zondag 22 september 2013

Douwe Tamminga - Lofbaarnen



LOFBAARNEN

De dagen geane ûnder
Yn wazich-waarme glâns,
It âld-belibbe wûnder
Rint de ekers oer en lâns.

De dagen krieme jimmer
Yn koarter, têder kear:
De útsetter fan 'e simmer
Yn hiele hear en fear.

Dit feest giet ûngemurken
Sa dimmen om en ta,
Sa stilwei yn 'e wurken
En wol gjin namme ha,

Gjin krânse is der wuolle
Ta dizz' bestille freugd';
De frucht út 'e eker dolle,
Rûn en glêd fan deugd.

Lang ûnder lof en klimmer
Hat ree te rypjen lein
De risping fan 'e simmer,
No ûnder heappen slein.

Gjin krâns', mar in krûdige prikel
Driuwt yn 'e jûntiid oer,
Mei 't bidden fan in wikel
Tsjin 't ûndergeande fjoer.

Dan, yn in stadich einen,
As blink foar goede dea,
Begjint oan al de einen
In baarnen sêft en rea.

De loft fan blide boeren
Giet oer de bouwen rûn,
It binne har alterfjoeren
Dy't baarne yn 'e jûn.


(Douwe Tamminga, út: Brandaris, 1938)

Geen opmerkingen:

Een reactie posten