonnen jout de Atlas oan ’e waadwyn mei?

Ik neam se op. De oanlis fan in fytspaad op ’e seedyk, it útbouwen fan de Holwerter pier ta in grut toeristysk kompleks, de oanlis fan lytse kusthaventsjes by Swarte Haan en Roptasyl, it útwreidzjen en tagonkliker meitsjen fan it bûtendyks gebiet, it pleatsen fan grutte nije wynmûnen en, last but not least, it pleatslik opjaan fan de striid tsjin de fersâlting fan de lânbougrûn: “ons grondgebruik aanpassen en experimenteren met bijvoorbeeld zilte teelten en bijzondere vormen van binnendijkse natuur”.

Hoe’t wynmûnen de pleatslike ekonomy befoarderje sille, is my in riedsel. It liket der mar gewoan ynbrocht te wêzen om’t it tafallich in provinsjaal spearpunt is (advysfreger RCW is in gearwurkingsferbân fan provinsjes en oare oerheden). En hokfoar effekt de oanlis fan (grutte) natoergebieten hawwe sil op de pleatslike mienskippen? Minder boeren, minder minsken.

Hjir wurdt sichtber dat it advys eins allinnich út is op in kompromis wat romtlike kwaliteit oanbelanget en yn syn iensidigens net fan in breder perspektyf útgiet. Dan soe de leefbaarheid fan platttelân en doarpen sintraal stean moatte.

De oerheid soe bygelyks de lytsskalige biologyske lânbou folle struktureler stypje kinne. En mear jild útjaan om de foarsjennings yn de doarpen lâns de kust op peil te hâlden. Om soksoarte fan proefballontsjes siket men yn de Atlas fergees en dat is spitich. Blykber fielt Atelier Fryslân yn dizze barre liberale tiden en mei dizze opdrachtjouwer net de frijheid om werklik out of the box te tinken.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten