dinsdag 19 februari 2013

Moarn yn it Friesch Dagblad: It kollektyf ûnthâld

Moarn yn it Friesch Dagblad wer in Skroeier, diskear oer... de argivearring fan literêr of foar de literatuer belangryk wurk op ynternet:

"Yn ‘e tiid fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum wie it noch net sa yngewikkeld. Argivearje, bedoel ik. In skriuwer gie dea, en syn frou kaam persoanlik by konservator Freark Dam del mei it doaske fol net útjûne, neilitten en foar postume publikaasje troch de weifallene sels noch krekt op ‘e tiid reemakke kopij. Plus, yn de oare hân, in doaske kreas hânskreaune brieven fansels, de frucht fan jierrenlange korrespondinsje mei literêre freonen. De ‘brieven oan my’."

Geen opmerkingen:

Een reactie posten