zaterdag 27 april 2013

Fryske Akademy plent leksikografyske genoside

De Fryske Akademy wol taalfariaasje útroegje. Der moat in ‘standert’ komme: in dúdlike oanwizing hokker wurd de standert is. En hokker oare wurden dat dus net binne. Dat moat allegear fêstlein wurde yn in ‘standertwurdlist’, sis mar it Fryske griene boekje.

Yn harren ‘Advys regeloanpassing Fryske stavering’ (Fryske Akademy, 18 jannewaris 2013) skriuwe Pieter Duijff, Frits van der Kuip en Anne Dykstra it folgjende: “Foar minsken dy’t it Fryskskriuwen leare wolle, jout in dúdlike standert hâldfêst en moed om troch te setten. Learlingen en studinten hâlde ek fan dy dúdlikheid. Dy hearre net graach dat rûmte goed is, mar dat romte ek wol kin. Fertel my wat ik brûke moat, en net wat allegear ek noch kin. Fan belang is wol om foar eagen te hâlden dat de term standert gjin wearde-oardiel ynhâldt. Romte is út soarte ek goed Frysk, wy prate allinne ôf dat wy rûmte foar kar nimme as standert.”

Anne Dykstra, dy’t ferantwurdlik is foar boppesteand taalútroegers proaza, komt grif út ’e Wâlden. Hy wol ‘rûmte’ ta de standert meitsje, op kosten fan ‘romte’. Dat is nuver, want sawol myn Zantema-wurdboek Frysk-Nederlânsk as it grutte Wurdboek Fryske Taal (WFT) jouwe ‘romte’ as de standert, en ‘rûmte’ as twadde mooglikheid. It kin wêze dat leksikograaf Dykstra hjir de skiednis efkes útwiskje wol op grûn fan nije ynsjoggen, mar wierskynliker is dat syn hiele projekt fan it oanwizen fan standertfoarmen by de namme neamd wurde moat dy't it fertsjinnet: it is leksikografyske genoside.

Wy prate allinne hielendal net ôf dat wy ‘rûmte’ foar kar nimme as standert, Anne. Wy prate al ôf dat ôfrûne woansdei de lêste kear wie dat de Fryske Akademy op eigen manneboet útstellen docht oer ús stavering en oer 'standert' wurden, dy’t dan ek noch oannommen wurde troch in Steatekommisje én de Steaten. Gelokkich is de definitive fêststelling pas takom jier.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie plaatsen