dinsdag 19 maart 2013

Oer Peaske, in skriuwen

Jim binn’ fan himels ek de ierde tagelyk.
Jim sille opstean yn de Heare,
troch de lêste poarte gean, mar moarn
as earste minsk, as earste lêzer op de grûn,
sels krigel wêze, séls it djipst ûntwyk.

Jim krúswei en myn eigen paad,
se rinne beide nei itselde útein ta.
En wegen fan in minske bliuwe riedsels;
nimmen wit ferskil te sizzen
tusken leafde, leed en plagiaat.

Pleatsferfangend lije kin ik net,
mar krûpe troch de moude, rize út de jiske,
fleane nei de hichte, falle foar in hôf.
Hieltyd hinn’ en wer – in blêd op ’t gers
ferwaait mei ’t lûd fan klokken let.

Is swier of licht de wei fan lok nei slyk,
de ljedder hat gjin ûnder- en gjin boppekant.
Inkeld yn- en útgong is de timpel:
wat ik wol fan Him, wol Hy fan my.
Dit te fielen, dit te witten, is myn Himelryk.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten