dinsdag 11 april 2017

Waling Dykstra, 'Friezen, wachtsje jimme foar provinsjalisme!'

Sûnt ús Fryske iisbrekkers, de bruorren Halbertsma, nij libben yn ’t beoefenjen en lêzen fan de Fryske taal brocht hawwe, is der yn ús letterwrâld folle ta stân komd dêr’t fantefoaren gjin tinken oan wie. De ûnferjitlike Harmen Sytstra, nou koartby, nei ús ynsjen, fierste gau ferstoarn, wie de earste dy’t it ûndernaam om in Frysk tydskrift (Iduna) út te jaan, wat er oan syn dead ta folhâlden hat, en dat fêst ûnder ’t bewâld fan ’t Selskip Foar Fryske tael- en Skriftekennisse wol yn stân hâlden wurde sil.

Foar in grut tritich jier al begûn it Frysk Genoatskip foar skied-, âldheid- en taalkunde in Frysk Jierboekjen út to jaan, mar doe wienen der noch net sa’n bulte lju dy’t Fryske boekjes kochten, dat as dat Jierboekjen net djoer ferkocht waard dan koe ’t net bestean,— en dat koe ’t lykwol net, it moast mei in jier mannich wer ophâlde omdat it net genôch kocht waard. Letter is men dochs der wer mei begûn om Fryske Jierboekjes út to jaan, en yn de tiid dy’t tusken beiden ferrûn, wie ’t Frysk lêzen al safolle hiemer wurden, dat der nou al sûnt ferskate jierren twa sokke boekjes nêst elkoar bestean, de Byekoer en de Swanneblommen.

Selskippen yn ’t belang fan de Fryske taal waarden der fan tiid ta tiid oprjochte. Bûten ’t Selskip foar Fryske taal- en skriftekennisse, dat syn haadbestjoer te Ljouwert en hjir en dêr yn Fryslân syn kriten hat, bestiet der noch op ’t Hearrenfean it Selskip Sljucht en Rjucht; te Ferwerd in Selskip ûnder deselde namme, en te Damwâlde it Selskip Gysbert Japiks. Sels to Kommersyl in Grinzerlân bestiet in reciteercollegie, wêrfan’t de leden har bysûnder útlizze op it learen fan de Fryske taal en it foardragen fan Fryske stikken; in ding dêr’t in hele bulte reciteercollegie’s en rederijkerskamers yn Fryslân wol in foarbyld oan nimme mochten. Al dy dingen arbeidzje der ta mei om de Fryske taal yn eare en de Fryske sin libben te hâlden, en ’t lêzen fan Fryske skriften fuort te sterkjen. Troch de feriende wurking fan dit ien en oar binne de Fryske skriuwers nou yn steat om har wurk sûnder skea yn ’t ljocht te jaan.

Nou waard der ek sa nou en dan wol ris opikkere, oft wy net in Fryske krante hawwe kinne soene. In krante heel en al yn ’t Frysk bestiet der oan hjoed de dei ta net; mar yn ’t begjin fan Sellemoanne 1862 waard der troch Fryslân in Proefnûmer ferspraat fan in blêd dat de namme draacht fan Friesche Courant. Yn ’t Berigt, wêrmei’t dat Proefnûmer begjint, stiet ûnder oaren ek: ‘Het blad zal in waarheid eene Friesche Courant, gedeeltelijk geschreven in de Friesche taal, voor het Friesche volk zijn. Het zal Friesche belangen bespreken, Friesche zeden en gebruiken eerbiedigen; Friesche letterkunde bevorderen’. – Dat doel is tige. Dy krante hat ek by de Friezen in bulte yngong fûn en is nou al moai op ’e gleed. Alle wiken fine wy dêr ien of mear stikjes yn dy’t yn ’t Frysk skreaun binne; oer it goede en tsjoede fan dy stikjes yn ’t algemien wol ik my nou net útlitte, mar yn dat Proefnûmer stiet in ding dêr’t ik dochs in wurd oer sizze moat. Ik kom dêr al wat let mei oan, mar de tiid liet it my hast net earder ta.

It stikje dat ik mien is titele: ‘In gebed foar de Fryske reedriders’. – Dêryn freegje de reedriders oan Tsialf, de útfiner fan ’t reedriden, sa’t der sein wurdt, oft er har nou alheel oan ’t lot oerlitte sil. – Hja sitte danich yn ’t sipelsop omdat in boeresoan út Drinte, by de hurdriderij te Snits op ’e 22e jannewaris 1862, de priis wûn hat tsjin 127 Friezen. Dêr wurde yn dat gebed oer dy Drint in hele bulte smeulske wurden sein, en Tsialf wurdt dêr oansprutsen krekt as er de Friezen danich ferûngelike hat.

Tsialf komt yn de âlde noardske goadeleare foar as de boade fan Thor, en foar dy betsjinning wie er tige berekkene omdat er danige rêd oer wei komme koe. Professor Lulofs neamt him earne ‘de oud-Noordsche godheid, aan wie de Scandinavische fabelkunde de uitvinding van het schaatsrijden toeschrijft’. Ik ha dat oars nearne fûn. Wol fûn ik oanroerd fan Uller: ‘dy’t wennet yn Ydali, dêr’t alles flikkert as diamant, fan farsk-fallene snie, dy’t de God is fan jagers en reedriders, dy’t, rêd as de wyn, it skruten wyldguod efterfolget, of op iiskristal behagelik der hinne swaait’. Hat Tsialf al in god west, dan fêst net ien fan de heechste rang.
  
Mar wat wy fan de âldnoarske goadeleare witte, is fierwei foar ’t grutste part ôfkomstich út de Edda, in samling fan âlddichterlike sangen en sagen, dêr’t it bedriuw en ’t lot fan de Skandinavyske goaden en goadinnen yn besongen wurde, - dy’t byinoar brocht binne fan in Iislânsk pryster, dy’t stoarn is yn 1133. As nou de Iislânske mytology by ús heidenske foarâlden hjir yn Fryslân ek bekend wie en as hja al dy Skandinavyske goaden en goadinnen kend en fereare hawwe, dat is in ding dat men wol foar wierskynlik hâlde kin, mar wy kinne ’t net bewize.

Lykwols, wy wolle ’t mar ris oannimme, dat Tsialf by de âlde Friezen eard is as de god fan de reedriders; mar dan freegje ik op myn bar: wie dat âlde heidenske Fryslân oars neat as it lytse plakje dat nou Fryslân hjit? Soe it tsjintwurdige Grinzerlân en Drinte dêr ek net by heard ha? – En al wie dat sa net, dan soe ’t doch noch wier bliuwe, as de Iislânske Tsialf in god wie foar de Friezen, dan wie er ’t stellich ek foar de Drinten. En dêrom hat er, tinkt my, de Friezen neat gjin ûnrjocht dien, as er nou foar ienkear in Drint de priis winne litten hat, wylst oars altyd de Friezen der mei ôfgeane.

Wy libje yn in ieu fan foarútgong; dêrom liket it al wat frjemd, dat de skriuwer fan dat ‘Gebed’ sa fier nei ’t âlde tebek wol, dat er nou de Fryske reedriders har need kleie lit oan Tsialf, in persoan út de oerâlde heidenske tiid, dy’t fierwei de measte Friezen fêst net ienris by namme kenne, of ’t moast wêze út de advertenties dy’t der jier op jier yn de krante komme fan de Hearrenfeanster IJsclub, dy’t de namme fan Tsialf oannomd hat. Mar as de skriuwer it iene wol dan moat er it oare; dan moat er ek Grinzerlanners en Drinten beskôgje en earje as ús bruorren, mei ús fan ien lape tornd, lykas Halbertsma earne seit; en docht er dat, dan hat er him der net oan te steuren dat in Drint to Snits de priis wûn hat.

Wêr’t ik eigentlik op út wol is dit, dat sokke stikken as dat ‘Gebed’ meiwurkje om in ûnedele geast fan provinsjalisme by de Friezen oan te kweekjen. En dêr moat it dochs net hinne! al hoe’t wy ús bêst dogge om de Fryske taal yn wearde te hâlden en, tsjinoer de tanimmende sucht foar ’t frjemde, de Fryske tigens te bewarjen. Priizje wy echt Fryske ienfâld en rûne seden, dan sille wy ’t ommers moai fine as wy in Hollanner of Geldersman moetsje dy’t ek sokke deugden besit. ‘De Friezen binne op ’t iis de baas’, dat wurd hat oan dizze tiid ta noch in wier wurd west; mar as der nou in Drint komt dy’t fan 127 Friezen wint, en as er soms út Grinzerlân ek riders delsetten komme dy’t net swak byspylje, wolnou, lit ús dêryn it bewiis sjen dat dy lju ek noch fan âld Frysk laach binne.

Undeugden en dwaasheden bespotlik te meitsjen, dat kin de goede seden befoarderje; mar te skimpen op lichemsskeel, krekt as immen ’t oan him sels hat om fiks en feardich te wêzen, dat is ûndogenske jongeswurk: de skriuwer fan ’t ‘Gebed’ sil my dat, hoopje ’k, wol tastimme.

Alderwetske deugden dy’t wy by de Drinten opmerke, oan ferhollânske Friezen ta neifolging oan te prizen, dat hoecht ús net te min te wêzen; mar te smeulen op de heide en bjirkebeammen fan Drinte, krekt as wy ús fette klaaigrûnen sels makke hawwe, dat is – provinsjalisme.




(De Fryske Húsfreon 1862, s. 58-63; omstavere)

Geen opmerkingen:

Een reactie posten