maandag 2 december 2013

Woansdei yn it Friesch Dagblad: Mei yn de mondiale ferkeap

Woansdei wer in Skroeier yn it Friesch Dagblad. It Nederlands Letterenfonds is gauris yn it bûtenlân te finen om Nederlânske skriuwers te promoten - mar Fryske boeken wurde mar ien kear yn de trije jier yn it bûtenlânske omtinken brocht, en dan ek allinnich op de Buchmesse yn Frankfurt.

It fûns en in tal skriuwers binne krekt werom út Moskou fan in beurs mei non-fiksje boeken:

"As Moskou de folgjende kear fiksje hawwe wol, moatte wy der, ynklusyf diskusje, dochs by wêze. Miskien dat it Russyske lêzersfolk op de eartiidske kolchozen massaal falle sil foar Reinder Brolsma’s masterwurk ‘Grûn en minsken’, út 1940? It is wilens noch ûnwis oft de Dútsers yn de Fryske skriuwerij wat sjoen hawwe. De risseltaten fan de ‘Books from Fryslân’-aksje, dy’t yn 2016 wer plakfine sil, moatte noch bekend wurde cq. bliken dwaan."

Geen opmerkingen:

Een reactie posten