zaterdag 1 februari 2014

Help, de Akademy fersûpt

It omstaver- en standerdisearringswetter moat de Fryske Akademy al oan de lippen stean, dat de oars sa sljocht-en-rjochte meiwurker Hindrik Sijens yn ’e krante lytse ôfwikingen fan de wierheid begjint te ferkeapjen. 

Ik sitearje út syn kollum ‘Great, greuter, greotst’ yn it Friesch Dagblad fan 1 febrewaris 2014: “Lang net elke dialektfoarm wurdt dus skreaun. Dat guon foarmen net (mear) skreaun wurde, hat grif te meitsjen mei it feit dat it Frysk him stadichoan ûntwikkelet yn ’e rjochting fan in standerttaal mei meast ien skriuwfoarm foar in wurd. In soarte fan boppe-regionaal Frysk dat krekt as de Nederlânske standerttaal oanleard wurdt yn it ûnderwiis, brûkt wurdt troch media en oerheid en dat yn wurdboeken en grammatika’s fêstlein is. Tsjinstanners fan sa’n soarte fan standerdisearring fan it Frysk sizze dat minsken dan har eigen dialekt net mear skriuwe kinne, omdat dy foarmen ferkeard rekkene wurde soene. Lykwols, gjinien skriuwt syn eigen dialekt: it Frysk hat al in soarte fan standerttaal en in hiel soad dialektfoarmen wurde hielendal net skreaun.” 

Wêrom soe Hindrik Sijens hjir út ’e tomme sûge dat der tsjinstanners binne fan “sa’n soarte fan standerdisearring fan it Frysk”? Hy wit ommers heel goed dat it yn de aktuele diskusje giet om tsjinstanners fan standerdisearringsplannen foar it Frysk: fan in troch de oerheid – FA op fersyk fan Deputearre Steaten – yn gong sette standerdisearring. Dat de taal út himsels standerdisearret – dat taalbrûkers (praters, skriuwers) yn ’e rin fan ’e tiid bewege nei in ynformele (net fan boppe-ôf opleine!) standert ta – dat sil net ien Hindrik Sijens ûntstride wolle. 

Dat, wêrom de saken dan oars útkomme litte as dat se binne? 

Dat sil te krijen hawwe mei it feit dat der meikoarten (3 febrewaris) besocht wurde sil om it fêstrûne oerlis tusken provinsje, Fryske Akademy en in tal kritisy fan de foarlizzende plannen fan provinsje en Akademy flot te lûken. 

It oerlis is ein ferline jier fêstrûn om’t de Fryske Akademy, yn kasu ûnder oare Hindrik Sijens, it sawol links- as rjochtsom ferpofte om in lange list mei bysûnder goed motivearre beswieren tsjin de plannen serieus te nimmen. In list dy’t nota bene ûnderskreaun wie troch mear as hûndert saakkundigen út ‘it fjild’, ynklusyf in stikmannich heechleararen, allegear minsken dy’t stik foar stik út noch yn gjin ferlet hawwe fan Hindrik Sijens syn taalpolytburokratyske standerdisearringsplannen. 

De kollum fan Sijens foarseit net folle goeds foar it, alwer tredde, oerlis op kommendewei. Want dy’t de kwesty yn de publisiteit folslein oars foarstelt as er is, hoe sil dy aansen skowe kinne as er de werklikheid ûnder eagen sjen moat?



.

1 opmerking:

  1. Bêste Abe,

    It stik fan Hindrik Sijens - do komst dêr mei rjocht op - jout no krekt n e t oan wêr't it yn de diskusje om giet.
    Der is ek foar it (skreaune) Frysk in boppe-dialektale fariant, dy't men Standertfrysk neame kinne soe ('soe': ûnder mear fanwegen de grutte fariaasje dy't dêr noch altiten yn mooglik is, soe ik leaver fan 'normearre Frysk’ prate wolle, mar dêr giet it no net om). Dat is in Standertfrysk yn opbou, al ieuwenlang, en dat proses giet noch altiten troch. It Standertfrysk befettet foarmen út ûnderskate Fryske dialekten, mar meast út it Klaai- en Wâldfrysk. Sa skriuwe hast alle Friezen de Wâldfryske foarm ‘hiel’, wylst de measten ‘heel’ (of heul’ sizze), mar kieze se op papier hast altiten de Klaaifryske foarm ‘seal’ boppe it Wâldfryske ‘saal’. Net ien sjocht frjemd op fan dy ferskillende dialektfoarmen yn it skreaune Frysk: de lêzers (en skriuwers) binne dêroan wend.
    Wat Sijens (en syn kollega’s oan de Fryske Akademy) no lykwols bepleitsje is dat yn ien kear en fan boppenôf (te witten troch de provinsje) regaad makke wurdt yn de besteande fariaasje (ek yn net-dialektale farianten as ‘helt’ en ‘helte’, ‘twatalichheid’ en ‘twataligens’, ensafh.) yn it skreaune Frysk. Ik jou ien foarbyld (út tûzenen!!) fan de tink- en wurkwize fan de Fryske Akademy. ‘Eefkes sjen, wy hawwe ‘do’ en ‘dû’ as skriuwtaalfarianten. Ha, maklik genôch. ‘Do’komt faker foar as ‘dû’, dus wurdt ‘do’ de Standertfoarm.’
    As de Fryske Akademy (dêrby dutsen troch de provinsje) syn sin kriget, wurdt de sa optochte Standertfoarm oplein oan it ûnderwiis en it amtlik ferkear. De Fryske Akademy wykt sa op fiif haadpunten fan de normale gong fan saken ôf, te witten troch:
    1. op grutte skaal yn te gripen yn de taal;
    2. dêrby oan it libbene taalgebrûk te kommen;
    3. in nije, net besteande noarm te konstruearjen;
    4. dy fan boppenôf op te lizzen;
    5. dy yn ien kear yn te fieren.

    Soks is noch net earder fertoand (behalven miskien yn diktatueren). Der is, bûten it Akademyrûntsje (mar ek dêr binne ‘ôffalligen’) en it hansjefol meistanners, net in mins te finen dy’t foar dizze plannen is. Ferline simmer hawwe 104 minsken en ynstânsjes fan kwizekwânsje har tsjin de FA-plannen keard. Ferstiet de FA noch altiten net it lûd út de Fryske taalmienskip wei? Bou op in konstruktive wize mei oan de fierdere opbou fan it Standertfrysk, skriuw en publisearje yn it Frysk, jou ûnderwiis yn it Frysk, mei oare wurden: brûk it Frysk, mar brek it net.

    Pieter Breuker

    BeantwoordenVerwijderen