maandag 12 maart 2012

Jan Wybenga - Aisikersfjild

Hjir lei it blok fan de pols,
rustich fan oer,
tusken de bjinten, de rusken
oan de nútbrune wjittering,
dêr’t sulverkraal blonk
om smaragdgriene linten
fan flotgers.

It wetter fan de kaart,
bleau dit in daaldersk plak
om it hear oer te eagjen:

de grûn nei tûzen kear maitiid
yn ien moarnsskoft skeind,
blet op it spoar fan de dragline
yn bont ferskaat fan kleuren.

Skoar en moedsum seit de wyn
it ûnk fan de onlijige tiid.

De sypeagjende sinne
teraant oranje
yn it rampich swart.

Gjin fûgel te hearren.

Huorrich blinke bylâns
by foarrie oanleine strjitten
de proastige makeldersbuorden.

Us fjild ferkocht en ôflevere
dêr’t wy by wiene.


.
NB: 'Aisikersfjild' is in net-datearre en net earder publisearre fers út de neilittenskip fan Jan Wybenga. It is ien fan syn mear as hûndert net-publisearre fersen dy't opnommen wurde yn de meikoarten by Frysk en Frij te ferskinen Samle fersen.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten