maandag 13 mei 2013

Hjoed yn it Friesch Dagblad: Middei Obe Postma Selskip yn Koarnwert

Snein hie it Obe Postma Selskip in foarlêsmiddei yn it tsjerkje fan Koarnwert. Trettjin Postma-leafhawwers liezen in fers fan Postma en leinen út wêrom't se krekt dat fers keazen hiene. Hjoed in ferslachje yn it Friesch Dagblad:

"Teake Oppewal, meiwurker fan Tresoar, wiisde op it belang fan yntertekstualiteit yn Postma syn wurk. Hy lies ‘De lodde’ en werkende dêryn in réaksje op in begraffenisfers út de njoggentjinde ieu. 'Hy reagearret op Eeltsje Halbertsma. By Postma is de lodde net it symboal fan de dea, mar fan it warbere libben.'

Fris wie de kar fan fersen dy’t net faak blomlêsd wurde. Dat net elke leafhawwer fan poëzij ek in goed foardrager is, die lykwols ek bliken. Troch guon waarden prachtich rinnende rigels yn koarte stikjes opknipt sûnder reden. Soks is spitich, want it nimt Postma ien fan syn belangrykste sjarmes ôf, de muzikaal-retoryske en ritmyske rin fan it fers."

Geen opmerkingen:

Een reactie posten