donderdag 17 januari 2013

Sneon yn it Friesch Dagblad: Besprek fan Troch eigen lânskip fan Willem Abma

Sneon yn it Friesch Dagblad einlings wer in poëzijbesprek, diskear fan Willem Abma syn prachtich foarmjûne blomlêzing Troch eigen lânskip, ferline jier ferskynd bij Wijdemeer yn Ljouwert:

"It hear fan dit oeuvre oereagjend, falt nochris op hoe’t by Abma – in ‘dichter fan de tocht nei binnen’, sa typearret Breuker him – rûchwei de earste tritich jier fan syn dichtsjen de ynhâld de foarm dominearre hat. It typyske Abma-gedicht, as ik dat sa neame mei, is yn dy perioade in meast koarte en nei de taal frij noftere, bytiden ek wat swiersettige bespegeling oer it sels, it ik en it plak dêrfan yn de rin fan de dingen. Opskreaun sûnder al tefolle stilistyske fersiersels, faak wol mei einrym mar meast koartôf yn de formulearring. Ek de muzikaliteit fan de taal, it boartsjen mei toansoarten, hat net syn grutste belangstelling hân. As dichter hat Abma himsels earder frijtocht as frijsongen."

Geen opmerkingen:

Een reactie posten