maandag 17 juni 2013

Woansdei yn it Friesch Dagblad: Ik gerust mijn zaak

Woansdei wer in Skroeier. Oer de 'ynformaasjejûn' dy't de Provinsje en de Fryske Akademy op 28 juny hâlde wolle oer de taalellinde. Mar hee, de aksjegroep dy't okkerdeis in Oprop oan Provinsjale Steaten die mei 104 hantekeningen derûnder is net útnoege. Alteast, mar ien fan de leden fan de groep is útnoege, in oarenien wurdt ek neamd as sprekker mar hat op 28 juny wat oars. Want wist fan de datum neat ôf. Ja, dat krije je as je wol diskusearje wolle mar net út binne op krityk. In útwei út it akademyske taalwaterloo is oars net sa hiel dreech te betinken:

"No it goede nijs. De oplossing is simpel. Op de ynformaasjejûn kin fêststeld wurde dat isolearre staveringswizingen ûnwinsklik binne, oant der op in letter tydstip yn breder maatskiplik ferbân oer praat is. En ek foar it ûnhillige idee fan in standertwurdlist is der goed nijs. De staveringshifker dêr’t it ûnderwiis ferlet fan hat en dêr’t de FA oan wurket kin ek hiel goed sûnder dialektseleksje makke wurde.

Bewarje dy standertwurdlist mar foar it Google-translate programmaatsje, it wûnder dat fan it Frysk lang om let in echte taal meitsje sil. Oait op ynternet soks foar it Ingelsk nei it Nederlânsk brûkt? Krekt. Ik gerust mijn zaak."

Geen opmerkingen:

Een reactie posten