dinsdag 5 februari 2013

Moarn yn it Friesch Dagblad: In Provinsjedichter foar Fryslân

Woansdei yn it Friesch Dagblad wer in Skroeier: wêrom hat Fryslân gjin Provinsjedichter? Ingelân hat in Poet Laureate, Amearika ek en Nederlân hat sûnt koart Anne Vegter. Oer de poëtyske nar dy't de finger oan de pols hâldt:

"Yn alle gefallen is it ferskynsel Dichter des Vaderlands in moaie opstekker foar de poëzij. Nim allinnich al de publikaasje fan in gedicht yn in krante, hoe faak komt soks foar? Dy konstatearring bringt my hast automatysk by de fraach wêrom’t Fryslân, dat yn Europa op Ierlân nei sûnder mis de measte dichters de kante kilometer ryk is, noch altyd gjin Provinsjedichter hat. Ljouwert hie in stedsdichter, tsjintwurdich in stedskeunstner. En hjir en dêr sil der in lokaalpoëet in fers yn opdracht skriuwe. Mar in Provinsjedichter, nee."

Geen opmerkingen:

Een reactie posten