dinsdag 7 januari 2014

Moarn yn it Friesch Dagblad: Paadwizers fan de preek

Moarn wer in Skroeier yn it Friesch Dagblad, diskear oer de betinking fan de earste Frysktalige preek, hûndert jier lyn:

"‘Jou ús de Heit te sjen’ waard publisearre mei twa lêzingen dy’t Bakker holden hie foar kriten fan it Ald Selskip, ien oer Gysbert Japicx as kristlik dichter en ien oer de eigenheid fan ‘de Friezen’. De preek hat in belangrike befrijende taaldied west, as earste preek holden yn it Frysk en ek as earste preek publisearre yn it Frysk. It jout de tekst in grutte literêr-histoaryske wearde: hjir lêze wy it sinjaal en de oantrún foar de taal om sines fan it tsjerklike libben op te easkjen.

Dat ds. Geert Wumkes pas in lyts jier letter by in ‘gewoane’ tsjerketsjinst it Frysk brûkte, docht neat ôf oan syn fisy en moed. Mar dat Bakker de foarstap naam hat is dúdlik. As it yn maaie 2014 en jannewaris 2015 yn de Frysktalige tsjerkewrâld op betinking en earbewiis oankomt, soe faaks in kombinearre ynspanning, dy’t beide paadwizers rjocht docht, winsklik wêze."

Geen opmerkingen:

Een reactie posten