vrijdag 27 december 2013

Ravensulver op nûmer 1 yn LC

4 opmerkingen:

  1. Fraach 1 -
    Oer taalbehearsking:

    is dy bûtengewoane poëzy ferloedere ?
    of
    is it oardiel oer dy poêzy ferloedere?
    of
    is it net erkennen dat it bûtengewoane poëzy is in foarm fan ferloedering, dêr't 'ferloedering' dan bestiet ut mear foarmen (=graduaasjes) fan ferloedering?

    Fraach 2 -
    Hokker tiidgenoat-dichter soarget der foar dat De Vries yn it skaad stiet dichtsje en libje moat?

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Goeie Josse, it is hjir net in kwesty fan taalbehearsking, mar fan lêshâlding, soe ik sizze... Wa't der mei 'dichters' dy't yn it skaad steane oantsjut wurde? Dy't de skoech past, moat him foaral oandwaan. De ferloedering moat dêr tink socht wurde, by it espeltsje wilens krebintige skribinten dat al oer poëzij skriuwe wol, mar net goed oer poëzij skriuwe kin. Neffens Eppie. In observaasje dêr't ik my graach by oanslút.

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Goemiddei Abe,
    Ik wit net oft ik by dat espeltsje 'krebintige' skriuwers hear en dus bydraach oan Dams ideeën oangeande ferloedering, mar ik begryp echt net wat hy skriuwt oer dyn poëzy. Ik haw syn tekst analysearre op grammatikanivo - ûnderwerp, tiidwurd en objekt, etc. - mar it bliuwt tsjuster. Fandêr myn fragen. Foaral ek meidat ik oer dyn poëzy skreaun haw, en in deel heel goed fûn.
    By wa soesto yn it skaad stean? Ek dat sjoch ik net. Fryslân hat hjoed de dei heel wat goeie dichters ûnder dyn tiidgenoaten.(ik nim oan dat bedoeld wurdt leeftiidgenoaten). Dam soe dudliker skriuwe moatte wa't neffens him syn miening net diele. Foar my hat dudlik skriuwen mei taalbehearsking te krijen.
    En wa binne dy krebintige skriuwers dy't wol wolle mar net mear kinne? Hearre jo der by as jo 60 binne? Of 70? of noch âlder of jonger? ik bedoel, wat is krebintich? Do slutsty oan by Dam, dus hast der sjoege fan.

    BeantwoordenVerwijderen
  4. Ik leau net datsto hjir bedoeld wurdst, Josse.

    BeantwoordenVerwijderen