vrijdag 31 januari 2014

'Niet fatalistisch, wel bezorgd'

Yn it essay ‘It eksperimint fan de ôfbraak. Problemen fan in postmoderne poëtika’, publisearre yn Identiteit & kowesturten (2008), en yn in Nederlânske oersetting yn it tydskrift De Revisor, ha ik koart oanjûn hoe’t yn it Amerikaanske pragmatisme de moraal grûndearre wurde kin yn de filosofy, ek sûnder út te gean fan alles omfetsjende etyske teoryen. Ik sitearre dêr de Amerikaanske filosoof Hilary Putnam (1926) oer fjouwer belangrike etysk-filosofyske prinsipes: 

“First, the great Levinasian principle that one should never turn one’s back on the suffering of the other. Secondly, the Kantian insight, that compassion has to be universalized. Third, the Aristotelian insight that we must reflect seriously on what constitutes a fulfilling human life (..). And fourth, the Deweyan insight that ethics deals with practical problems, not with exceptionless ‘principles’.” 

As dizze fjouwer prinsipes fan respektivelik Emmanuel Levinas, Immanuel Kant, Aristoteles en John Dewey mei-inoar yn konflikt komme, wat yn spesifike gefallen faaks kinne soe, dan is der dochs gjin man oerboard, fynt de pragmatyske pluralist Putnam. Der hoecht dan gjin kar foar íen etysk prinsipe makke te wurden, tsjin de oaren, sa’t guon absolutistysk tinkende filosofen miene: 

“It is as if they wanted to see ethics as a noble statue standing at the top of a single pilar. My image is rather different. My image would be of a table with many legs. We all know that a table with many legs wobbles when the floor on which it stands is not even, but such a table is very hard to turn over, and that is how I see ethics: as a table with many legs, which wobbles a lot, but is very hard to turn over.” 

Etyk dy’t alsa pragmatysk grûndearre wurdt yn de filosofy (1), hat twa grutte fijannen: de clanmoraal (2) en de sektaryske moraal (3). De iene wurdt grûndearre yn it clanbelang, de oare yn religy. 

Mei in clanmoraal wurde morele oertsjûgingen en gedragingen oantsjut binnen in clan: in groep minsken dy’t mei-inoar ferbûn binne troch sibskip en komôf. Mei in sektaryske moraal wurde oertsjûgingen en gedragingen oantsjut binnen in sekte: in groep minsken dy’t diel útmeitsje fan in ôfskieden ûnderôfdeling fan in breder leauwe of in bredere tsjerke. Sawol de clan- as de sektaryske moraal sille altyd besykje harsels te presintearjen as in absolute moraal op basis fan ‘ivige’ wearden, mar yn werklikheid blike se dat net te wêzen. Yn werklikheid blike se net it libjen op basis fan etyske prinsipes as heechste doel te hawwen, mar inkeld it wolwêzen fan de clan of sekte dy’t sa’n skynmoraal praktisearret. 

In foarbyld fan clanmoraal fine wy yn it Nibelungenlied, dêr’t macht, ear, oansjen, uterlik fertoan en seremonyen sintraal yn stean. Trou oan de foarst, de hearsker, de prins, de ridder, dat is dêr de heechste wearde. By in sektaryske moraal, lykwols, is de weardebepaler net persoanlik, mar ideëel. Hjir giet it om de trou oan de tradysje, de eigenheid fan de religieuze subgroep. Trou oan datjinge wat dizze groep ûnderskiedt fan de gruttere groep, dêr’t er út weikommen is. 

Elk dy’t no besykje wol om (1), (2) en (3) mei-inoar te kombinearjen, makket him skuldich oan etysk fantasearjen. En elk dy’t praat neffens (1) mar hannelet neffens (2) en (3), oan etysk bedroch. 

Dat woe ik mar opmurken hawwe nei oanlieding fan útlittingen (LC, 31 jannewaris) fan de Nederlânske opperrabbyn Binyomin Jacobs, dy’t alaarm slacht oer PGGM, Royal Haskonig en Vitens, bedriuwen dy’t ynvestearringen weromlûke út Israëls besette gebieten: 

“Mijn vader zei na de Tweede Wereldoorlog dat zoiets verschrikkelijks nooit meer zou gebeuren. Op zijn sterfbed sprak hij de vrees uit dat het er toch nog van kan komen. Zo fatalistisch ben ik niet, maar ik ben wel bezorgd.”


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten