woensdag 19 juli 2017

De Dichter fan Fryslân: fiif kânsen om de Ferkearde te kearen

Der moat in Dichter fan Fryslân komme, skreau ik jierren lyn al. Dat sil no heve. Mar it hoe en wat, dêr komt it fansels al op oan. Mar leafst fiif feilichheidsmechanismes binne ynboud.

Oerisel hie al sa'n provinsjedichter yn 2009. Dat gie dêr oars moai mis, waard begjin dit jier dúdlik út in berjocht yn de Stentor. Provinsjebestjoeren wolle fansels graach moai waar spylje mei wat in provinsjedichter skriuwt. De deputearre fan Kultuer yn Oerisel hie provinsjedichter Boudewijn Betzema opdracht jûn om wat oer de Steateferkiezingen te skriuwen, hawar, it fers waard skreaun en… ôfkard. ,,Zijn gedicht beantwoordde niet aan onze opdracht en verwachtingen”, sei in wurdfierder fan de provinsje. ,,Het was niet wervend en niet gericht op de inwoners van Overijssel. We hebben dit toen bij hem teruggelegd en gevraagd om een wervend gedicht te schrijven, dat heeft hij vervolgens gedaan en dat gedicht hebben we gebruikt.” 

Om foar te kommen dat de oansteande Dichter fan Fryslân it aansen ek yn har of syn plasse krijt om wat te skriuwen dat de provinsje net oanstiet – gedichten wêryn’t de provinsjale polityk der net sa moai foar wei komt hat gjin inkeld provinsjebestjoer nocht oan – hat de organisaasje – de Afûk – betocht dat der better fantefoarren in tal feilichheidsmechanismes ynboud wurde kin. Dan is de kâns ommers minder grut dat 'wy' achternei ferhaal helje moatte en freegje om in oar, mear ‘wervend’ fers by de dichter yn kwestje

It earste feilichheidsmechanisme is de opdrachtformulearring. De Dichter fan Fryslân moat ûnder wurden bringe wêr’t ,,wy” stil fan wurde en wat ,,ús” hert bûnzje lit, en moat in ,,poëtysk ambassadeur” wêze – ambassadeur fan wat, fan de poëzij of fan ‘Fryslân’? it stiet der net by – dy’t ,,op in moderne wize” ferslach docht fan wat der yn ’e provinsje spilet. Alsa is ‘modern ferslach dwaan’ de eask. Allinnich sa spitich dat nimmen wit wat dat is, ‘modern ferslach dwaan’. Risseltaat: de sjuery follet soks wol yn neffens eigen smaak, ideeën en ynstruksjes. 

It twadde is it gearstallen fan de sjuery. Dat hat ‘m ûntlutsen oan ús waarnimming, want ynstituten lykas de Afûk eigenje harsels graach dat rjocht ta sûnder eksterne ynbring, dat makket har wer wat skynbelangriker. Yntusken fine krekt hjir de mooglik polityk gefoelige prosessen plak. Nee, dy net, want…. En dy ek net, om’t… Sa hat de Afûk it yn ’e plasse krigen om in sjuery te freegjen dy’t gjin oanwiisbere saakkundichheid hat op it mêd fan it literêre Frysk – net ien fan trijen skriuwt literêr poëtysk Frysk of hat der yn it ferline oer skreaun. En dat wylst artikel 2, kêst 5 fan it reglemint bepaalt: ,,De sjuery bestiet út op syn minst trije en op syn heechst sân leden en bestiet út deskundigen op it mêd fan (Fryske) poëzy, literatuer en kultuer.” Net dus. 

It tredde mechanisme is de seleksje troch de sjuery fan trije gedichten dêr’t aansen op stimd wurde kin. De gedichten hoege net anonym ynstjoerd te wurden – wat Oerisel dan yn alle gefallen better docht – sadat oerwagingen oer persoanen ynstee fan teksten net út te sluten en sels wierskynlik binne. Boppedat freget de provinsje fan gadingmeitsjende dichters om in motivearring mei te stjoeren: wêrom wolle se yn ’e fredesnamme sa graach Dichter fan Fryslân wurde? As dy motivearring de sjuery net oanstiet, komt it net ta in kandidaatstelling. 

It fjirde is it wurkjen mei in sjueryrapport dat by Deputearre Steaten ynlevere wurde sil neidat de publyksstimmerij plakfûn hat, wêrby’t de sjuerystim in kear sa swier weaget as de publyksstim. En dy sjuerystim kaam ek al ta útdrukking yn ’e seleksje fan de stimmooglikheden. De stimmerij troch it publyk is dus fierhinne foar de bühne; de sjuery advisearret en úteinlik wit inkeld de sjuery op watfoar grûnen. 

It fyfde en lêste kontrôlemechanisme is de úteinlike kar fan de deputearre, Poepjes yn ús gefal. Dy sil it advys fan de sjuery wol folgje, mar likegoed, dêr sit ek noch romte. 

Mei oare wurden: de ynfloed fan de ‘mienskip’, of foarút, de ‘iepen mienskip’, wurdt wol suggerearre – jimme meie stimme! – mar stelt yn ’e praktyk neat foar. Sokke skyndemokratyske regelingen komt men gewoanlik tsjin yn lannen as Ruslân, Sina, Noard-Korea, Syrië en Iran, mar lang om let hawwe se Fryslân dus ek berikt. Dat allegear om foar te kommen dat de provinsje in kat yn ’e sek keapet, nammentlik gedichten dy’t men by it provinsjale bestjoer en it polityk-ynstitúsjonele establishment no ienris leaver net lêst

Dat dizze proseduere oer alle boegen striidt mei de bewearde hoekstiennen fan ‘2018’ – ik tink oan: fan ûnderop, foar de minsken, sels dwaan, Fryske frijheid – sil elkenien no wol hast dúdlik wêze. Mar fansels is dat foar de organisaasje allegear gjin probleem. 2018-kretology klinkt ommers allinnich as it folk yndoktrinearre wurde moat oer it barren, of as it kommersjeel goed útkomt, wat by better sjen op itselde delkomt. En dy’t gjin klap fan dizze moalpûde hân hat, is polityk ûnbetrouber of yn alle gefallen fierstente kritysk, of net ‘modern’ genôch, wat by better sjen ék op itselde delkomt. 

Fierder moatte jimme, Fryske ynwenners, jim foaral nergens mei bemuoie en nergens oan ergerje, jim wurdt ommers neat frege, ja, aansen op in leuk tekstke stimme.


.

dinsdag 18 juli 2017

Advys, fergees: net dwaan

Fryslân siket in Dichter fan Fryslân.

Slach efkes acht op de opdrachtformulearring: ,,De dichter wurdt frege om yn dichtfoarm te reagearjen op wat der hjoed-de-dei yn Fryslân en syn bewenners om giet. Wêr wurde wy stil fan? Wat lit ús hert bûnzje, of wêr wurde wy stomwei dûm fan? Wat stimt ta neitinken? Sa sille persoanlike, mar ek algemien-maatskiplike ûnderwerpen út de aktualiteit by in breed publyk, yn dichtfoarm, ûnder de oandacht brocht wurde.” 

Reagearje op wat der yn Fryslân omgiet? Der giet neat yn Fryslân om, Fryslân is in provinsje, provinsjes kinne net tinke. 

Reagearje op wat der yn Fryslân syn bewenners omgiet? Dat wit de dichter net, want dy bewenners litte him dat net witte. Dat soe ek in toer wurde, tink ik. 

Wêr wurde wy stil fan? Ik wit net wêr’t ,,wy” stil fan wurde. Jo wol? Idem dito foar wat ,,ús” hert bûnzje lit, wêr’t ,,wy” dûm fan wurde en wat ,,ús” stimt ta neitinken. De dichter kin lykwols wól dichtsje oer wêr’t sy of hy stil fan wurdt, of byneed oer wêr't er fan tinkt dat oaren stil fan wurde, ensafierderhinne. 

Dat it altyd de earste opdracht fan elke dichter is om keunst te meitsjen, dêr hat de provinsje (lês: de Afûk) it net oer. It wurd 'keunst' komt yn de parseberjochten net foar. Op de site kin men earne hielendal ûnderoan noch krekt út syn strôt krije dat poëzij in ,,keunstfoarm" is. 

Oant safier oer politike blynkapen en keunstfijannige stipelearringen. Dan de sjuery. Schoppert, prima aktrise, wit neat fan poëzij. Alkema, bêste jonge, mar skriuwt noch ûnbegrypliker as Anne Feddema. En Van Lier, foarút, Van Lier. 

Dan it tydstip fan it bekendmeitsjen. It koe noch krekt, in pear dagen foar de fakânsje! Wat in timing. 

Advys, fergees: net dwaan, dichter. Lit dy Provinsje dy - en de Poëzij - earst ris serieus nimme.



Piter Jelles Troelstra, 'Aan het nageslacht'

Voor mijn eigen dagen zing ik niet, 
Maar voor wie na mij wordt geboren; 
Jullie zullen, na mijn dood, mijn lied 
In oor en hart nog horen. 

Mijn harp wordt stom, ik zink in ’t graf, 
En ’t gras groeit op mijn steen; 
Maar, mag ’t stof vervallen tot kaf, 
De geest schijnt er doorheen! 

Als Frieslands volk zijn taal verlaat, 
Een boeman zal ’t bezoeken 
Die spokend in de nacht omgaat, 
En ’t bastaardvolk vervloeken. 

’t Holgrommend schijnsel, dat ben ik! 
Mij kan geen bergtop tarten; 
’k Sla, met de zweepslag van de schrik, 
Het bloed uit jullie harten. 

Is van een dichtershart de klop 
Ook jong, met vaste trouw, 
Hem zeg ik: ‘Voor taal en wet, kom op! 
Neem aan, mijn harp is voor jou.’


.

zondag 16 juli 2017

Piter Jelles Troelstra, 'Toost'

In Holwerd woonde ooit een man, 
Wiens naam zo onvergeten 
Van waarde blijft in ’t Friese land, 
Wie zou die naam niet weten? 

’t Was Bernlef, die voor duizend jaar 
Daar nog de snaren roerde, 
En zo’n fantastisch zanger was, 
Dat hij met toverlied vervoerde. 

Het jongvolk klonk zijn wonderzang 
Overheerlijk in de oren; 
Het meisjeshartje sloeg zo bang, 
Als hij in tonen, diep en lang, 
Van liefde en trouw liet horen. 

En was een meid vaak dwars en stijf, 
Dan moest de zanger komen; 
Die zong haar weer plezier in ’t lijf, 
Weg waren pijnen en ’t doorgedrijf, 
Het hartje in lieve dromen. 

En moest het krijgsvolk in de strijd 
Tegen Karels slavendrijven, 
Dan zong meneer het hoogste lied, 
En ’t ging door ’t land en ’t ruiste in ’t riet,
‘Vrij moeten Friezen blijven!’

Wel trokken velen een gezicht 
Bij Bernlefs doen en praten; 
’t Was een man van ’t nieuwe licht: 
Ze hadden ’m in de gaten! 

Hij haalde ook uit het speeltuig vaak 
Wel meer dan weke rijmen, 
Het donderde er soms zo raak, 
En menig’ gluiperige snaak 
Die dreigde te bezwijmen.

De domheid zat hij op de kop 
En duivels kon hij aan, 
Hij zocht ze, als ’t moest, 
In de bedstee op 
En dreef ze in het zoute sop. 
Daarop: ‘Smoor, zwarte Haan!’ 

Bernlef, die al eeuwen elders woont, 
Men kon hem niet vergeten. 
Nu zingt een ander in die toon, 
Een nieuwe zang, zo rond en schoon. 
Wie zou zijn naam niet weten? 
Daar zingt een Fries van ’t oude laag 
Weer voor de Friese meiden; 
Ze luist’ren naar zijn lied zo graag, 
Hij laat ze vlammend lijden. 

En laat hij over ’t noorderstrand 
Zijn vrijheidszangen drijven, 
Dan ruist het weer door ’t Friese land: 
‘Vrij moeten Friezen blijven!’ 

Hij is een man van ’t nieuwe licht: 
Het oude is hem te duister. 
Domheid is ’t die voor hem zwicht, 
Om waarheid heeft hij steeds gedicht, 
En raakte ’t spoor niet bijster. 

Hier zit de man, die Bernlefs zang 
Nog nazingt door de tijden; 
Een vijand van de geestesdwang, 
Een stoere held in ’t strijden. 

Kom, vrije Friezen, ga eens rond, 
Laat op die man ons drinken! 
De romers vol! Kom, Friezen kom, 
Op Waling Dykstra’s eer en roem 
Maar fleurig, fleurig klinken!


Ut: Samle Fersen, s. 217-219




zaterdag 15 juli 2017

Reüny

                          E.P. de Boerskoalle

De legere skoalle boud nei de earste, 
   dêr’t ik op siet, stiet leech. 
Do silste wêze watsto learste – 
   oan tafels, steapele muorreheech – 
fan kryt, kraskjend op ’e skuorde, 
   te keap steande ynstruksjebuorden. 

Yn ’e gong stean, kleurplaatblau, 
   lytse klompkes. En wat grizer, 
sis mar it hier wyt as in popperompke, 
   hinget in ferbjustere ûnderwizer 
sprakeleas oan in spiker. 
   Ik freegje, kin it briker? 

Gjin eigenwize rigels mear dy’t rinne 
   ta de doar út, om in libben 
as skoalfoarbyld te begjinnen. 
   Gjin letters keunstich útsnijd, 
alle krollen weidreaun yn ’e goate 
   en it skoalplein sil, foargoed fernijd, 

as pronk- en teetún ferkloate. 
   In medias res kom ik te sjen 
oft myn weromgean winne kin 
   de dichter dy't ik wurden bin. 
Ta wat oars opwaakse kin ik net, 
   foar ’t skoallegean kom ik te let. 

,,Goejûn,” seit master oan ’e muorre. 
   ,,It spyt my dat ’k it sizze moat, 
mar oan in skeamel hynder skuorre, 
   jonge, wat kinsto dat knap – 
do wiest altyd goed te ferstean, 
   dyn stikken kreas yn 'e klean.” 

,,Master, dat ik skriuw, ik tankje it jo,” 
   sei ik, ,,jo wisse hân fan gean 
oer ’t boerd wie in one-man-show. 
   Skean! gebeaën jo rjochtopsteand. 
En ik fûn, wat de tiid weipoetste, 
   werom op myn laptoptoetsen.” 

Filmkes sizze it net yn it doarpshûs. 
   Op it keatsfjild, yn ’e feesttinte, 
dûnset de kat in setsje mei de mûs. 
   De wethâlder seit, dy lege klinte 
fan in skoalle sil op bêst bod fuort 
   as oerstallich ûnreplik guod.

Troch lokalen fleagen kaboutereagen,
   der stie in kowekop op 't gas.
Teminsten, sa't wy it seagen
   fan 'e earste oantemei de tredde klas.
De wurden op 'e ruten, dy't ik no lês,
   binne mar skuorren yn glês.


.

vrijdag 14 juli 2017

De skarlún

Dagen binn’ der dat ik allinnich, 
   inkeld wapene mei in angel en in goed 
sin, om hikken hinne draaiend 
   as fisker-jeier it oait iepen fjild yn rin. 

Ik bin dan de útsûger fan aaien 
   of meitsje pykjes ûnwennich. 
Ik ken de neisimmerske rispinge, 
   útslachtsjend wat ik út ’e rûchte win. 

Mei it lytse bytsje op stâl yn wintertek, 
   binn’ der ek dagen dat ik ferrek. 
De blêden bultsje al foar it waaien, 
   mar dogge dat skilderachtich. 

En ik ken de geilens fan it graaien, 
   it lippestiftsjen fan de fiskebek. 
Ik stroffelje oer de gripe yn ’e groppe, 
   flok sa folksaardich prachtich. 

En dizze dagen, no't ik allinnich 
   yn learzens de paden gean en gjin 
siele meinim, no't ik op ’e strún 
   en op rôf út bin, in deihier win

op sinnekavels - duorsum ûnder stroom
   in stek deromhinne -, se meitsje my
noch myn lânsman it strunen tsjin.
   As ik de wurden mar meinim 

út 'e opskuorgebieten, lit de sinne 
   syn fjoeren wol yn 'e lûden omriere. 
Oant brân op ’e krún yn reek ferrint 
   oer 't bûtenfjild, do ferreizge skarlún.


.

woensdag 12 juli 2017

Ast oer it keatsen begjinst

Ast oer it keatsen begjinst, blokjerinner, 
   is der kâns datst op ’e proppen komst 
mei in healsliten ferliking sûnder paraaf. 

Nim dat risiko mar. Soest likegoed 
   net dreame doare om it spultsje oait 
ôfdwaande te ferdútsen oan oaren. Sjoukes  

sile kwea, neffens de iennichste telegraaf. 
   Mar dyn driuwers rinne sa heech net. 
Wat om foar te lêzen foar de Grutte Dei; 

in oarloch te wêzen binnen de perken, 
   skroeiers te reitsjen, boppe te slaan,
dikken oan te merken. Ast oer it keatsen 

te petearjen begjinst, hast it al gau 
   oer de wrâld en de merkepartij fan Winaam. 
Dan sjogge se dy oan as seagen se it doarp

fergean yn ’e skiere fierte, en de wyn 
   stekt ballen op, dy’tst weislein hiest. 
Yn 'e middei binne de karmasters dronken; 

út it kafee komme ferkearde sinjalen. 
   En foar de safolste kear giet der omparte kofje 
oer de banken, lydsum yn har simmerske byrol. 

Grutte kâns dat dyn taharkers net witte 
   wêr’tst it yn 'e fredesnamme oer hast. 
Oer in fjildtocht, oan gjin leger út te lizzen.


.

zaterdag 8 juli 2017

Folkloare

Binn’ der kommersjele kânsen? Dan lês ik oan 
   toeristen dizze hichtepunten fan myn lân. 
It terpepaad rûn as in tsjûke rêchbonke 
   fan truncus cerebri nei dêr’t sketen stjonke. 

Dêr’t it wetter yn 'e winter spoeken opjoech, 
   foel op ’e kanten grûn foar ekers droech, 
as ’t hiele nergenshuzen yn it skreppen 
   seadden kroade foar de eigen himeltreppen. 

En lei der hynste-iis neist de leechlânsdyk, 
   ik bruide derhinne as in bok yn ’t romteryk; 
blyn tusken sinnebrillen en simmerjassen, 
   dôf foar it brekken fan iis- en ierdeskossen. 

Wat ik dwaan soe, stie muorrefêst yn ’e tiid: 
   it fierder perfeksjonearjen fan it toeristeliet. 
Stie de sinne heech, dan hie ’k in rûchhouwer 
   yn ’e knappe knûsten, of ik lei yn ’e Fjouwer 

foar ierdappelbakken krom, en de bûssint 
   dy’t in doarpsjonge fan bouboeren wint. 
En wykeins omkrânse winst de partoeren 
   mei reade roazen fan arbeidersselsbestjoeren; 

foargoed stie it doarp by marketeers op ’e kaart. 
   De befolkingssifers haw ik altyd paraat: 
hast tûzen dy’t ûnder telegraafpeallen songen, 
   helte minder as krimp troch kriten gong, en 

ik skriuw om utens ek in boekje oer it plak, 
   dat út himsels gjin niget oan ’t ferline hat. 
De boeren fan doe, se binne bedobbe; 
   inkeld de wyn dy’t grêfstiennen skrobbe. 

It wie op in kear – ik wie der sels ek by – 
   yn ’e finne, de stripe dy’t pake betocht oan my: 
de lichten strûpten folle djipper derûnder 
   as noch gaadlik is foar Noachs rêdingswûnder. 

Op ’e iisbaan, blank sûnder Wilders of pomp, 
   far ik no om yn in strontbesmodzge klomp, 
súksesfol beskildere neffens regionale folkloare 
   troch brykpraters, dy’t bûtensteanders bekoare.


.

Ikoanysk, wurdt sein

                    Dou bist opwoechsen tusken wiuwende wieren 
                                         Sjoerd Spanninga 

          Toarnekroanseestjer, 
wêr binne de wurden dy’t mei my boarten? 
Dêr’t ik myn strofebouwers fan makke: 
de ôfbûgjende rigels fan it fers, it terpskelet 
as it altyd thús fan wetterfilterjende polipen, 
dy’t it seelibben nimme as neibestean 
          fan eigen deaden. 

          Toarnekroanseestjer, 
anonym as ûndernimmende snorkeljonges, 
garders fan lok mei syaankalybommen! 
Inkeld inket fan gleiïge gorgoanen swevet 
swart foar dyn dûkmasker fan deagraver. 
O, ik rekkenje dy ta de flugge fernielers 
          fan ’t sirkulêr systeem. 

          Toarnekroanseestjer, 
wêr is ’t wûnder fan ’e rôzereade kalkalgen? 
De seeskriezen, se fleagen oareweis, en alle
papegaaifisken ek foargoed fan dy ferjeid; 
spûnzen, stjerren, mollusken ferfarden mei. 
De dea is in bleekmiddel nei it ôfstjitten 
          fan zoöxanthellae. 

          Toarnekroanseestjer, 
meidatst it fokabulêr weifretten hast 
om soerstof út ljocht, litsto dyn wrâld stikke. 
Stadiger stjer ik as koraal, dat earmoediger 
fersjit fan kleur noch as myn memmetaal. 
Algen op ’e flecht binne boadskippers 
          fan asphyxia. 

          Toarnekroanseestjer,
noait ha ik witten dat seeën ferdronken.
Mar spegels stiigden, oertalen krompen,
sels by 't hânoplizzen en 't ûnderdompeljen.
"Ikoanysk", wurdt sein. "Unmisber" klinkt
like fierwei en falsk as de skulp dy't sjongt
          fan biodiversiteit.

          Toarnekroanseestjer, 
do earm dier! Dyn natuer kinst net helpe. 
Ik miskien, mei wat seemanslok en fidúsje 
yn dronkene tongen bemasterjende wieren.
Wer wurd ik rif dat ûnder oerflaktes groeit 
as dwers libben, dat poëtysk tsjinstanner is  
          fan alle ferdwinen.

          




.

dinsdag 4 juli 2017

Lânskiplike ynterferinsje

1

Doe’t ik it yn my omgean liet, wie ik bûtendoarren, 
   en ik woe der hast al oan tinke om ‘ja’ te sizzen. 
Mar doe barde der – silst sjen – wer in wûnder 
   en ik wist dat ik it yn ’e loft skriuwe soe. 

Foar myn eagen kroep in damp oer de lannen, 
   dy’t de planten beduts as wie ’t in bernetekken. 
Drek fan trekkerbannen sloech wetterferve 
   tsjin it wiete jûnsdoek fan in earste skets. 

Spesjaal foar my hie in wolkbrek it hert útstoart, 
   en ik tocht der oer nei, wat dat betsjutte koe. 
Ek kaam de Banhústerdyk mei in fraach, 
   oangeande de silligens fan de foldiedichheid: 

oft ik it by de graasje Gods – sa’t ingels prate – 
   by ’t wizen op ‘lânskiplike ynterferinsje’ litte woe. 
Ik rûn oer de dyk en wâde knibbeldjip yn see, 
   ferwachtsjend in wiis beslút, mei gefoel foar plak. 


2

Werom op ’e krún seach ik: fan Froubuorren 
   0ant Sint Jabik baarnde útferkochte túnferljochting. 
Arbeiders seach ik achter hûs op ekers wrotten 
   foar folle lok, woltier en in knappe lossing. 

Ik hearde memmen ferskesjongen foar de pjutten, 
   fielde wat pubers soms fiele achter it fytsehok. 
En yn in fiere skuorre songen Dylan en Cash 
   oer de spatbuorden fan pake’s earste John Deere. 

Gjin stekkende reade eachjes, dy’t út ’e hichte wei 
   it iepen lân begluorkje foar grutferbrûkers. 
Gjin massagrêven fan strânljippen en seefûgels. 
   Gjin betterwitters, dy’t ús wize op ús plicht: 

de Chevy stean te litten foar de rit nei Ljouwert. 
   Skroar Klaas rûn oait foaroan, en rjocht rûn mei, 
en sjoch ris wat alle dagen Reade Star mei jin docht: 
   de mûnen soene komme, en de mûnen kamen net. 



3

Bûtenút waaie de caps jin gauris oarsom op ’e kop: 
   wol grien, jawis, mar net mei ús lêste botsen. 
De Giants stean as ien man achter Donald Trump. 
   Ik, op myn bar, bin foar sinnesellen de dyk opgien: 

poëzij is in oerlangsum proses fan fotosyntese. 
   Sy siket om stipe foar in duorsume oplossing 
fan it taalbehannelings- en enerzjyfraachstik. 
   Sy is it kwelderkrûd yn 'e dridze, dat tekens jout,

kollektyf wol oan te treffen, los ek fertroud.
   Sy troait, smeket en biddelet: "Meitsje my grut..."
yn rigels, rjocht en sljocht as ierdappelriggen,
   dy't, nei 't switten, noch skoften lang  útwierje. 

Doe ha de lêste frije Bilkerts tagelyk ôfljochte – 
   frjemder wûnder waard net ferwachte. 
Fier fan bewende paden is ’t, achter megakultuer
   en haadstêd. De wide romte sliept dêr, foar fannacht.


.

zondag 2 juli 2017

Farianten fan ferbylding

                              Foar Sjoerd Spanninga

Ik gean net út ’e wei foar in âlde metafoar, 
   mar bin ’k dêrom minder by de wrâld belutsen? 
Ik skriuw myn lieten graach wat sjongerich, 
   mar de kadâns kringt djipper yn 't gehoar.  

Wy draaie foar in românse ús hân net om, 
   inkeld om in ballade publisearre te krijen. 
Wy bedjerre de achtenearre lettersetter, 
   inkeld út meifielen mei it boargerdom.  

Ik bin net moderner as de postmodernen, 
   mar wit in fiskje, by byt, wol te wurdearjen – 
ik rekkenje my ta de ierebetiid bedoarnen, 
   mar haw in skriftfol lette lyryk, zum lernen.  

Wy sette út ein en farre krekter oan ’e wyn, 
   inkeld út in sigen en in sucht nei ferbining. 
Wy krije kranteberjochten fan 'e kulturele plysje: 
   inkeld lofbaarne, oars benypt mar it museum yn.  

Ik gean net út ’e wei foar in ferliking 
   fan in toanielspylster mei in simmerdei. 
Ik ferrykje withoe graach it standert fokabulêr 
   fan freonen mei myn farianten fan ôfwiking. 

Wy binne boargers en bewuolle yn 't rjocht; 
   út neare krapte groeit in wurd om te lêzen. 
Wy kinne de keunst fan ’t skriuwen net misse; 
   út is 't mei ús, as de nachtswel net fljocht. 

Ik lis it oan mei lûdsferskil en rûne foarmen, 
   fan taal wol alles wat ik op myn fruitskaal fyn. 
Ik tink fan myn waaien wilens dit te witten: 
   fan 'e bergen komme de klassike stoarmen. 

Wy troaie de himel alle dagen mei syllaben 
   út noed om betsjutting set op dûnsmuzyk. 
Wy gean it brokkelich berchpaad fan 'e ferbylding, 
   útglydzjend oer it briefpapier fan myriaden.


.

Post scriptum

In boeretilbury, sa goed as nij, fjouwer heaweinen, 
   in koalsiedwein, trije strontkarren mei dongbak, 
in tamtearre molkwein, heareslide, twa izeren 
   ploegen, houtene eiden, in lânrol, in spekkiste; 

in healsliten slypstien, snijmasine, ûnderskate
   ljedders, kretten, kroaden, baskule, in beltsjetúch, 
molk- en boarnamers, ierdappelsouwen en -bakken, 
   weetmaat, botsen, gripen, foarken, klauwers, byn- 

stokken. In protsje hea, wat strie fan koarn en earte. 
   En ek in foech dongbult; boppedat in sekretêre; 
gjin koeketafels en hakblokken wurde talitten 
   aanst op it hiem, fan Ljouwert ôf goed te berikken. 

En, post scriptum, de sate jout net it frij ta stalling. 
   In dei tefoarren heart men yn it doarp al praten 
oer alles en oer elkoar; net ien docht ûnder foar de oar 
   yn ’t skatten fan de bringst, it hifkjen fan de ferkeap. 

Lange, lange jierren fan krom en troch de knibbels, 
   dogge op de dei sels wat mear as in bûssint. 
Bange, bange dagen, oft it settersguod it wol rêde 
   en yn ’t útlân it tegoed wol bankje soe; ja, 

skriuwer, alle stoarmen oer it lân fan in heechlânsboer 
   jouwe mei elkoar in lêste boargermanswente 
bûtenút. Krekt genôch, miskien, foar de Fryske literatuer, 
   in pear pallets gieltsjes op it grutte boereboelguod.


.

Gelokkige hân

Fregest wat der oerbliuwt fan in dei yn it park, 
   yn it koarte, hast droege gers fan in reinige 
pear oeren neist it spoar. Mei syn dravers 
   en blinemanshûnen, syn fitness-memmen 
en bern fan trije, fjouwer yn stilsteand wetter. 
   It is de jûn. Oranje toch griis hinne by it fabryk, 
dêr’t ik hierskerp de judogrepen fan tekenje 
   foar in pearke dat in park oandoart
mei frijers op alle paden; in krektberne baby 
   kraait folop mei, út ferlet fan in lunsjpakket.
En it is in fleantúch, lûdleas as er komt, 
   mar docht er simmertonger nei by it fierder gean, 
opgarre airmiles meitsje de gemeente grien. 
   Oer myn ankel krûpt, in freegjen om beskûl, 
in spintsje, earst ûnwis, al gau in finger – 
   Wat oerbliuwt, op it lekken nei, dat deroer leit, 
is dyn tút, publyk foar de showtinte oer. 
   Dêr rommelje de bazen wat mei de dogs 
en dwazen hingje op ’e houten banken om. 
   Mar ik jou it park oan ús azem mei, 
as in sterk stik, foar gjin goud op ’e planken.
   Ferjit ik ús gelokkige hân fan op hûs oan gean.



.

zaterdag 1 juli 2017

Flerken

It is gûl oan goarre, treant oan toarre: 
   men is in krobbe, men is in oanfretten 
bjirketuorre. Of in mâle toer, eat mei 
   fan ’e honger graublauwe flerken. 

Mar djip yn ’t stof fan tiid en stiennen 
   is men in ridder, in rinner oer muorren, 
oer in bosktapyt, dat in begjin nimt 
   oan in râne – it makket in byt út. 

De simmer begjint, it skodak skoot iepen 
   en miskien is der wol termyk 
nei it hert, dêr’t elkenien, grut of lyts, 
   in minske is yn ’t sliepen. 

En it lytse bist, dat men net sjocht, 
   want dat mijt it paad fan al te ljocht, 
en draait der beklings net oerhinne? 
   Der is earst noch tuorre. Dan de wide loft.


.