woensdag 12 juli 2017

Ast oer it keatsen begjinst

Ast oer it keatsen begjinst, blokjerinner, 
   is der kâns datst op ’e proppen komst 
mei in healsliten ferliking sûnder paraaf. 

Nim dat risiko mar. Soest likegoed 
   net dreame doare om it spultsje oait 
ôfdwaande te ferdútsen oan oaren. Sjoukes  

sile kwea, neffens de iennichste telegraaf. 
   Mar dyn driuwers rinne sa heech net. 
Wat om foar te lêzen foar de Grutte Dei; 

in oarloch te wêzen binnen de perken, 
   skroeiers te reitsjen, boppe te slaan,
dikken oan te merken. Ast oer it keatsen 

te petearjen begjinst, hast it al gau 
   oer de wrâld en de merkepartij fan Winaam. 
Dan sjogge se dy oan as seagen se it doarp

fergean yn ’e skiere fierte, en de wyn 
   stekt ballen op, dy’tst weislein hiest. 
Yn 'e middei binne de karmasters dronken; 

út it kafee komme ferkearde sinjalen. 
   En foar de safolste kear giet der omparte kofje 
oer de banken, lydsum yn har simmerske byrol. 

Grutte kâns dat dyn taharkers net witte 
   wêr’tst it yn 'e fredesnamme oer hast. 
Oer in fjildtocht, oan gjin leger út te lizzen.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie plaatsen