maandag 20 mei 2013

It Skriuwersboun is, uuuhhhhh, neutraal

It bestjoer fan It Skriuwersboun hat besletten him neutraal op te stellen yn de diskusje oer de foarlizzende staveringswiziging en de op steapel steande ferplichtsjende Standertwurdlist foar oerheid en ûnderwiis.

Unnoadich te sizzen dat ik besjen moat oft ik myn lidmaatskip noch wol ferantwurdzje kin foar myn ideeën oer it behertigjen fan skriuwersbelangen oer. Benammen de selsferklearre neutraliteit fan It Skriuwersboun foar de útstelde dialektseleksje yn de nije staveringshifker oer is ferbjusterjend. Allyksa it feit dat it Steatebeslút dat ien en oar tariede moat, datearret fan in moanne lyn en noch altyd is der neat op de side fan It Skriuwersboun oer te fernimmen.

De leden fan It Skriuwersboun kinne meikoarten in Oprop oan Provinsjale Steaten fan ús aksjegroep yn de mailboks ferwachtsje. Wy sille de leden freegje om dy Oprop mei te ûnderskriuwen. It Skriuwersboun hat yn it ramt fan syn neutraliteit wegere om de Oprop oan de leden troch te dwaan.

2 opmerkingen:

  1. IT SKRIUWERSBOUN soe op syn minst de leden freegje kinne hoe't it BESTJOER him ut namme fan de leden opstelle moat.

    It Skriuwersboun kin net ta mei GJIN MIENING,
    want it ûnderwerp hat te krijen mei it materiaal dat de leden brûke. Jo ha gjin miening as je gjin benul ha fan de matearje dy't ûnderwerp fan petear is.

    As in Skriuwersboun al gjin diskusje wol, him streekrjocht achter de macht en it gesach pleatst dan hoege je as skriuwer fan sa'n Boun neat mear te ferwachtsjen.

    In goeie diskusje dy't no plak fynt (dêr't ridlike alternativen ut komme foar de krankjoareme utstellen) is yn it belang fan de skriuwers. De Fryske Akadeemje hat al lang lyn ôfskied nommen fan it Fryske folk - dochs de drager fan it Frysk - en mei dizze nuvere manœuvre oangeande stavering en foarkarutsprekken slut se har helendal op yn de kokon fan de op 'e Doelestrjitte.

    It Skriuwersboun kin dêr no in NEUTRALE keamer sykje. Mei stipe fan it Skriuwersboun wurde de skriuwers troch FA en Provinsje as slachtbargen ôffierd nei it taalabatwaar.

    Skriuwers neutraal oangeande represje fan it gesach? A me hûla of hoela. Jésus! Of dochs jesoes (Chesoes yn 't Spaansk)??? Myn tonge is no al op 'e rin.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Pieter Breuker20 mei 2013 om 03:56

    'NEUTRAAL' OF 'FERDIELD'?

    It is my net dúdlik hoe't it bestjoer fan it Skriuwersboun 'neutraal' wêze kin (mar wêr is dat te lêzen? Oant no ta net op de webside fan it S.) As bestjoer ferdield, dêr kin ik my wat by yntinke, mar men is as yndividu dochs pro of kontra (sij it mooglik mei alderhanne nuansearringen)? As 'neutraal' werklik 'ferdield' betsjutte soe, dan hoege de yndividuele leden fan it bestjoer om my foar de leden fan it Skriuwersboun en foar de bûtenwrâld net mei de billen bleat, mar it soe de 'Oprop oan Provinsjale Steaten' dy't it krigen hat, as bestjoer trochmaile moatte nei de leden, mei as taljochting: wy binne ferdield. De leden binne mânskernôch om de Oprop al of net te ûndertekenjen. It giet hjirre om in belangrike saak, dy't net op in bestjoerstafel lizzen bliuwe mei.

    P.S I: yn de Oprop meitsje sân minsken (Eeltsje Hettinga, Goffe Jensma, André Looijenga, Elske Schotanus, Abe de Vries, Henk Wolf en ûnderskreaune beswier tsjin de FA- en PS-plannen oangeande staveringsferoaring en dialektseleksje).

    P.S II: ek sûnderdat boppeneamden de Oprop al apart oan skriuwers tastjoerd hawwe, hienen har op 18 maaie fan de doe al lyts 40 ûndertekeners tsien sels (ek) as 'skriuwer'/ 'dichter' typearre.

    Pieter Breuker

    BeantwoordenVerwijderen