dinsdag 13 mei 2014

Eeltsje Hettinga - Wyn en fearren. Fryske wynenerzjylobby op paad mei spegel en kraaltsjes

*

‘It grutste fergriem oan mienskipsjild yn de skiednis fan dit lân.’ Dat skriuwt Pieter Lukkes, âld-heechlearaar ekonomyske geografy oan de RUG yn Grins oer it nut en de needsaak fan wynenerzjy. Den Haach is dwaande mei in 60 miljard kostjend wynenerzjybelied, de folsleine útfiering derfan smyt lykwols net mear op as 1,9 persint fan it totale enerzjyferbrûk. Wilens rint in grut en machtich leger oan wynlobbyïsten de mûle oer fan ‘duurzaamheid’ en ‘duurzame energie’, sûnder dat fan it belied sels in deeglike en goed ûnderboude analyze bestiet. Lukkes oer de gefolgen fan de wynmolemaffia: ‘Horizonvervuiling, dode vogels en vleermuizen, verrommelde landschappen, geluidshinder en door windenergie en ontwrichte samenlevingen zijn géén bouwstenen van de duurzame samenleving.’ 

Mei de protesten tsjin de wynenerzjyplannen by de Ofslútdyk – de ûndernimming Windpark Fryslân is dwaande mei de ûntwikkeling fan in wynturbinepark yn it Fryske part fan de Iselmar – en it oanwinnende ferset yn tal fan Fryske doarpen, benammen yn it noardwesten fan de provinsje, takket it maatskiplik draachflak foar wynenerzjy hurd ôf. Neffens it saneamde ‘Energie-akkoord’ fan it regear moat Fryslân oer goed fiif jier 530 MegaWatt oan wynenerzjy levere ha. Dat is in bydrage fan 12,5 persint op in totaal fan 6000 MW. As de provinsje him net oan dy ôfspraak hâldt, dan wiist Den Haach de plakken foar de grutskalige wynparken oan. It is dus slikke of stikke. 

In organisaasje as ‘de regiegroep Fryslân foar de wyn’ makket de flecht nei foaren mei te sizzen dat men it regear foar wêze moat. Abe de Vries, skriuwer en freelance-einredakteur by it Friesch Dagblad, hat yn in tal deeglike stikken oer de monstreuze wynenerzjyplannen sjen litten dat dizze klup in dubieus spul is fan minsken mei dûbele petten en tsjustere finansjele belangen, lju dy’t mei spiegel en kraaltsjes en in soad wollige lulkoekferhalen by de streek delgeane om de ferskillende doarpsbelangen oer de streek te heljen. Sa kinne de ‘ynboarlingen’ bygelyks in pakje oandielen krije yn de rottekrûddjoere moles en/of wynparken by har doarp. 

Elkenien dy’t ‘nee’ seit tsjin de Fryske wynplannen wurdt wilens benaud makke mei it sizzen dat men noch folle fierder fan hûs wêze sil as Den Haach de plakken foar de wynparken oanwiist. En dêr sit him foar in part de kruks, dat is te sizzen: it demokratysk karakter fan de beslútfoarming oangeande de útfiering fan it Haachske Enerzjy-akkoart wurdt wat langer wat mear in oanfluiting. Ferline jier noch liet PvdA-deputearre Hans Konst oan Den Haach witte dat de provinsje reewillich is om 125 MW ekstra foar har rekken te nimmen, mar sûnder Provinsjale Steaten oer dy nije MW-doelstelling kedize te litten. Dy gong fan saken is symptomatysk foar de manier wêrop’t it demokratysk spul ûnderstek dien wurdt, lês: de befolking koeienearre wurdt fan it arrogante, technokratyske topdown-belied fan dizze provinsje. 

Ek Pieter Lukkes warskôge yn syn rapport oer it nut en de needsaak fan wynenerzjy dat it Haachske energiebeleid ‘demokratisch gezien (…) zwaar onder de maat is.’ Dat wie ek it ûnderwerp dat Abe de Vries oansnie yn syn kollum ’39 Lytse boargeroarlochjes’, in treflik stik, ornearre foar it Friesch Dagblad, mar élas, FD-haadredakteur Lútsen Kooistra wegere it stik te pleatsen. Skande, skande, sûnde, sûnde, in treurige dei foar de sjoernalistike frijheid fan miening yn Fryslân. De Vries sei syn meiwurking oan de krante op. Wat in ôfgong foar it Dagblad! Wolle de redaksje en de meiwurkers fan it FD yn it ramt fan bygelyks Ljouwert2018 of ‘Kening fan de Greide’ noch mei goed fatsoen oer it (Fryske) lânskip skriuwe, dan soene se har no, stante pede, mei De Vries solidêr ferklearje moatte, al wie it mar om te stean foar in frije sjoernalistyk. 

Dêr’t de provinsje de mûle oerrint fan it hillich ferklearre wurd ‘mienskip’, dêr soe dyselde provinsje it lef hawwe moatte en pas by in hifkjen fan de werklike grutte fan it maatskiplik draachflak foar wynenerzjy in goed en gaadlik demokratysk middel ta: in provinsjaal referindum, ien mei in binend karakter. Provinsje en haadredaksjes soene it yn har earen knoopje moatte dat allinne in skerp wach wêzen fan de publike opiny de bewissiging jout fan in takomst foar de mienskip. 

Eeltsje Hettinga 

Dr. P. Lukkes, 'Nut en noodzaak van windenergie in het Energie-akkoord', Ljouwert, maart 2014 



.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten