dinsdag 25 februari 2014

Moarn yn it Friesch Dagblad: Sovjetfrysk

By de Fryske Akademy hawwe inkelde taalkundigen op it stuit de hannen fol oan it beantwurdzjen fan fragen dy’t benammen Henk Wolf en Pieter Breuker steld hawwe oer de konsekwinsjes fan útstellen ta staveringswiziging en in opleine standerdisearring fan it Frysk. Utstellen dy’t de FA sels dien hat, mar dy’t dochs mar net wêze moatte. 

Trije kear hat der no al oerlis west tusken FA, provinsje en kritisy, en it liket der net op dat de plannen – dy’t yn prinsipe al oannaam wiene troch Provinsjale Steaten – trochgean kinne sûnder grutte skea oan de Akademy en de politike beslútfoarming. Wat mei de bêste bedoelingen begûn, driget út te rinnen op de kreaasje fan in fan boppe-ôf opleine, ideologysk stjoerde taalfariant dy’t net ien yn Fryslân yn dy foarm prate sil. It rint út op de kreaasje fan Sovjetfrysk. 

De FA wol dat se yn de Wâlden tenei ‘romte’ sizze en skriuwe, of dat se op ’e Klaai tenei ‘rûmte’ foar kar nimme. Ommers, it is fan twaën ien. Mar watfoar raam ek dien wurde sil yn de taalrykdom fan it Frysk, altyd sil it risseltaat in ferearming wêze. In kealslach dy’t goedpraat wurdt mei it idee dat in taal mei minder farianten makliker te learen is. Dat is in idee fixe. Sûnt wannear is in sprake dy’t nergens praat wurdt, makliker te learen as in libbene taal? 

Misbegrepen soarch oer de takomst fan it Frysk stekt alsa achter de útstellen fan de Akademy. Soarchliker is dat de FA en in klup as de Feriening Frysk Underwiis (FFU) net fetber binne foar arguminten. It ynboude minderweardichheidskompleks yn harren taalopfetting – foar it folle fierder standerdisearre ABN oer – is sa djip woartele dat der net tsjin te praten falt. Dêrom hat it oerlis oanstien op skriftlike beantwurding fan fragen. It kin aansen net oars as Provinsjale Steaten sille de eagen iepengean. 

Ik ha absolút gjin ferlet fan de ynfiering fan Sovjetfrysk yn it ûnderwiis. Of by de amtnerij. Ik tink fierrewei de measte Friezen ek net, as se der in tel by stilstean. Taal libbet en mei net koartknipt wurde troch ûnderwiisideologen. It ferfrjemdzjen fan in befolking fan syn eigen taal is in misdied. Oan ús de taak en stean derop oan dat sa’n kollektivisaasje fan it Frysk net plakfine sil.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten