dinsdag 4 juni 2013

Moarn yn it Friesch Dagblad: De Echte Fryske Skriuwtaal

Woansdei yn it Friesch Dagblad wer in Skroeier. De Moanne fan it Fryske Boek is yn september/oktober, mar juny is dit jier de Moanne fan de Fryske Taal, sa liket it wol:

"Wêr leit de oarsaak fan alle trammelant? Dy leit yn it tinken dat de oerheid – Provinsjale Steaten – troch yn te gripen yn de regels foar de Fryske skriuwtaal it brûken fan dyselde taal befoarderje kin. De taal soe ‘makliker te learen’ wurde, hy soe ‘logysker’ yninoar sitte en der soenen minder wurden komme foar itselde ding. Dat allegear soe fan it Frysk in Echte Taal meitsje.

De oerheid moat dat allegear net wolle. De skriuwpraktyk sels moat it dwaan. Wol kin de Provinsje in better foarbyld jaan. Foar it skriftlik brûken fan de taal bettere kondysjes skeppe. Foaral nét foarskriuwe watfoar taal wol en watfoar taal net op de Olympus fan De Echte Fryske Skriuwtaal omhingje mei. Soks skrikt elk dy’t Frysk lêze en skriuwe wol allinnich mar ôf."

Geen opmerkingen:

Een reactie posten