maandag 8 april 2013

Woansdei yn it Friesch Dagblad: Ferhûddûke boeken

Woansdei yn it Friesch Dagblad wer in Skroeier, diskear oer de 'ferkeap út hûs wei' fan Fryske boeken troch de stichting Boeken fan Fryslân. Ferkeapers krije boeken fia de Afûk en meie 25 persint fan de opbringst sels hâlde. Op it earste gesicht in oannimlik inisjatyf. Mar wat fynt de boekhannel derfan?

"Dochs is it mar de fraach oft de nije koerts fan de Stichting Boeken fan Fryslân, lynjend op lytsskalige ‘ferkeap út hûs wei’ fan boekferkeapjende bijklussers, oer alle boegen yn it belang is fan it Fryske boek.

Jout dat boek op dizze wize net syn lykweardigens op? Ferdwynt it aansen hielendal út de boekhannel? En dêrmei miskien ek wol foar in grut part út de media? Lit it him net te maklik feroardielje ta in ferhûddûke bestean yn in ûnsichtber sirkwy fan goodwill en heale frijwilligers? En hokfoar soart lêzers wurdt op dizze wize betsjinne?"

Geen opmerkingen:

Een reactie posten