vrijdag 11 oktober 2013

Koart ferslachje 'Mantgumgroep' yn Tresoar

Ferline jier desimber wie der yn Mantgum in brainstoarmgearkomste mei as ûnderwerp it literêr promoasjebelied fan Tresoar. Justermiddei yn Tresoar wie der in fuortsetting fan dy gearkomste en is der troch de oanwêzigen – dy’t dêr op útnoeging wiene – benammen sjoen nei de takomst. Oanwêzich wiene in tal minsken fan Tresoar, bibleteken, ien Tresoarmeiwurker/skriuwer en twa skriuwers.

Wat der konkreet misgien is it ôfrûne jier is sydlings oan de oarder kaam cq. troch my oan de oarder steld. Dêr lei de fokus net: der is foarút sjoen, út it idee wei dat it Frysk-literêr systeem yn in krisis sit en mei de fraach yn de achter- en de foarholle hoe’t it oars moat. Foar in part gie it dêrby om it takomstich belied fan Tresoar, foar in part gie it ek om de te ferwachtsjen cq. op te hoopjen ynbring fan de rest fan ‘it fjild’: tydskriften, Skriuwersboun, ensafierderhinne.

Neitocht wurdt oer it gearwurkjen mei eksterne partners wat it organisearjen fan Moanne fan it Fryske Boek-aktiviteiten oanbelanget. Der sil de kommende jierren swierder ynset wurde op promoasje fan Fryske literatuer en it ferheegjen fan de status fan skriuwers troch oan te knoopjen by festivals sawol yn as bûten Fryslân. Idem op it stik fan saken fan in doarpetoer cq. karavaan wêrby’t boeken cq. skriuwers de boer op gean. In ynternasjonaal útwikselingsprogramma yn gearwurking mei bûtenlânske universiteiten komt der ek oan.

En miskien wol it belangrykste punt: de fraach kaam nei foarren hoe’t de Fryske literatuer in rol spylje kin yn it trajekt-2018. Ynhâldlik is dêr net oer praat: it ferlet fan ideeën op dit mêd dy’t oanslute by it bidbook is oanjûn. Dúdlik waard dat Tresoar diskusjes en ideeëfoarming hjiroer stimulearje en fasilitearje wol en dêr sille ek inisjativen foar nommen wurde. De hoop waard útsprutsen dat de oare 'spilers’ yn it ‘fjild’ har de kommende tiid ek bewustwurde fan de kânsen dy’t it 2018-trajekt opsmyt.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten