vrijdag 20 juni 2014

Hooplik sit de kont yn de broek fan Jan Visser dêr ek nei de fakânsje noch

,,Het tij keert,” skreau de Leeuwarder Courant op 4 febrewaris. ,,Het besef groeit dat nieuwe windparken kansen bieden. Misschien wil Friesland liever meer dan minder windmolens.” It stik einige mei in fierdere presisearring: ,,Als investeerders, eigenaren van oude molens en profijt zoekende burgers de krachten bundelen, kan er een verrassende optelsom ontstaan. Geen 530,5 megawatt, maar misschien wel 600. Of meer.”  

In healjier letter is der fan dat, oars nearne op stuolle, optimisme neat mear oer. It Fryslân foar de Wyn-proses is in mislearring, foar safier’t it ,,draachflak” fine moast foar wynmûneplannen. Dat draachflak is der ûnder de omwenners fan sokke plannen net. Dat ha oan no ta alle ynformaasjejûnen sa klear as in klûntsje útwiisd. De lêste hoop fan FFDW is in NIPO-enkête, mar gjin politikus kin sa’n anonime hifking serieuzer nimme as de tûzenen sammele hantekens fan allerhanne aksjekomitees dy’t de lêste twa moanne as poddestuollen út de grûn sketten binne. 

It seit folle dat dy sitewaasje folslein net wjerspegele waard troch it stimgedrach, earejuster, yn Provinsjale Steaten oer it 530,5 megawatt-útstel. Blynseach hawwe de lemmingen har fan de troch Deputearre Steaten oanwiisde rots stoart en har ferplichte ta it pleatsen fan in stik as 180 megamûnen fan 165 meter heech. In grut part komt yn de Iselmar, dat is no wol dúdlik, mar hoefolle krekt wurdt net earder as dit neijier oer kediisd. Ek de Ofslútdyk is, op útdruklik fersyk fan de FNP, wer yn byld as pleatsingslokaasje. En it oare moat dan mar earne op it Fryske fêstelân komme te stean. 

Winst is wol dat no besletten is om net méar as 530,5 megawatt te pleatsen. Gjin ,,verrassende optelsom” dus. En winst is fansels ek de bjusterbaarlike weromkear fan de Ofslútdyk. Deputearre Konst hat de Steatebrede opdracht meikrigen om by it Ryk ,,alles te dwaan” sadat de Ofslútdyk yn it neijier as serieuze pleatsingslokaasje meiwoegen wurde kin. 

Lof foar de opposysjonele VVD-fraksje, dy’t yn syn gehiel tsjinstimde. Mar oan de oare kant bliuwt de provinsjale ôfdieling opfallend stil oer de oarsaak fan it kwea, nammentlik it mei troch de eigen partij op lanlik nivo yninoar sleutele Enerzjy Akkoart fan 2013. Dat makket it ferset fan de VVD-Fryslân dochs wat maklik. 

Nee, it Steatelid fan it jier is wat my oanbelanget Jan Visser fan koalysjepartij FNP, dy’t in minderheidsstânpunt ynnaam en tsjín stimde. Hy woe hawwe dat de Steaten no al beslute soene oer de grutte fan it Wynpark Fryslân yn de Iselmar, sadat no ek al helder wurde soe hoefolle mûnen op lân delset wurde moatte soene. Dat die bliken in brêge te fier te wêzen foar deputearre Hans Konst (PvdA), dy’t earst de ynbring fan de noch (altyd) oan te wizen adfyskommisje fan Fryslân foar de Wyn ôfwachtsje wol. 

It is no wol wichtich dat de kont yn de broek fan Jan Visser dêr ek noch sit néi de fakânsje. 

Wol de FNP as Fryske plattelânspartij werkenber bliuwe, dan sil de partij hammerje moatte op a) in sa grut mooglik tal megawatts yn de Iselmar, want minsken binne by einsluten ommers wichtiger as fûgels, b) werklike bestimming fan de Ofslútdyk as pleatsingslokaasje, en c) sa min mooglik wynmûnen yn iepen plattelânsgebieten. 

En wêrom soe de FNP fan dy trije kwestjes gjin brekpunt meitsje? Wedzje dat de partij dêr súkses mei hawwe sil by de ferkiezingen foar Provinsjale Steaten takom jier?


.

1 opmerking:

  1. Lyda Veldstra-Lantinga22 juni 2014 om 01:50

    Kreas Jan, dúdlik FNP, do hast myn stim!

    BeantwoordenVerwijderen