dinsdag 30 april 2013

Land Art De oare skoech

Johnny Cash - Further On Up The Road

De winner is de wetterpas

Geert Mak hat by de iepening fan in eksposysje oer it wurk fan arsjitekt Rein Hofstra yn museum It Tsiispakhûs yn Wommels in taspraak hâlden oer de omgong yn Fryslân mei it lânskip. Het Friesch Dagblad hat hjoed syn tekst yn ’e krante: ‘Het Friese landschap interesseert ons geen bal’.

Dat is in stelling dy’t wolkom is, no’t it yntellektueel Fryslân noch neisûzet fan Goffe Jensma syn breed omearme bewearing fan twa jier lyn, dat Friezen sa ferskriklik fêsthâlde oan harren emosjoneel en romantysk belibbe ferline. Dalik is it polemyske elemint dúdlik. Friezen koesterje harren identiteitsbepalende skatten (taal, literatuer, lânskip, skiednis, mienskip) hielendal net, neffens Geert Mak. Hoesa fêsthâlde oan? ‘Het Friese landschap interesseert ons geen bal.’

Ik leau dat Jensma benammen nei de wurden sjoen hat, en Mak sjocht, en skrikt fan, de dieden. Hy sinjalearret it ferskil tusken sizzen en dwaan:

“Commentatoren en politici zie je over elkaar heen buitelen als het gaat om hun bereidheid om voor dit karakteristieke landschap in de bres te springen. Het landschap zelf spreekt echter een heel andere taal. Wie het Friese landschap van 2013 leest, met z’n witte schimmeldorpen, met z’n vaak veel te grote en nutteloze industriegebieden, met z’n megaschuren die in het voorjaar als paardenbloemen de grond uit vliegen – maar eeuwig blijven staan – met zijn monumentale boerderijen die onder de sloophamer verdwijnen zonder dat er een haan naar kraait, wie dat allemaal werkelijk tot zich door laat dringen leest maar één boodschap: het interesseert ons, uiteindelijk, geen bal.”

Wurden, seit Mak, binne der út ’e folop. Goede, ferdigenjende, bewarje wollende wurden foar it lânskip. Mar kriich en striid foar dat lânskip, ho mar. “Gestreden om dit soort kwesties – in andere landen dagelijkse kost – wordt er slechts zelden, met uitzondering van de Centrale As.”

Dat is yndie in nijsgjirrich ferskil, dat mei de glêzen stolp-teory fan Jensma net ferklearre wurdt. Wat dat oanbelanget liket it as is it kompleks fan begripen dat yn ferbân mei it wurd ‘Frysk’ brocht wurdt, foar de Friezen in stik minder belangryk as út statyske modellen bliken docht. Mei de driuw om it lânskip te konservearjen, falt it yn alle gefallen in slach ta.

Dêr soest by opmerke kinne: mei it respekt foar de eigen taal ek. Der is wol in beskate grutskens op dat Frysk, dy’t mei it gefolch is fan in minderweardichheidskompleks foar it Nederlânsk oer. Dêr sitte wy taalhistoarysk mei opskipe, it uteret him op syn slimst yn de ûnderwiis- en ûnderwizersideology fan de Fryske Akademy en de Afûk. De syktocht nei in ‘standert’ foar de taal, standertwurdlisten, in ienfâldiger grammatika, simpeler staveringsrigels, logyske wurdbylden. En dat alles ferplichtsje wolle yn it skreaune Frysk fan it iepenbier bestjoer. It is in ûndernimmen dat him klaait mei de mantel fan de foarútgong, om te ferbergjen wat it werklik is: it massaal ferbaljen fan libbene taal.

Troch de frijheid fan de skriuwer, dy’t fêstlein is yn de taalpraktyk fan hjoed en juster, moat en sil de streek fan it skoalkrytsje. In taal dy’t himsels sensurearret – dan duorret it net lang mear en der falt neat mear te sensurearjen.

Wer nei Geert Mak: de oerienkomsten fan de talige mei de lânskiplike sitewaasje meie dúdlik wêze. De offisjele status is heech, in protte bla bla, mar de praktyk is om te gûlen. By oare ‘identiteitsfoarmers’, bygelyks de literatuer, stiet de flagge der net wêzentlik oars foar.

Dy stolp wurket foar gjin meter, blykber. Dêr meist út konkludearje, dat der miskien wol in alternatyf byld noadich is as yngong nei diskusjes oer identiteit. Dy fine, foar safier’t se der binne, plak op de brekflakken tusken moai en nuttich, hillichheid en bysaak, middel en doel. Lykwols, de winner yn Fryslân is gauris de wetterpas.


.

Dom yn Dokkum (aansen ek om Ljouwert, Frjentsjer, Harns, Boalsert, Snits, Drylts, Warkum, Hylpen, Starum en Sleat hinne)

Talking Heads - Slippery People (Live)

Moarn yn it Friesch Dagblad: Earme geveltsjeprovinsje

Moarn yn it Friesch Dagblad in Skroeier oer de nije staveringsregels, by neare nacht en hurde wyn oannommen troch Provinsjale Steaten. De ôfrûne wike is der in protte ferset tsjin kommen, benammen út de skriuwerswrâld. Dat ferset rjochtet him ek tsjin it ûnhillige idee fan de Fryske Akademy om in 'standertwurdlist' gearstalle te wollen, dy't foar amtners ferplichtsjend fêststelt hokfoar wurden de 'standert' binne. Mar earst de stavering:

"Dizze staveringshokuspokus dêr’t gjin woltinkend minske op sit te wachtsjen, komt by de Fryske Akademy wei. Dy wol graach in Fryske wurdlist gearstalle, in ‘grien boekje’, dat ús leare moat hoe’t Fryske wurden stavere wurde moatte en wat de ‘standert’ wurden binne. Blykber is in gewoan wurdboek foar dat doel net genôch. Blykber is it ûnbidige, mear as tweintich dielen tellend Wurdboek Fryske Taal (WFT) net gaadlik foar dat doel. Spitich oars, want it is online beskiber en elk kin it dus brûke.

Wêr helje PS it lef wei om op grûn fan in adfys fan in net-funksjonearjend ynstitút – de direkteur mocht ferline wike permanint thúsbliuwe – en sûnder hokfoar maatskiplike diskusje ek efkes gau myn taal feroarje te wollen? Wylst se it brûken fan it Frysk op de ynternetsite fan de Provinsje net ôftwinge doare? Earme geveltsjeprovinsje."

zondag 28 april 2013

Matthew & The Atlas - Within The Rose

Robert Duncan, ruraal fantast



Robert Duncan, kening fan de greide. Aartskonservatyf ferhearliker fan pleatske-beamke-húshâldinkje yn harmonieuze kitsjbylden. Berne yn Utah, simmers gauris op de ranch fan pake en beppe. Frou Linda en Robert ha seis bern, wenje yn Midway, Utah. It hat ek wol wer wat, wat ‘griens’, sa’t er oer syn skilderjen praat:

“I grew up in the suburbs, but every chance I got, I would sneak out to nearby fields to watch the birds or play in the creek, and the summers I spent on my granddad’s ranch really taught me how much we all need Nature in our lives. But change is all around us. The family farm is disappearing at an alarming rate. Development and sprawl cover fertile fields by the minute. I want my grandchildren to be able to walk through a field and hear a meadowlark call. We don’t all have to live on a farm, but to pass by and see the cows grazing or just to know that there are wild places being kept wild makes our lives better. In a way, my paintings are a call to think about the things that have touched our lives and hope that we might all be willing to do our part to save these things for future generations.”

De tsjinstelling stêd (suburbs) en it plattelân (Nature). De sosjologyske blik: de famyljepleats ferdwynt skrikwekkend gau. Tsjinsinnichheid yn ‘development’ en ‘sprawl’. Gefoel foar generaasjes. Foar fûgels, kij, foar “wild places kept wild”. Tink nei, sizze de skilderijen, rêd de “things that have touched our lives”. Dêrmei wurdt it wurk in oprop oan elk dy’t wat fan syn eigen ferline weromsjocht yn de ôfbyldingen: werkenne jim dit, bewarje it dan.

It wurk is in opfallende gearmjoks, it hat wat yn him fan de skoalplaten fan Jetses, kleurplaten út berneboeken, mei de trean fan it sigeunerfamke. Mar ek sit der yn guon skilderijen eat fan ferfrjemding, fan Hopper miskien wol, mar dan fan in rurale Hopper. Duncan kin him lykwols net bedimje, hy falt hieltyd oer de râne, fan keunst yn kitsj. Dat komt om't er 'bewarjen' net oars sjen ken as 'konservearjen'. Mar, it moat sein, bytiden falt er wol moai.


.

Moarn yn it Friesch Dagblad: Eksposysje R.R. van der Leest

Moarn yn it Friesch Dagblad: grut stik oer de iepening fan de eksposysje oer Reinder Rienk van der Leest yn de Mariatsjerke fan Blessum, sneon 27 april:

"Syn skildersfoarbylden binne Henri Matisse, Ernst Ludwig Kirchner en Roy Lichtenstein en dat is oan it eksposearre wurk ek ôf te sjen. Van der Leest makket der sels ek gjin geheim fan; by de skilderijen hingje lytse printsjes fan wurk fan niisneamde skilders dat op ien of oare wize foar him in ynspiraasjeboarne wie. Syn frouljusfigueren binne yn fauvistysk-ekspresjonistyske styl yn heldere, ierdske kleuren skildere mei hjir en dêr in tûfke pop-art. 'De skilder Cor Reisma sei tsjin my dat er noch noait sok Frânsk wurk fan in Fries sjoen hie,' sei Van der Leest yn Blessum."

Jayhawks - Waiting For The Sun

zaterdag 27 april 2013

Achtenearre hear Hanno Brand,

Der binne wat redenen om jo dizze brief te skriuwen. Jo binne krekt beneamd as waarnimmend direkteur fan de Fryske Akademy. Jo Akademy stiet faai yn ferbân mei plannen fan ien fan jo jildsjitters, de KNAW. En jo Akademy is fan doel om allerhanne nije regels út te feardigjen oer it skreaune Frysk. As dichter en skriuwer binne dat saken dy’t my ek oangeane. Miskien dat jo, yn de tiid dy’t jo jûn wurdt as waarnimmer, it neifolgjende yn jo omgean litte wolle.

“De Fryske Akademy is in ûndernimmend ynstitút dat wittenskiplik ûndersyk docht op it mêd fan de Fryske taal, kultuer, skiednis en maatskippij,” dat is de earste sin op de thússide fan jo ynstitút. No’t de FA dit jier 75 jier bestiet, is it faaks goed om der by stil te stean dat de takelist fan de FA ien grutte weilitting sjen lit, en dat betreft de literatuer. Jo wiene earst haad fan de fakgroep ‘Skiednis en Letterkunde’, lês ik. Mar dan wiene jo haad fan in spoekfakgroep. Want jo fakgroep docht al sûnt it fertrek fan Goffe Jensma nei Grins hielendal neat oan letterkunde. Jensma wie de iennichste en hy is net ferfongen.

Yn it fisitaasjerapport fan de KNAW (2009) wurdt steld dat dat oars moat. Mei oare wurden, de KNAW-kommisje easke fjouwer lyn al literêr ûndersyk fan de FA. Dy eask hat jo foargonger mar yn ’e wyn slein, miskien om’t mei sok ûndersyk net folle ynternasjonaal prestiizje te winnen is? Wa sil it sizze. Konkreet is myn fraach: wat sille jo dwaan om te soargjen dat der oan de FA meikoarten wer literêr ûndersyk plakfine sil? De folgjende fisitaasjekommisje fan de FA stiet yn 2015 by jo ynstitút foar de doar, as ik it goed ha. Tiid genôch dus om dizze misser goed te meitsjen.

Wilens hat dyselde KNAW him ôffrege oft de FA noch wol yn de langetermynfyzje fan de KNAW past. Ja, dat soe ik my ek ôffreegje, as in ynstitút samar efkes in dúdlike opdracht neist him delleit. Wat ik eins like belangryk fyn: de hiele ellinde dy’t jo ynstitút no wer oer de Fryske maatskippij ôfroppe sil mei syn útstellen ta nije staveringswizingen en it opstelle wollen fan in ‘standertwurdlist’ foar it Frysk. Mei troch niisneamde ellinde, en mei in fariant op de soargen fan de KNAW, freegje ik my ôf oft de FA noch wol yn de langetermynfyzje fan Fryslân past.

Hoe is it mooglik dat jo ynstitút mei – foar mannich taalbrûker – fiergeande útstellen komt sûnder foarôfgeand oerlis mei it ‘fjild’ fan taalbrûkers? Soks tsjut op in achterkeammerkeskultuer en makket op bûtensteanders de yndruk fan wrâldfrjemd hobbyïsme. Ik mei lije – en mei my yn alle gefallen aardich wat skriuwers – dat it jo slagje sil om yn it fierdere trajekt dat blykber ôfpraat is mei Provinsjale Steaten dy yndruk wei te nimmen.

Wat minder midsieuwen en wat mear moderne literatuer, dat sil de FA goed dwaan. Wat minder regelsucht fan boppe-ôf en wat mear oerlis, dat ek. Yn de hoop dat jo yn dy betsjutting in fruchtber ynterimskip hawwe sille, en mei de bêste winsken foar de Akademy, groetsje ik jo, en ûnderskriuw ik,


Abe de Vries

Fryske Akademy plent leksikografyske genoside

De Fryske Akademy wol taalfariaasje útroegje. Der moat in ‘standert’ komme: in dúdlike oanwizing hokker wurd de standert is. En hokker oare wurden dat dus net binne. Dat moat allegear fêstlein wurde yn in ‘standertwurdlist’, sis mar it Fryske griene boekje.

Yn harren ‘Advys regeloanpassing Fryske stavering’ (Fryske Akademy, 18 jannewaris 2013) skriuwe Pieter Duijff, Frits van der Kuip en Anne Dykstra it folgjende: “Foar minsken dy’t it Fryskskriuwen leare wolle, jout in dúdlike standert hâldfêst en moed om troch te setten. Learlingen en studinten hâlde ek fan dy dúdlikheid. Dy hearre net graach dat rûmte goed is, mar dat romte ek wol kin. Fertel my wat ik brûke moat, en net wat allegear ek noch kin. Fan belang is wol om foar eagen te hâlden dat de term standert gjin wearde-oardiel ynhâldt. Romte is út soarte ek goed Frysk, wy prate allinne ôf dat wy rûmte foar kar nimme as standert.”

Anne Dykstra, dy’t ferantwurdlik is foar boppesteand taalútroegers proaza, komt grif út ’e Wâlden. Hy wol ‘rûmte’ ta de standert meitsje, op kosten fan ‘romte’. Dat is nuver, want sawol myn Zantema-wurdboek Frysk-Nederlânsk as it grutte Wurdboek Fryske Taal (WFT) jouwe ‘romte’ as de standert, en ‘rûmte’ as twadde mooglikheid. It kin wêze dat leksikograaf Dykstra hjir de skiednis efkes útwiskje wol op grûn fan nije ynsjoggen, mar wierskynliker is dat syn hiele projekt fan it oanwizen fan standertfoarmen by de namme neamd wurde moat dy't it fertsjinnet: it is leksikografyske genoside.

Wy prate allinne hielendal net ôf dat wy ‘rûmte’ foar kar nimme as standert, Anne. Wy prate al ôf dat ôfrûne woansdei de lêste kear wie dat de Fryske Akademy op eigen manneboet útstellen docht oer ús stavering en oer 'standert' wurden, dy’t dan ek noch oannommen wurde troch in Steatekommisje én de Steaten. Gelokkich is de definitive fêststelling pas takom jier.


.

donderdag 25 april 2013

Matthew & The Atlas - Animal Bones (Live)

Matthew & The Atlas - I Will Remain

Staveringsellinde: wêrom?

By neare nacht en hurde wyn hawwe Provinsjale Steaten efkes wat staveringswizinkjes trochfierd en der is noch mear op kommendewei. De belangrykste wiziging is yn de stavering fan wurden mei in –û of in –oe: “Koarte en lange û-lûden wurde tenei skreaun as ‘oe’ as dat ek bart yn de Nederlânske oersetting fan in wurd en yn de doetiid fan tiidwurden. Yn oare gefallen wurde se as ‘û’ skreaun.” ‘Spoek’ wurdt dus ‘spûk’. En ‘útnoegje’ wurdt ‘útnûgje’. Yn in pear wurden feroaret de –v yn in –f (‘telefyzje’) en de –z yn in –s. En ‘ieu’ wurdt ‘iuw’.

Dizze staveringshokuspokus komt by de Fryske Akademy wei, dy't graach in Fryske wurdlist, in ‘grien boekje’, gearstalle wol dat ús leare moat hoe’t Fryske wurden stavere wurde moatte. Blykber is in gewoan wurdboek foar dat doel net genôch. Blykber is it ûnbidige, mear as tweintich dielen tellend Wurdboek Fryske Taal (WFT) net gaadlik foar dat doel. Spitich oars, want it is online beskiber en elk kin it dus brûke.

Boppesteande noch frijwat kosmetyske oanpassings sille folge wurde troch mear. Want de Fryske Akademy moat al wurk hâlde fansels; se dogge dêr yn ‘e takomst graach noch wat mear útstellen ta staveringsferoaringen. De wurdlist moat der yn 2014 wêze.

Wêrom moat dit allegear? Net ien dy’t it snapt. Wurdlisten binne nearne goed foar as alle wurden fan dy taal al yn in wurdboek stean, dat ek nochris – digitaal – maklik oan te passen is. En dy wizigingen? Dy binne goed foar guon dy’t de taal leare wolle, wurdt sein. Se meitsje de taal ‘logysker. Och ja, dêr komt de tiidgeast om ‘e hoeke sjen: safolle mooglik risseltaat mei sa min mooglik ynspanning. Want leare, dat is dreech. Dat mei in nije stavering al dy tûzenen minsken dy’t al Frysk lêze kinne, no konfrontearre wurde mei wurdbylden dy’t har tsjinsteane, wat soe it? ‘Collateral damage’ is akseptabel, sjoen it goede doel.

Mar de wizigingen binne dochs demokratysk ta stân kommen? ‘Demokratysk’ is yn dit ferbân in nijsgjirrich wurd. It stimfee fan PS folget it adfys fan de deputearre en hat sels noch noait in tel stilstien by taal noch stavering. It is sels net fan doel krekt te dwaan as fine se soks belangrike ûnderwerpen. De refleks is: wy moatte krektlyk as it Nederlânsk ek in ‘grien boekje’ hawwe. Nochrisom, wêrom? Noch it griene noch it wite boekje ha ik ea ynsjoen en om my te ferdútsen wat it ferskil is tusken dy beide wurdlisten, moat der eins in apart boekje komme.

It iennichste positive risseltaat fan dizze staveringsoplichterij is dat in lyts tal minsken – trije, fjouwer? – wer wurk hat. Mar de kâns om belutsenens by de taal te organisearjen troch in brede diskusje oer sin en ûnsin fan ditsoarte staveringswizigingen te begjinnen, is – fansels mei opset sin – fersitten. Wêr helje PS it lef wei om op grûn fan in adfys fan in net-funksjonearjend ynstitút efkes gau myn taal te feroarjen, wylst se sels te beroerd binne om it brûken fan it Frysk op de eigen ynternetsite ôf te twingen? Earme geveltsjeprovinsje.

Gelokkich binne der al skriuwers dy’t iepentlik witte litte dat it gau dien wêze moat mei ditsoarte wizigingen yn it skreaune Frysk.

Sigrid Kingma op ItNijs.nl: “Wat in ûnsin om dat sa sûnder oan te kundigjen te feroarjen. Ast wolst dat net ien dalik mear goed Frysk skriuwt, dan moatst foaral soksoarte dingen betinke.”

André Looijenga op ItNijs.nl: “Ik diel Sigrid har miening dat se der gjin goed oan dien hawwe om dizze offisjele staveringsferoaring sûnder dúdlike foaroankundiging troch te fieren. It is, om sa te sizzen, ‘stikem’ bard, wylst yn it publyk hast gjinien him der iepentlik oer bekroade.”

En Cornelis van der Wal, op ensafh.nl: “Ik begryp wier net wêr’t dy wiziging foar nedich wie. Wierskynlik wie it wurkferskaffing... Hat de Akademy neat betters te dwaan? De stavering moatte jo sa folle mooglik litte sa’t er is, om’t oars ‘âlde’ boeken dreger te lêzen binne foar de takomstige lêzer. Ik doch der net oan mei!”

Ik slút my graach oan by boppeneamde sprekkers.

Amanda Shires - When You Need A Train It Never Comes

woensdag 24 april 2013

Fang ús de foksen

En de junysinne fladderet oer de hyasinten
yn de bosk fan Ypeij, hy flaget oer
de roazebottels mei syn mûleharp,
besparket leeljes fan ’e lichten yn syn dûns,
komt mei hasten yn it nutehôf,
nimt ús ierdbei, kers en drúf út hannen.
Nei it fernachtsjen, om’t it him haget,
bout er, wûnder barren, in brêge fan wekker
te wêzen yn de bosk fan Ypeij:
in sulveren omgong set op bûtenmuorren.
Tusken geande en kommende paden yn
telle wy libelles yn ’e remains of the day.
Do bist myn skat yn ’e jikker, seisto,
dy’t ik yn ’e skaden net fine koe. 
Fang ús de lytse foksen, fang se allegear,
fang ús de lytse foksen yn alle bosken fan Ypeij.



.

maandag 22 april 2013

Oer poëzij (4): Dichter, tekst, lêzer

Wat wol in gedicht wêze? Want it kin fan alles wêze. Ik jou in stikmannich mooglikheden. It wol wêze in bekentenis. In kleisang. In betinking. In bewearing. In ûntregeling. In manifest. In ûndersyk. In stik muzyk. In wiisheid. It wol in oantinken bewarje. In anekdoate fertelle. In kommentaar op dit of dat jaan. Tiid opheffe. Besykje te sizzen wat net sein wurde kin. Besykje te sizzen dat it fol is fan dat wat net sein wurde kin. Of gewoan: moai fan taal wêze. Of in opfallende, miskien wol fernimstige foarm hawwe. Koartsein, mei fersen kinst net alle, mar al in protte kanten út.

Wat in dichter fan poëzij wol, sis mar de ûnderlizzende opdracht dy’t er syn skriuwhân meijout, neame wy syn ‘poëtika’. Dat is koart troch de bocht it gehiel fan syn opfettingen oer wat neffens him nijsgjirrige poëzij of literatuer is. Elke dichter hat sokke opfettingen, en neigeraden de dichter him dêr better fan bewust is, sil syn poëtika nijsgjirriger wêze. Nijsgjirriger, om’t der dan wierskynlik oer neitocht is. Al binne der fansels ek guon dy’t prachtige fersen skriuwe sûnder miskien oait in tel stilstien te hawwen by harren poëtika. Mar dat binne der nei alle gedachten net hiel folle. Lykwols: ek as de dichter yn kwestje der net oer neitocht hat, dan noch wurdt syn poëtika dúdlik út itjinge er skriuwt. Syn tekst ferriedt it oan de lêzer, oft de dichter dat no aardich fynt of net.

It is yn dy trijehoeksferhâlding fan dichter, tekst en lêzer dêr’t it spanningsfjild fan de poëzij him fertale lit yn diskusjes oer gedichten en (ûnderlizzende) poëtika(‘s). Yn dat fjild is in gedicht op it foarste plak in tekst, dy’t der rjocht op hat om as sadanich opfette te wurden. Lykwols is in tekst ek in produkt fan produsinten: op it foarste plak fan de dichter, dy’t it fers skreaun hat, mar ek fan de lêzer, dy’t it fers lêst en ynterpretearret, stjoerd troch syn eigen referinsjekader, ûnderfining, skiednis, hang-ups, frustraasjes, beheiningen en kapasiteiten. Lêzers hawwe gauris ek eigen ideeën oer poëzij: wat nijsgjirrich is, wat harren rekket en wêrom. As by it lêzen fan in gedicht blykt dat de poëtika’s fan dichter en lêzer net geweldich op inoar oanslute, dan sil de lêzer muoite hawwe om it fers te wurdearjen en miskien ek wol om it te ‘ferstean’ en te ‘begripen’.

Resinsinten fan poëzij (fan literatuer) kenne it probleem. In resinsint is ek in lêzer, mar dan ien dy’t ferslach docht fan syn lêsûnderfiningen op of yn in medium. Sadat oare lêzers kennis nimme kinne fan syn wize fan lêzen, en harren wurdearring of gebrek oan wurdearring foar in tekst dêroan spegelje kinne. Dat betsjut foar de resinsint twa dingen. Op it foarste plak hat er de opdracht om fan syn lêsaventoer op in kommunikative wize ferslach te dwaan. Op it twadde plak heart er syn eigen poëtika dêrby te beneamen, benammen as bliken docht dat er it te besprekken wurk op belangrike punten net wurdearje kin. Hy wit ommers – en de goede lêzer wit dat ek – dat in tekst foar elke lêzer wer wat oars is; hy sil dus soargje dat der yn syn lêsferslach genôch romte sit om oan dat feit rjocht te dwaan.

In resinsint hat dus net in maklike taak yn syn idealiter trijefâldige rol as ferkenner fan de tekst, kenner fan de dichter syn wurk en stiper fan de lêzer. Resinsjes kinne sadwaande wolris soargje foar ‘opskuor’ yn de literêre wrâld. It kin barre dat in dichter in resinsint ta ‘fijân’ ferklearret, om’t er him net serieus nommen fielt. Dichters en resinsinten dy’t rûchwei deselde poëtika’s diele, kinne oansjoen wurde foar ‘freontsjes’. Ensafierderhinne. Resinte foarbylden fan konflikten dy’t troch resinsjes feroarsake wurde kinne, binne it besprek troch Cornelis van der Wal fan de bondel Tin (2011) fan Arjan Hut en it besprek troch mysels fan de bondel Kristus Pavlov (2011) fan, ja, Cornelis van der Wal.

In dichter kin him mar it bêste nergens wat fan oanlûke. Hy hoecht him allinnich mar ôf te freegjen oft er by it skriuwen earlik west hat foar syn eigen poëtika oer. En itselde jild foar de resinsint, mei dit ferskil dat dizze letterslaaf ek noch in kommunikative en argumintearjende plicht hat.

*

Sjoch ek:
Oer poëzij (3): Annotaasje by de syklus 'Omkearing fan fabels'
Oer poëzij (2): Regelmjittich folrym kin helpe
Oer poëzij (1): Krityk as klisjee

Woansdei yn it Friesch Dagblad: Wêr bliuwt de 'publykspriis'?

Woansdei yn it Friesch Dagblad freget Skroeier him ôf wannear't der in ferfolch jûn wurde sil oan it provinsjaal foarnimmen om te kommen ta, cq. te fasilitearjen, de ynstelling fan in 'publykspriis' foar Fryske literatuer.

"Per provinsjaal dekreet is ôfrûne jannewaris ien fan de belangrykste Frysk-literêre prizen, de Fedde Schurerpriis foar it bêste debút, opheft. De nije nota fan deputearre Jannewietske de Vries oer taal, keunst en kultuer hat dizze út 1984 datearjende priis nettsjinsteande protesten fan tsientallen skriuwers by de dyk set. Ut Provinsjale Steaten wei is gjin tsjinlûd dat namme hawwe mei, fernommen. Op de begraffenis fan De Fedde wie amper folk.
(..)
De Provinsje wol syn wurdearring foar de Fryske literatuer útdrukke litte troch oaren. Troch it bedriuwslibben, leafst. Dat is wat in abstrakt wurd, mar it betsjut yn dit gefal: troch boekhannels en útjouwers. It heil moat dus komme fan sinterske negoasje, dy't elk momint omfalle kin yn de ekonomyske tsjinwyn.
Wy skriuwe no ein april en oer in nije 'publykspriis' ynsteld troch private partijen heart it publyk mar neat."

 

zondag 21 april 2013

It Hûs Kostverlooren




Flakkeret oer it Hûs Kostverlooren, iggerjend, in gloede nei
yn ’e Ruysdaelbocht. Dêr, dampende hynders wrinzgje wer,
fêstbûn foar de herberch. Do wolst, skipperjend yn dit listbreed
santjinde ieusk clair de lune, immen wêze wer fan ’e ierde.
Ta sa’n konsesje de delkwattele stikelgreiden ferliede,
dêr’t skilders ljipaaisochten en dichters sleatsjeljepten,
ek no’tst fromme roeiers bidden hearst – bisto dêr? do? wêr?
alwer? – en it fiere, hearzige roppen fernimst fan skonkige kij.

As ruter soest stapfoets oan it hûs foarbyride. Dat it gewoanwei
út dyn fingerseinen glide: neat te witten fan Amstelsneinen.
Lûd slacht de tsjerketoer. Reid liket yn inket bûchsumer.
Nylguozzen fleane út, op ’e wyn, wjok oan wjok. Skom spat op
fan de boegen fan preamen. En dy dêr, Belzen, Friezen,
kantige boerinnes, dy’t ûnbidige skoften dwersich te jûkjen steane
oan gammele, behierre, beblette stikeltriedstekken –
oan it gerzjen lêsto ôf hoe’t man en mûs fergeane.

Ferhuzerstiid, sei de toerklok. O, foarbydriuwers út it suden,
alle molke bûten bussen, ûnderweis nei in kust. No baarnt
oan dyn hege bûten in frjemde lampe. No leit in oare boat dêr fêst.
In ûnbekende flagge stekt parmantich út it lek pandak.
Om de rivier net te ferjitten, it nimmensfertriet oer de lucht
fan spyt en de smaak fan net-ûntheakke fisk, seist as yn in mantra:
net de stream is noait deselde, mar ik, oan wjerskanten wenjend
doe’t alle ljocht nei myn neiskildere loften gie.



.

Moarn yn it Friesch Dagblad: De harkboeken fan Audiofrysk

Moarn begjint de 'Week van het Luisterboek'. Reden foar jo reporter fan it Friesch Dagblad om syn ljocht ris op te stekken by Jan en Marja Schotanus fan Audiofrysk, dat wilens al sa'n santich Fryske harkboeken op 'e merk hat. Hoe rint dat?

"Schotanus: 'Fan in berneboek wurde de earste jierren in tritichtal ferkocht, benammen oan bibleteken. In roman as It ferset fan Harmen Wind hellet miskien 35. Toppers fan Rink van der Velde en Hylke Speerstra komme nei ferrin fan jierren út op in hûndert. Fan De kâlde krústocht binne lykwols mear as fiifhûndert stiks de doar út gien, mar dan wie dan ek in spesjale aksje'."

Foto-ekspo fan ein july ôf yn it HCL

zaterdag 20 april 2013

Tim de Vries plays Bach, Partita No. 2, BWV 1004, 3. Sarabanda

STUDIO OUDEBILDTZIJL (23): Een gedomesticeerde diersoort

F. Starik, Door (Nieuw Amsterdam, Amsterdam 2013). Boarne: de Contrabas

F. Starik (1958) schreef met Door zijn, als ik het goed heb, negende dichtbundel. Starik is geen onbekende in de ‘amusementsindustrie’, zo las ik op de site van zijn uitgever. Hij voorleest zich in een slag in de rondte, schrijft poëmen op aanvraag alsof het niets is en eert regelmatig een onbekende dode met een vers. Aan waardering van officiële zijde geen gebrek. Zo mocht hij in 2009 de Amsterdamse Prijs voor de Kunsten ontvangen, à een slordige 35.000,- euro, en van 2010 tot 2012 was hij Stadsdichter van Amsterdam, of beter, van de stadsdeelraad binnenstad. Als dank daarvoor kreeg hij het Ereteken van Verdienste van Amsterdam opgespeld, wat hem in een klap op gelijke hoogte bracht met beschavingsdragers als Willeke Alberti, René Froger en André Hazes. Misschien komt Starik nog het dichtst in de buurt van wat je tegenwoordig, althans in de hoofdstad, onder ‘volksdichter’ zou verstaan.

Alabama shakes

De dag nadat je thuiskomt van zo’n festival –
je bent weer even heel beroemd geweest,
de mensen zeiden dat het mooi was, vroegen
of je weleens vaker voorleest, want je kan dat
eigenlijk best goed en wat of dat je drinken wou.
Een vrouw van minstens zestig wilde weten
waar je dan van leeft, als je een dichter bent.

Van jou.
Dat moest je er wel bij vertellen.
De dag nadat je thuiskomt, onwennig en ontheemd,
bijna ziek van scheppingsdrang, zo vreemd alleen
in je angstwekkend stille huis.

Het gekakel in je hoofd, de ruis waarvan
je moet herstellen, de echo van een feest.
Je bent weer openbaar bezit geweest.

Bovenstaand gedicht is geplaatst in de afdeling ‘Festival’ (de bundel telt liefst zeven afdelingen). In het nawoord, waarin Starik in enigszins flauw proza allerhande ter sprake brengt over de gedichten die u zojuist las, staat over dit vers het volgende: “Festival schreef ik, in een machtige beweging, terugkerend van een festival, ‘bijna ziek van scheppingsdrang’. Altijd weer de beweging terug naar huis. Alabama Shakes is de naam van een fijne band die in de zomer van 2012 succes had met hun album Boys & Girls. De soundtrack bij dit gedicht, dus: ‘You Ain’t Alone’.”

You ain’t alone,
just let me be your ticket home...

Als dat niet de muze is, die de dichter schrijven doet, zijn ‘ticket home’. Die een dichter ‘ziek van scheppingsdrang’ gedichten doet schrijven. ‘In een machtige beweging’ nog wel! Meer verband tussen Alabama Shakes en het gedicht ‘Alabama shakes’ is er zo te zien niet. Dat is illustratief voor de werkwijze van Starik, die meest anekdotische, korte, bondige teksten schrijft die op keurige gedichten lijken. Ze zijn sober geformuleerd, rijmen waar mogelijk, zijn gepast ironisch, suggereren van alles maar maken, het moet gezegd, bedroevend weinig wáár onder en achter het soms nogal (zie boven) zinloze navelgestaar.

Volgens mij houdt Starik niet van poëzie. Hij houdt van status, aandacht, camera. Hij richt zich in poeticis tot de toenmalige Dichter des Vaderlands, Ramsey Nasr, neuriënd op de wijze – een randstedelijke polka natuurlijk – van ‘wij, volksdichters’. Een groet hier, een vermaning daar. Zo casual zit deze bundel ook inelkaar, iets over taal, iets over moeder, iets over ‘mijn stad’ en veel over de dood, maar niet te zwaar natuurlijk. Gelegenheidsgedichten zijn het, in een jaar of drie saamgeraapt en in los verband het bos van een bundel in gestuurd.

Ik merk bij mezelf niet de minste aandrang om Door te herlezen, en zelfs ben ik er maar met moeite toe te bewegen een gedicht te hervinden, me een regel te herinneren. Hoe komt dat? Het is allemaal ter zake en ook mis, het klinkt op en is tegelijk stil, het heeft iets en het heeft niets. ‘Cursus inburgeren’:

Een mens woont in zijn woorden,
in je verhaal daar ben je thuis.
Voor jezelf kun je niet vluchten,
je neemt je altijd mee naar huis.
Pas in de taal word je geboren,
je geeft de dingen een naam.

Toch: aan het woord muziek kan je niets horen
op het woord stoel kan je niet zitten
je kunt niets zien door het woord raam
en op het woord schoen kan je niet lopen.

Maar in gedachten doe je alle deuren open,
de deuren, waar je vergeefs voor hebt gestaan.

Starik, adstruerend: “In het eerste deel, SCRIPT, verdiepen we ons in de macht van het woord, de betekenis van taal. ‘Cursus inburgeren’ schreef ik, in mijn toenmalige functie van stadsdichter van Amsterdam, voor een organisatie ten behoeve van een buddyproject, waarbij vrijwilligers vluchtelingen bijstaan in hun poging Nederlands te spreken en te verstaan. Het moest een duidelijk en eenvoudig versje worden, zei men erbij, zodat ook de vluchtelingen zelf er wat aan zouden hebben.”

Vandaar de van Slauerhoff geleende woontaalmetafoor en de ook verder weinig originele inhoud. Vandaar de krakkemikkige formuleringen (‘in je verhaal daar ben je thuis’). Vandaar de warrige bewering, indien bewering, van het gedicht: jij, vluchteling, hoewel je in je eigen verhaal woont, word je in je nieuwe, dat wil zeggen, onze taal geboren, en ook al kun je verder niets met onze woorden, we doen toch maar een fijn een deur voor je open. Hiermee heeft Starik het politieke gedicht tot behaagzieke slijmkunst verheven. Maar, let op, dit vers staat in een afdeling waarin we “ons verdiepen in de macht van het woord”. Dat maakt natuurlijk veel goed.

En zo zit eigenlijk deze hele bundel in elkaar. Een duidelijke en eenvoudige bundel, zodat ook het volk zelf er wat aan heeft. Was de geëngageerde dichter in andere tijden nog een figuur die zowel bij het volk als z’n bestuurders weerzin opriep, die taal overdreef, op een woord uit de bocht vloog, met z’n lettergrepen tegen schenen schopte, wanen van klank najoeg, zegt u het maar, et cetera, tegenwoordig is dat allemaal heel anders. Sinds F. punt Starik is hij een gedomesticeerde diersoort, die z’n pagina’s kundig maar zowel politiek als poëtisch volslagen onschadelijk vol- en halfrijmt.



.

woensdag 17 april 2013

Janine Jansen plays Bach, Partita Nr. 2 in D-minor, 3. Sarabanda

Oer poëzij (3): Annotaasje by de syklus 'Omkearing fan fabels'

Guon minsken fine it lêzen fan gedichten dreech. Dat is it ek. Ik wit net oft ik sokke lêzers hjirmei help, mar it liket my by wize fan eksperimint wolris aardich en jou in annotaasje by ien fan myn eigen fersen: ‘Omkearing fan fabels’.

Dy’t no earst it wurd ‘annotaasje’ opsykje moat, kin dit stikje fierder wol oerslaan.

Ik jou hjir en dêr útlis oer wurden en rigels, wat net sizze wol dat dy útlis perfoarst altyd noadich is om it gedicht te ‘begripen’. Wol is it miskien sa, dat guon opmerkingen bydrage kinne oan in better begryp fan it gedicht cq. fan it fenomeen poëzij. Hoopje ik.

Fersen besteane út 'betsjutters': taaleleminten dy't in betsjutting krije yn it gedicht en dy't harren betsjutting ûntliene oan ferskate boarnen. Oan de taal sels, bygelyks (rym). Oan de werklikheid (beskriuwing). Oan de tiid (skiednis). Of oan keunst en mear spesifyk, literatuer (eardere taal). Hjirûnder sil ik gauris in 'betsjutter' oantsjutte dy't syn betsjuttende funksje ûntlient oan dy lêste kategory. 

‘Omkearing fan fabels’ is net in dreech tagonklik fers. It jout fjouwer lokaasjes om Ljouwert hinne, dy’t korrespondearje mei de fjouwer wynstreken. It fers is in kommentaar op ûntjouwingen oan de stedsrâne, sjoen troch de eagen fan de ‘underdog’: it plattelân, de doarpen, it grien, de bisten. It keart fabels om, sa’t de titel seit: de fabel fan de foarútgong, dy’t út it in oar eachweid wei deagewoan ferneatiging is, en de fabel fan Reynaert de Foks, dy’t hjir net troch minsken oardiele wurdt, mar hy oardielet minsken.

It motto by de syklus komt fan David Byrne (út ‘Heaven’ fan de Talking Heads) en antisipearret op de krityk dy’t lânskipsleafhawwers faak krije as se protestearje tsjin fernielings: "Do wolst dat alles itselde bliuwt."

By ‘Elkmansdyk, Ritsumasyl’:

Rigel 1: ‘Dit binn’ de dagen fan de omlizzende doarpen net,’
‘Dit binn’ de dagen’, dat docht tinken oan ‘Those were the days’, in bekend leafdeslied oer in ferlerne Gouden Tiid. Tsjintwurdich is it gjin gouden tiid foar doarpen tichtby in stêd. In wjerlûd komt werom yn it lêste fers fan de syklus, aansen mear dêroer.
Rigel 15: ‘(..) sânstoarm by El-Alamein’
Woastynplak yn Noard-Afrika, toaniel fan in tankslach yn de Twadde Wrâldoarloch.
Rigel 20: ‘(..) dûnset de dea syn rol fan swaan’.
Ja, swan, yn it Frysk, mar dat sis ik net. Ferwiist nei de stjerrende swaan yn it ballet Swanemar (1876) fan Tsjaikovsky, wêryn’t Odile (hjir: it plattelân) harsels opofferet foar Siegfried (hjir: de stêd). Ek is ‘De stjerrende swaan’ (1907) in balletsolo troch Michel Fokine skreaun op de sello-solo út ‘Carnival des Animaux’ (1886) fan Saint-Saëns.
Rigel 22: ‘(..) achter in read rút’.
Nijbou assosjearre mei prostitúsje.
Rigel 27/28: '(..) omlizzende doarpen'
'Omlizzende' doarpen hat yn it Frysk twa betsjuttingen: doarpen dy't earne omhinne lizze, of dy't om-lizzen gongen binne (har deljûn hawwe by).
Lêste rigel: ‘(..) dêr’t bannen brekke.’
‘Bannen’ kin hjir opfette wurde as rupsbannen (fan kranen, of tanks), knibbel- of inkelbannen (fan de dichter, de beuker en/of de ferhaaltsjebakker) en as de bannen tusken stêd en plattelân, of tusken in doarp en syn bûtengebieten.

By ‘Fagebuorren, Techum’:

Rigel 3: ‘(..) nije poarte (..)’
Yn de earste rigels wurdt de útwreidzjende stêd ferlike mei in midsieusk fort, dat út syn jaske groeit en de poarte ferlizze moat.
Rigel 7: ‘(..) de boargermasters foar in jier’.
Net ‘boargemasters’ mar ‘boargermasters’, om oan te jaan dat it hjir giet om in oantsjutting fan politike kopstikken dy’t de boargerij liede. It binne deselden as de ‘grize boumasters’ út rigel 1. Mei de taheakking ‘foar in jier’ wurdt oanjûn dat de gefolgen fan harren besluten folle langer bliuwe as harren sit yn it bestjoer duorret.
Titel en lêste rigel: ‘Fagebuorren’
Docht, nei de eardere ‘helske tariedsels’ yn rigel 14, tinken oan ‘fagefjoer’: it tuskengebiet tusken himel en hel. Tagelyk ropt it it wurd ‘faach’ op: yn negative sin net dúdlik.

By ‘Heechspanning, Lytse Geast’:

Rigels 4-6
Ferwiist nei feeskilder Paulus Potter (1625-1654), dy’t foar Amalia van Solms, de frou fan stêdhâlder Frederik Hendrik, in skilderij makke fan in pisjende ko. Dat foel net yn de smaak by frou Van Solms.
Rigel 12
As Potter dan gjin pisjende ko skilderje mei, wol er graach de ‘beplestikke sinnespegeltsjes’ oanpakke: de moderne, yn swart of wyt plestik ynpakte balen hea. Mar de foarútgong stiet him dat ék net ta, want boeren kieze foar ekonomy boppe lânskip. Hy stjert as him in golfbal tsjin de kop slacht.
Rigel 15: ‘Golf (..) de rêding fan dyn grien.’
It golfterrein en de Griene Stjer eastlik fan Ljouwert foarmje in daam tsjin de stêd; sa besjoen is it golfterrein de rêding fan it griene Potterske plattelân. De ymplikaasje is dat de stêd ‘grien’ (merk de analogy op mei de greens fan in golfbaan) allinnich wurdearret foar safier’t der rekreaasje yn plakfine kin.

By ‘Kontrapunt, Rengerspaad’:

‘Kontrapunt’ is yn de muzykteory it hoarizontaal ferbân tusken twa of mear lykweardige stimmen, yn dit fers dy fan stêd en plattelân.
‘Eclogue 4’, stiet der ûnder de titel. In ‘eclogue’ is in pastoraal (plattelâns-)gedicht fan of yn neifolging fan de Romeinske dichter Vergilius (70 f.Kr.-19 f.Kr.).
Rigel 1: ‘Tsjerkeseiseach’
Segestria florentina, in giftige mediterrane spin, dy’t de lêste jierren ek yn Nederlân foarkomt.
Rigel 6
Sitaat út ‘Eclogue IV’ fan Vergilius, de ‘messianistyske’ eclogue dêr’t de berte fan in bern de komst fan in ‘Gouden Tiid’ oankundiget (sjoch ek de opmerking by it fers ‘Elkmansdyk, Ritsumasyl’). Vergilius skreau syn eclogue as earbewiis oan konsul (in machtige bestjoerder) Gaius Asinius Pollio (75 f.Kr.-5 n.Kr.).
Rigels 11-12
De ‘omkearing fan fabels’ ferwiist nei it skilderij ‘Het leven van de jager’ (1650) fan Paulus Potter. Op ien fan de panelen fan it skilderij is de wrâld omkeard: de bisten berjochtsje minsken ynstee fan oarsom.
Rigel 14: ‘yn te wreidzjen (..)’
‘Ynwreiding’ is in wurd út de sosjale geografy: it tsjut op de útwreiding fan stêden binnen besteande bûtengrinzen, mei oare wurden, op in effisjinter brûken fan de romte, op it omkearde fan útwreiding.
Rigel 17: ‘(..) Mûzen fan ’e Ljouwerterbosk,’
Yn in bosk is it ferskil tusken muzen en mûzen in dakje op de -u. ‘Eclogue IV’ fan Vergilius begjint mei de oanhef: ‘Muses of Sicily’.
Rigel 19-20
Oars as - en yn omkearing fan - de eclogue fan Vergilius is dizze – en myn hiele syklus – net skreaun as earbewiis oan in Konsul, mar as protest tsjin  dy syn plannen, as warskôging, as kontra-punt.

*

Sjoch ek:
Oer poëzij (1): Krityk as klisjee
Oer poëzij (2): Regelmjittich folrym kin helpe

Buwalda-stjelp, Easterleane 4, Skraard (2)



Sjoch ek hjir.

Untwikkelje + stimulearje + beleane + belûke = fasilitearje


"Dy publykspriis, dat is in heimsinnich ding. "
"Hoesa?"
"As wy De Fedde efkes mei Kennedy ferlykje, wêrom net, dan is de noch yn te  stellen publykspriis Lee Harvey Oswald."
"Huh?"
"Ja, wat ik sis. De Fedde hat it tydlike al foar it ivige ferwiksele, mar in Jack Ruby is yn gjin fjilden of wegen te bekennen."
"Nee, logysk dochs? Dy publykspriis is ommers ek ûnder wetter."
"Hast 'm troch?"  
"Ik wit net..."

De Provinsje, ‘Grinzen oer’ - Yntegrale beliedsnota kultuer, taal en ûnderwiis, jannewaris 2013:

Talintûntwikkeling is nedich foar kreativiteit as produksjefaktor.
Talinten yn ús provinsje wolle wy stimulearje en beleane troch prizen oan har út te rikken. Mei de provinsjale prizen drukke wy yn it earste plak ús wurdearring út foar de priiswinner en syn wurk.
Dêrneist binne de provinsjale prizen der op rjochte de belutsenens fan it publyk by Fryske literatuer, muzyk en toaniel en by wittenskip, arsjitektuer, foarmjouwing, byldzjende keunst, en ûnderwiis yn Fryslân te fergrutsjen.
Spesifyk foar de literêre prizen jildt dat wy mei dy prizen by it lêzerspublyk mear omtinken jaan wolle oan de Fryske literatuer yn it algemien en de priiswinnende wurken yn it bysûnder.
Soks moat liede ta in stimulâns foar it lêzen en de ferkeap fan Fryske literatuer, bygelyks troch in werprintinge of in oersetting fan priiswinnende boeken. Op dy wize kin de merk foar Fryske literatuer fergrutte wurde. (..)
Wy geane net troch mei it útrikken fan de Fedde Schurerprizen yn de hjoeddeistige foarm.
Ynstee dêrfan wolle wy er op ta dat der in publykspriis komt foar it bêste Frysktalige boek fan it jier, dy’t ynsteld wurdt troch private partijen.
Wy wolle dy partijen dêrby fasilitearje.

De Werklikheid, april 2013:

It publyk heart wilens mar neat oer in nije publykspriis, ynsteld troch private partijen.
Dat kin ûnderskate oarsaken hawwe.
De private partijen binne noch net beneiere.
De private partijen ha der gjin nocht oan, want de private partijen ha neat mei Fryske boeken. En/of geane hast fallyt.
De private partijen hawwe der ál nocht oan, mar nijs folget noch; de private partijen binne fan doel om harren priis yn de Moanne fan it Fryske Boek 2013 te presintearjen.

De Fryske boeken hoopje fansels dat dat lêste it gefal is.
De talintûntwikkeling en de belutsenens fan it publyk by Fryske literatuer hoopje it ek.

Edgar Allan Poe yn Dedzjum en Nijlân

maandag 15 april 2013

Omkearing fan fabels

Heaven is a place where nothing ever happens.
David Byrne


Elkmansdyk, Ritsumasyl

Dit binn’ de dagen fan de omlizzende doarpen net,
roazich rotsjend op blabze, it weisakjend,
hast bouripe lân foarby it stoart. In bestean middenmank
oplûkende bloednoazen en bulldozers, citymakers,
bulldogs oan in toutsje. Hoefolle tiid nimt in drip
en rin, hjir achter it hynderkampke,
fan tille’s dauwiete lining ôf, en fal de sinne yn?
Oan de westike stedsrâne hat it winter west.
It kanaal is iisfrij ferklearre. Leechtes
folje har mei oare dagen. Noch in tel is oer
foar de rop fan de skries. In pear mear om stront
fan learzens te skraabjen. In oerke mar en jou it ear
oan it gers tusken soer krûd en broeiers.
Wat achter de kym weikomt, stoffich droanjend,
triljend as in sânstoarm by El-Alamein,
sil wol opsprekke oer syn útferkocht ballet
foar kranen. Dêryn dûnset, yn in wink,
op swart en flak, glêd en kantich
prachtich nij asfalt de dea syn rol fan swaan.
Likegau tutet optutte nijbou syn potinsjele
keapers ferriederlik ta achter in read rút.
Glês dat noch krekt, spegeljend wat foar him leit,
in glimp fangt fan de dichter mei syn sang,
de heit fan de beuker mei it alsjend each
of de amper bemantele ferhaaltsjebakker mei syn bijke.
Dagen dy’t farden troch it gers fan omlizzende
doarpen. Glês lit se in kill-zone yndrave,
yn greppels by in elkmansdyk, dêr’t bannen brekke.


Fagebuorren, Techum

De grize boumasters fan it fort, fan it trouwe slach
dat graach kaarten kleuret yn de Grutte Seal,
kieze it plak foar de nije poarte leafst
sa fier mooglik bûten de âlde. De stellingen
nei tûke rekkenerij mei oerlis groeven,
de stegers opboud, sa klauwe se yn,
skutte se ôf, de boargermasters foar in jier.
En de boargerij streamt út, de opskuorgebieten oer.
Ferballet âlde en sjongt eigen lieten,
komt mei falske kraai en sjerrifstjer,
ferkeapet fastfood, Graal en idelheden.
As earste yn ’e grûn it ynformaasjeboerd.
Tsjin elk dy’t tinkt dat er wit wat er lêst
út de helske tariedsels fan in útwreidzjende stêd –
it dumpen fan science-fiction buizen
út in loftskip, de net te kearen krúspunttocht
fan stiennesmiters, it rezjimint dat koaltsjefjoer
oprekkelet ûnder oalje, dei yn dei út dizze
op en del reizgjende bliktsjetteldragonders –
sis ik: hoesa brûst er net oer muorren hinne,
en inkeld dat net, mar oer besteansgrinzen,
Techum, baarnend retrodoarp? Fort syn fagebuorren?


Heechspanning, Lytse Geast

Net in snipper fan in noch te ferskuorren skilderstik,
net in snypsnaar om op lêzings
foar planologen mei te pronkjen.
Nee, Potter, sei ik, beleaven gjin ko
op syn ûnfoardielichst, foar in Amalia
no yn Delftse kelder royaal bedobbe:
dit is by eintsjebeslút de Tytsjerksterfeart.
Doe soe er beplestikke sinnespegeltsjes oerskilderje
op in oranje jûn, yn in nei waarm útskaaiende
kleur grien, mei tûfkes goudstof foar de iik
(dy’t der net is) op ’e achtergrûn.
Tikke him krekt op dat stuit net in golfbal tsjin ’e kop?
Net ien hie it dien, mar Potter krige klop, a hole in one,
fenomenaal chapeau, hielendal oer in lyts wiel hinne.
(Golf, myn bêste P., sei ik noch, is de rêding fan dyn grien.)
Ferfoarme ûnder heechspanningstriedden
lûden syn twa lêste wurden net as “Aqua Zoo”
mar as “Lytse Geast”. Dat plak sil ik hinne.
Tsien letters op in kaart dy’t ik net mear ha.
Tsien minuten geans, te foet, fan hjir. Dan gean ik mar.


Kontrapunt, Rengerspaad

(Eclogue 4)

Gersmoanne. In kemping. Tsjerkeseiseach
krûpt noch net troch de tinten.
Bilgaard hâlde ho doe’t de gletsjer ophold fan skowen.
En poddestuollen, de reidspleetlip en elzeblaas-
skimmel, achthûndert soarten floara en fauna, seit de folder.
Sing we woods, woods worthy of a Consul let them be.”
Paden slingerbochtsje troch romtebeslach
dat logysk smakket. Tiid fan hannelsposten,
diggels fan potten, yngroeven en fergetten,
of oars mar de suggestje fan lânskipstún.
Mar tsjinwrâld. Kontrapunt. Omkearing
fan fabels: yn dit tafriel fan de jacht is it Reynaert
dy’t minsken hjit dimmen te wêzen,
yn te wreidzjen, sunich te sjen.
Oare kant it B-filmljocht yn de fytstunnel
wit ik beammen dy’t beton opkeare, al tinke de measten
oan in útlitplak foar de hûn. Mûzen fan ’e Ljouwerterbosk,
ferjou my as ik op kattesturten traapje,
gjin klimop mei doleânsjes plantsje, gjin geiten
fan molke opswold fok as earbewiis oan de Konsul.
Op it Rengerspaad komt de maityd dy’t alles nij makket
mei deselde ridel stokjesykjende rotweilers as ferline jier,
mar dat is dus net it punt.




.

Woansdei yn it Friesch Dagblad: Roomsker as de paus

Woansdei yn it Friesch Dagblad wer in Skroeier, oer bedriuwen dy't op basis fan taal diskriminearje. Under mear de Kiosk fan de NS yn ‘in grut Frysk plak’ komt op it aljemint. Soene de foarljochters fan de spoarwegen no oeroeren draaie om wat krom is wer rjocht te praten? En o, hoe is it oars mei de website fan de Provinsje?  

“In fergese tip foar deselden: sjoch ris op de offisjele webside fan de Provinsje Fryslân. Liket it bedriuwslibben minsken te ferbieden om Frysk te praten tsjin klanten, de Provinsje fynt it sels net iens de muoite wurdich om de befolking yn de eigen taal ta te sprekken! Moatte wy de NS no oanklage? Of krekt de Provinsje? Dy ferberget him op de webside achter Nederlânske teksten mei de earste alinea yn it Frysk. Oersettings kinne oanfrege wurde... Roomsker as de paus wêze; dat kinne wy fan in NS net freegje.”

zaterdag 13 april 2013

Oer poëzij (2): Regelmjittich folrym kin helpe

Fiel ik syn fuotstap nêst my yn ’e rein?
hoe heucht it my: besiden manljusstappen
dat earste dribbeljen en ’t aloan snappen
oer grien en geld as er my brócht in ein;
‘Jan seit, in plysje dat is in agent’;
‘it iis hâldt al in bytsje by de brêge’;
soms spile er mei myn gongelstok de sêge
fan Willem Tell of fan Old Shatterhand;
en ’t fotteljen waard trêdzjen linkenoan:
op lette kuiers ûnder stjerrewrâlden,
syn halen lang en amper by te hâlden,
krige ús petear in dreger ûndertoan;
deselde nachtloft speeg’let yn ’e feart,
en ’t is deselde tille fan foarhinne,
mar ’k mis syn stap nêst mines, ’k hear allinne
de rein, de rein, de rein en fierder neat;
dy smelle wollen fûst yn myn glacé’s,
dat feintepraat yn ’t lêst, de klap op ’t skouder,
nea wie er neier my en nea fertrouder…
it is foarby, elk omsjen is fergees.

Dit twadde fers fan de syklus ‘In memoriam’ (1968) fan Douwe Tamminga kin model stean foar de hiele syklus wat de wurkwize fan de dichter oanbelanget. Tamminga hat keazen foar in tige formele oanpak by it skriuwen oer de dea fan syn (iennichste) soan. Gean mar nei: in fiiffuottige jambe, folrym, tweintich rigels. Allegear klassike beheiningen dus. Wêrom?

Dat sil foar in part mei it besykjen te krijen hawwe om dit tige persoanlike tema boppe partikulier leed út te tillen, it in bredere sizzingskrêft te jaan. Regelmjittich folrym kin dêrby helpe. Fanâlds is rym in technyk dy’t derfoar soarget dat wurden en rigels better ûnthâlden wurde kinne, ûntstien yn in ‘orale’ tiid doe’t der noch gjin papier wie om op te skriuwen. Rym bliuwt hingjen.

Twads heart rym by in taalmuzyk dy’t de wurden sá klinke en werklinke litte wol, dat se ‘wier’ wurde, ek yn de eagen en earen fan in lêzer dy’t (noch) gjin eigen ûnderfining hat mei it tema fan it gedicht. Wurden krûpe ommers gau op ’e klank nei inoar ta en dogge dan krekt as hearre se fanselssprekkend byinoar. Treds is it regelmjittich rymjen, sa’t it hjir tapast is, in technyk dy’t de lêzer oantrúnt om fierder te lêzen: hy wurdt meinommen yn in evenredige stream nei de ein ta.

Op it fjirde plak kin rym ynset wurde as assosjaasjemiddel: it sykjen nei in rymwurd smyt fynsten op, dêr’t de skriuwersgeast út himsels miskien net dalik opkommen wie. Sjoch bygelyks hoe’t Tamminga hjirboppe oerspringt fan it iis dat hâldt ûnder de ‘brêge’ nei de ‘sêge’ fan Willem Tell. Rym komt op sa’n wize al te ‘optochte’ wendingen yn it ferhaal fan it fers tefoarren en lit de dichter tagelyk ûntsnappe – as der teminsten gjin sprake is fan rymtwang (in rymwurd dat dúdlik net oer alle boegen foldocht mar der wie gjin oar te finen) – oan it gefaar fan foarsisberens.

In keazen rymfoarm, ta beslút, kin ek noch wat sizze oer it gedicht as gehiel. Tamminga brûkt yn syn ‘In memoriam’ omearmjend rym: ABBA, wêrby’t it manlik rym (op it lêste wurdlid, dat beklamme is: ‘feart/neat’) it froulik rym (op in beklamme wurdlid foar it lêste ûnbeklamme wurdlid: ‘stappen/snappen’) omearmet. Yn dizze syklus fielt de lêzer de manlike earm fan de heit om de soan hinne, en dat korrespondearret mei de funksje fan it ‘In memoriam’: it eigen leed wurdt útsein, mar tagelyk wurdt de soan yn en troch it gedicht ‘beskerme’, dat is, ferivige yn poëzij.

*

Sjoch ek: Oer poëzij (1): Krityk as klisjee

Resinsje fan de bondel 'De sneinen' fan Aggie van der Meer yn it Friesch Dagblad, 13 april

vrijdag 12 april 2013

Resinsje Eppie Dam fan Ravensulver / Ravenzilver, LC 12 april

H.H. ter Balkt - Hymne aan een veldleeuwerik

Straf kreeg zo menigmaal linde, veldmuis,
varken, wegens omvallen, graanvraat of iets
ergers. Nu verwoesting heilig verklaard, ben
jij, roest, zilver en jij, veldleeuwerik

zanger en balling. Heen ging menige
vogelveer, maar jij, frêle verdwijnpunt, stijgt en
daalt nog aan de hemel ook belt geworden:
haard van ruwgevederde rook en geur.

Jij, laatste rebel! Beraam je nog iets bij
de kluisters van roet en steen, vliegroutes
van niets naar nergens, de Zadkine-zangen met

uitgehakt hart? Sta ons bij, klein verenpak.
Houd met halm en aar hoog de lantaren
van de goudglans van eeuwen, gloed en geloof.


(H.H. ter Balkt, út: Laaglandse hymnen, 2003)