donderdag 16 januari 2014

Lit Fryske Akademy bestjoerlik opgean yn UCF

Op Facebook wurd ik gewaar dat ien fan de deelnimmers oan it ‘staveringsoerlis’ fan provinsje, Fryske Akademy en in groep kritikasters him weromlûke sil út de petearen. “Ik ha net de yndruk dat it wat opsmyt,” is it boadskip. 

Ynhâldlik wurdt net op de arguminten fan de tsjinstanners fan de útstellen yngien, dat, wat hat it foar doel? Mar der ís fansels ek gjin ynhâldlik ferwar. Net tsjin de list fan beswieren dy’t in groep fan mear as hûndert saakkundigen ferline jier ynbrocht hat tsjin de plannen fan de Fryske Akademy, plannen om (wer) staveringsferoaringen yn te fieren en om standerdisearring te formalisearjen, dat wol sizze om formeel oan dialektseleksje te dwaan. 

Dat de FA gjin wjerwurd hat, wie ferline jier al dúdlik. En dat de FA ek nei it oerlis fan ein ferline jier net fan syn dwaalwegen weromkomt, tsjut derop dat it oan de Op ’e Doelestrjitte helendal net draait om ‘ynhâld’. De konklúzje is dan dat it allinnich mar om sinteraasje giet. De FA hat in provinsjale opdracht ynboekt en hat it jild noadich foar de bedriuwsfiering. Sa simpel is it. 

Dêrmei bringt de Akademy it Fryske ‘fjild’ yn in lestige posysje. Fansels, de FA is in wichtich ynstitút dat net ferlern gean mei. Mar wat der no bart, is dat de Akademy bûten elk oerlis mei it ‘fjild’ om - en troch foarby te gean oan alle beswieren - mient syn eigen finansjele takomst feilich stelle te moatten troch putsjes oan te nimmen dêr’t fierder net ien op sit te wachtsjen. Der is mei oare wurden sprake fan in managementprobleem, en fan in fersteurde relaasje tusken ynstitút en maatskippij. 

Hoe moat soks oplost wurde, op in wize dy’t de takomst fan de FA, en fan it wurk oan de FA, feilich stelt? 

It leit foar de hân om te tinken oan in bestjoerlike fúzje mei de University Campus Fryslân. In FA dy’t opnommen wurdt yn in folle breder wittenskips- en ûnderwiisfjild sil sa gau de ‘feeling’ mei Fryslân net kwytreitsje. Sa’n FA sil faaks ek profesjoneler bestjoerd wurde kinne. Nei bûten ta hoecht der neat te feroarjen, mar achter de skermen kin dan einlings it ien en oar oan bystjoering plakfine. 

Ik soe sizze: in streek troch dat staveringsoerlis. In streek troch de minne foarnimmens. En hoppa, in oare koerts, de sokken deryn, ûnderweis nei in Fryske Akademy dy’t – yn in oare konstellaasje – wat fan syn âlde gloarje weromfynt.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten