maandag 29 oktober 2012

In sterke provinsje (FD, Skroeier, 9 maaie 2012)

Al in tal jierren binne guon ‘realisten’ yn ’e pleit foar in ‘lânsdiel Noard’, in fúzje fan de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte. Sa’n fúzje soe in folle effysjinter bestjoer opsmite as wat trije aparte provinsjale organisaasjes sjen litte kinne. En boppedat soe it noarden fan it lân dan better in fûst meitsje kinne foar De Haach oer.

Net allinnich de splintergroep Partij voor het Noorden, mar ek de wurkjouwersorganisaasje VNO/NCW, de Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij, de stêd Grins, de Drintse kommissaris fan de Keninginne Jacques Tichelaar en fansels alle pleatslike VVD-ôfdielingen yn it noarden fan Nederlân wolle ôf fan de âlde provinsjes. Hawwe de foarstanners gelyk?

Ik bin bang fan net. As men harren arguminten hifket, blykt it meastentiids om jild te gean. Ien grutte noardlike bestjoersorganisaasje is útsoarte goedkeaper. Yn in beskaat tinken betsjut goedkeaper blykber automatysk ek: better. Sa’n útgongspunt stiet lykwols op spande foet mei de winsklikheid, yn in demokrasy, dat minsken safolle mooglik belutsen wurde by de maatskippij, ek en benammen ticht by hûs.

Provinsjes binne essinsjeel yn it regionaal organisearjen fan de demokrasy. Skaalfergrutting en sintralisaasje binne fan belang wurden op gemeentlik nivo, foaral om’t it Ryk hieltyd mear ferantwurdlikheden op ’e skouders fan gemeenten leit. Der is lykwols in ein oan de technokratsyke effysjinsjedriuw. Sille eigen hûs en hiem net slim te lijen krije fan stuorkegarders dy’t allinnich libje foar jild?

Krekt yn wrâld dy’t hieltyd fierder globalisearret is it belangryk dat minsken harren regionale identiteit werkenne en uterje kinne yn polityk, kultuer en bestjoer. Men moat it de foarstanners al meistimme dat provinsjes anno 2012 no net dalik de meast ynspirearjende organisaasjes binne. Mar opheffe? Dat is in brêge te fier. Folle mear yn ’e rede leit it en wurkje ta nei in fersterking fan de rol fan de besteande provinsjes.

No’t gemeenten grutter wurde, moatte provinsjes ek mei feroarje. Mear foech krije en in dúdliker, profesjoneler profyl. Yn De Haach wurdt aansen in nij kabinet foarme. Fansels dûke der ek wer allerhanne besunigingsideeën op. Fandatoangeande is it goed om de finger oan de pols te hâlden. Wêr bliuwt de diskusje oer it fuortsterkjen fan ús provinsje?

1 opmerking:

  1. Hee Abe! Do bedoelst Grinslân tink, ast de provinsje op it each hast. It wol der mar net yn, hin?

    BeantwoordenVerwijderen