woensdag 6 februari 2013

Sneon yn it Friesch Dagblad: Besprek fan dichtbondel Eppie Dam

Sneon yn it Friesch Dagblad in besprek fan Mem sjoch boi, de 14de dichtbondel fan Eppie Dam:

"En sa ferberget de op it earste each strakke organisaasje fan de teksten wol faker de orizjinaliteit fan dizze dichter. Eppie Dam is in dichter dy’t, lykas alle dichters, ek wachtet op en langet nei it poëtysk momint, de fûnk, de ynjouwing. Wa’t de ambachtlik opmitsele fersen goed lêst sil dy by ’t soad oantreffe. Boppedat ferrast er ús ek ynhâldlik mannich kear, bygelyks yn it skift mei fersen dy’t referearje oan Bibelske ferhalen. Yn it fers ‘Om Abel skriem ik’ liket it fertriet fan mem Eva om har soan Kaïn grutter as dat om it ferlies fan har soan Abel. De mem fan Judas lit Dam har lok útsjonge as se swier is fan har soan. It ferrassende perspektyf dêr't Dam gebrûk fan makket, smyt orizjinele ynstekken op dy't ek foar tsjerklike rûnten ynteressant wêze sille."

Geen opmerkingen:

Een reactie posten