dinsdag 4 juli 2017

Lânskiplike ynterferinsje

1

Doe’t ik it yn my omgean liet, wie ik bûtendoarren, 
   en ik woe der hast al oan tinke om ‘ja’ te sizzen. 
Mar doe barde der – silst sjen – wer in wûnder 
   en ik wist dat ik it yn ’e loft skriuwe soe. 

Foar myn eagen kroep in damp oer de lannen, 
   dy’t de planten beduts as wie ’t in bernetekken. 
Drek fan trekkerbannen sloech wetterferve 
   tsjin it wiete jûnsdoek fan in earste skets. 

Spesjaal foar my hie in wolkbrek it hert útstoart, 
   en ik tocht der oer nei, wat dat betsjutte koe. 
Ek kaam de Banhústerdyk mei in fraach, 
   oangeande de silligens fan de foldiedichheid: 

oft ik it by de graasje Gods – sa’t ingels prate – 
   by ’t wizen op ‘lânskiplike ynterferinsje’ litte woe. 
Ik rûn oer de dyk en wâde knibbeldjip yn see, 
   ferwachtsjend in wiis beslút, mei gefoel foar plak. 


2

Werom op ’e krún seach ik: fan Froubuorren 
   0ant Sint Jabik baarnde útferkochte túnferljochting. 
Arbeiders seach ik achter hûs op ekers wrotten 
   foar folle lok, woltier en in knappe lossing. 

Ik hearde memmen ferskesjongen foar de pjutten, 
   fielde wat pubers soms fiele achter it fytsehok. 
En yn in fiere skuorre songen Dylan en Cash 
   oer de spatbuorden fan pake’s earste John Deere. 

Gjin stekkende reade eachjes, dy’t út ’e hichte wei 
   it iepen lân begluorkje foar grutferbrûkers. 
Gjin massagrêven fan strânljippen en seefûgels. 
   Gjin betterwitters, dy’t ús wize op ús plicht: 

de Chevy stean te litten foar de rit nei Ljouwert. 
   Skroar Klaas rûn oait foaroan, en rjocht rûn mei, 
en sjoch ris wat alle dagen Reade Star mei jin docht: 
   de mûnen soene komme, en de mûnen kamen net. 



3

Bûtenút waaie de caps jin gauris oarsom op ’e kop: 
   wol grien, jawis, mar net mei ús lêste botsen. 
De Giants stean as ien man achter Donald Trump. 
   Ik, op myn bar, bin foar sinnesellen de dyk opgien: 

poëzij is in oerlangsum proses fan fotosyntese. 
   Sy siket om stipe foar in duorsume oplossing 
fan it taalbehannelings- en enerzjyfraachstik. 
   Sy is it kwelderkrûd yn 'e dridze, dat tekens jout,

kollektyf wol oan te treffen, los ek fertroud.
   Sy troait, smeket en biddelet: "Meitsje my grut..."
yn rigels, rjocht en sljocht as ierdappelriggen,
   dy't, nei 't switten, noch skoften lang  útwierje. 

Doe ha de lêste frije Bilkerts tagelyk ôfljochte – 
   frjemder wûnder waard net ferwachte. 
Fier fan bewende paden is ’t, achter megakultuer
   en haadstêd. De wide romte sliept dêr, foar fannacht.


.

5 opmerkingen:

  1. Frjemder wûnder woàrd nèt ferwachtE. ig good geef Friesk, heär, Abe.
    Oudieling 3, kouplet 4, rigel 2. Rimest nèt, dât èk nèt up foàr fonnacht.
    1, 3, 4: foldiedichhied? Wolldiedigens, caritas of folldienigens, contint.
    1, 4, 3: wâde bi wâdzje iv waadzje iin sliik, wâldzje mei geweld traapje.
    2, 1, 4: foàr fólle lok, if foàr of om alle lok. - F/olle lok en seine, kin nèt.
    3, 2, 1: Poésij is 'n oerstadich proces fon fotosynteze. Lis biologe uut!
    3, 3, 2: troaie stiét no iin all dyn fersen, Sont HJH's trekker fon troaien.
    3, 3, 3: ierrappel of jirpel mei klam-forskowing. Dinne-, Spjirappelskea.
    Wonder fon Gr. 'oniromantie, 'onirisch.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Frjemder wûnder woàrd nèt ferwachtE. ig good geef Friesk, heär, Abe.
    Oudieling 3, kouplet 4, rigel 2. Rimest nèt, dât èk nèt up foàr fonnacht.
    1, 3, 4: foldiedichhied? Wolldiedigens, caritas of folldienigens, contint.
    1, 4, 3: wâde bi wâdzje iv waadzje iin sliik, wâldzje mei geweld traapje.
    2, 1, 4: foàr fólle lok, if foàr of om alle lok. - F/olle lok en seine, kin nèt.
    3, 2, 1: Poésij is 'n oerstadich proces fon fotosynteze. Lis biologe uut!
    3, 3, 2: troaie stiét no iin all dyn fersen, Sont HJH's trekker fon troaien.
    3, 3, 3: ierrappel of jirpel mei klam-forskowing. Dinne-, Spjirappelskea.
    Wonder fon Gr. 'oniromantie, 'onirisch.

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. bêste Dauwe, kinst ok dúdlik make wêr't dyn wonderlike reaksy op dut mooie gedicht op slaat?

      Verwijderen
    2. bêste Dauwe, kinst ok dúdlik make wêr't dyn wonderlike reaksy op dut mooie gedicht op slaat?

      Verwijderen