zondag 2 juli 2017

Farianten fan ferbylding

                              Foar Sjoerd Spanninga

Ik gean net út ’e wei foar in âlde metafoar, 
   mar bin ’k dêrom minder by de wrâld belutsen? 
Ik skriuw myn lieten graach wat sjongerich, 
   mar de kadâns kringt djipper yn 't gehoar.  

Wy draaie foar in românse ús hân net om, 
   inkeld om in ballade publisearre te krijen. 
Wy bedjerre de achtenearre lettersetter, 
   inkeld út meifielen mei it boargerdom.  

Ik bin net moderner as de postmodernen, 
   mar wit in fiskje, by byt, wol te wurdearjen – 
ik rekkenje my ta de ierebetiid bedoarnen, 
   mar haw in skriftfol lette lyryk, zum lernen.  

Wy sette út ein en farre krekter oan ’e wyn, 
   inkeld út in sigen en in sucht nei ferbining. 
Wy krije kranteberjochten fan 'e kulturele plysje: 
   inkeld lofbaarne, oars benypt mar it museum yn.  

Ik gean net út ’e wei foar in ferliking 
   fan in toanielspylster mei in simmerdei. 
Ik ferrykje withoe graach it standert fokabulêr 
   fan freonen mei myn farianten fan ôfwiking. 

Wy binne boargers en bewuolle yn 't rjocht; 
   út neare krapte groeit in wurd om te lêzen. 
Wy kinne de keunst fan ’t skriuwen net misse; 
   út is 't mei ús, as de nachtswel net fljocht. 

Ik lis it oan mei lûdsferskil en rûne foarmen, 
   fan taal wol alles wat ik op myn fruitskaal fyn. 
Ik tink fan myn waaien wilens dit te witten: 
   fan 'e bergen komme de klassike stoarmen. 

Wy troaie de himel alle dagen mei syllaben 
   út noed om betsjutting set op dûnsmuzyk. 
Wy gean it brokkelich berchpaad fan 'e ferbylding, 
   útglydzjend oer it briefpapier fan myriaden.


.

2 opmerkingen:

  1. Farjânten fon forbielding, foàr Seward, Sigurd, Siegfried.
    1, 2: betrutsen? by de wrôld behelle, belutsen. Mienskip.
    4, 4: lofbaarne is wer ierrappelboulawnwörk. Uutlizze.
    5, 2: teniel nèt fon toane, EWvDale.
    5, 3: stândertvocabulêr is iene wörd!
    6, 2: uut neare noeden 8, 2: uut noed What te-folle goed?
    6, 4: uut is 't mei uus, âs de naghtswell nèt fljoght. Lis uut.
    7, 4: fon 'e bergen 8, 3: berghpaad Sjoerd Brunelle.
    Dit liket 3x minen oer Obe Postma, Lustrumalbum 1990.
    Dayslieper gaitemelker Caprimulgus

    BeantwoordenVerwijderen