dinsdag 25 maart 2014

Feniks

Fan ’t jier bewrot ik my
fan peasketûken in roekenêst.
Mei túch en rûchte pronkje ik
net, noch mei diggelglês,
mar ferhoalen yn ’e beamkop
flechtsje ik flitich; ik kear
de wyn ôf mei myn strûpte hûd,
stjurre bloed, in âlde fear.

Ek in fûgel meitsje ik my.
Mei it krop heech set ik him
in skerpere snappert op ’e snút.
Myn ferfelle pak draacht hy.
Him fuorje ik blaukopwjirmen,
benaude krobben, en minsken
yn ’e wjerweide, dy’t weekleie,
weirist út harren kjirmen.

En ik set him op skonken.
Ik lis him in strik om ’e strôt
en ik rôvje by neare nacht
twa swarte wjokken út it nôt.
As dan de dei fan dagen komt
dat er se útslacht oer it gea,
sil de grize de grouwe ferbaarne
om ’e kâlde ûnhuer fan ’e dea.

Dan sil ik út myn fearren fleane
om de noard en om de súd,
nei dêr’t minsken bleatfoets geane
foar it lijen en it stjerren út.






.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten