vrijdag 21 februari 2014

Jikky de Boer-Spoelstra, De Zingende Friese Huisvrouw

Pake Abe siet yn de fyftiger jierren yn cabaretgroepkes yn Harns, dêr’t ek Jikky de Boer-Spoelstra (1928-1995) deel fan útmakke: De Zingende Huisvrouw 

Jikky Spoelstra – se brûkte yn ’t earstoan har famkesnamme Jitske – foarme nei de oarloch in duo, de ‘Harley Sisters’, mei har freondinne Dorry Hofstra, letter Wijnands-Hofstra. De sjongerij fan beiden kaam fuort út it toaniel; letter die Jikky ek wol cabaretachtige stikjes. Se song, mar spile ek gitaar, mûleoargel en mandoline. 

De earste kear dat se yn de Leeuwarder Courant foarkomt, is yn maart 1957 as se tegearre mei Dorry én ek allinnich meidocht oan de lanlike talintewedstryd ‘De zingende huisvrouw’, organisearre troch in ferkeapmaatskippij fan it Amerikaanske Columbia Records. As ‘Harley Sisters’ dogge Jikky en Dorry mei mei it nûmer ‘De clivia’ fan de Harnzer ferskeskriuwer Dico van der Meer, en solo sjongt Jikky in liet oer in sosjaliste. Uteinlik wint se mei ‘De clivia’ – fan Dorry is dan gjin sprake mear, faaks hat sy har weromlutsen út de einstriid? It is dan 30 maart 1957; de finale wie yn de RAI yn Amsterdam. Jikky is no offisjeel ‘De Zingende Huisvrouw 1957’. 

Yn de krante jout Jikky oan dat se it leafst lietsjes fan Dico van der Meer (1897-1951) sjongt. “Dat was een Harlinger zoals u weet. We kenden hem wel van vroeger.” De namme Harley Sisters wie betocht troch Henk Stuurop yn Snits, sei se. “We deden eens mee en toen vroeg hij hoe ‘ie ons moest aankondigen. En we hadden daarover echt nog helemaal niet nagedacht. Hij heeft dat Harley Sisters toen bedacht, vanwege Harlingen, en zo is het gebleven.” 

Yn 1952 song se ek al, in fertolking fan ‘Allentown Jail’ fan Jo Stafford op it Lanenkaatsen. Mar no komt har sjongerij yn in streamfersnelling. Yn maaie 1957 komt se in kear nei platesaak Radio Vaartjes oan de Voorstreek 3 yn Ljouwert om har ‘exclusieve Columbia-opname met haar succesnummer De Clivia’ te ferkeapjen. ‘Eventueel met handtekening’. Dêrnei sil se optrede yn de Harmonie yn Ljouwert op in bûnte jûn yn it ramt fan de Goed Zo-aksje ter bestriding fan de polio, mar dat moat se wegens sykte ôfsizze. Wol is is in moanne letter fan de partij op de ‘Variété Faveur’, in ‘vrolijke kermisrevue’ yn de Harmonie. No as ‘De zingende Friese huisvrouw’. Op 12 febrewaris wurket se mei oan opnames fan de RON by it Keunstsintrum yn de Prinsetún foar it programma ‘De draaimûne’ fan Peter de Jong.

Ein oktober 1958 sinjalearret sjoernalist S.J. van der Molen fan de Leeuwarder Courant dat se no deel útmakket fan in cabaretgroepke; dat sil it selskip ‘Amusanta’ west hawwe dêr’t Abe de Vries ek oan meidie. Van der Molen komt dan noch efkes werom op de singel fan Jikky, ‘De clivia’, “een grappige geschiedenis, geschreven door wijlen Dico van der Meer in de tijd, toen voor de KRO het ‘Harlinger singeltsje’ in het programma ‘Op de ringmuur’ furore maakte. Het is voorzover ons bekend de enige plaat, waarop men een Fries stadsdialect kan horen. Mevrouw De Boer ‘brengt’ het liedje leuk en ze zingt op de keerzijde niet onverdienstelijk een werkje van Willy van Hemert/Pi Scheffer, dat meer smaak en geest verraadt dan wat doorgaans in dit genre het menu van radio en draaitafel in Nederland uitmaakt. Het liedje heet ‘Er woont nog wel een sprookjesfee’.” 

‘Amusanta’ hat grif in pear jier bestien; wy komme it selskip bygelyks noch tsjin yn in adfertinsje yn de LC fan 14 july 1961 foar in grutte feestjûn yn Wyns. Yn 1959 priizge it selskip himsels sa oan: “Wij brengen geen kunst met een grote K, maar een gezellige, leuke en beschaafde avond met eigen werk. Wij brengen streekliedjes en schetsen. Vraagt U eens inlichtingen aan Cabaret-ensemble ‘Amusanta’, Hugo de Grootstraat 53, Harlingen.” 

Jikky brocht noch in Krystsingle út in 1961, tegearre mei Menno Huizinga en it orkest The Frisia’s ûnder lieding fan Jan Roukema: ‘Krysttiid yn Fryslân’. It nûmer wie skreaun troch Roukema en Hein Faber en wie opnommen yn oktober 1960. Oer Jikkie de Boer-Spoelstra is in stikje ferskynd yn it blêd Oud Harlingen 25-25 (2009) en it programma Buro de Vries fan Omrop Fryslân hat op 22 febrewaris 2009 in earder opnommen ynterview mei har útstjoerd.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten