zaterdag 15 juli 2017

Reüny

                          E.P. de Boerskoalle

De legere skoalle boud nei de earste, 
   dêr’t ik op siet, stiet leech. 
Do silste wêze watsto learste – 
   oan tafels, steapele muorreheech – 
fan kryt, kraskjend op ’e skuorde, 
   te keap steande ynstruksjebuorden. 

Yn ’e gong stean, kleurplaatblau, 
   lytse klompkes. En wat grizer, 
sis mar it hier wyt as in popperompke, 
   hinget in ferbjustere ûnderwizer 
sprakeleas oan in spiker. 
   Ik freegje, kin it briker? 

Gjin eigenwize rigels mear dy’t rinne 
   ta de doar út, om in libben 
as skoalfoarbyld te begjinnen. 
   Gjin letters keunstich útsnijd, 
alle krollen weidreaun yn ’e goate 
   en it skoalplein sil, foargoed fernijd, 

as pronk- en teetún ferkloate. 
   In medias res kom ik te sjen 
oft myn weromgean winne kin 
   de dichter dy't ik wurden bin. 
Ta wat oars opwaakse kin ik net, 
   foar ’t skoallegean kom ik te let. 

,,Goejûn,” seit master oan ’e muorre. 
   ,,It spyt my dat ’k it sizze moat, 
mar oan in skeamel hynder skuorre, 
   jonge, wat kinsto dat knap – 
do wiest altyd goed te ferstean, 
   dyn stikken kreas yn 'e klean.” 

,,Master, dat ik skriuw, ik tankje it jo,” 
   sei ik, ,,jo wisse hân fan gean 
oer ’t boerd wie in one-man-show. 
   Skean! gebeaën jo rjochtopsteand. 
En ik fûn, wat de tiid weipoetste, 
   werom op myn laptoptoetsen.” 

Filmkes sizze it net yn it doarpshûs. 
   Op it keatsfjild, yn ’e feesttinte, 
dûnset de kat in setsje mei de mûs. 
   De wethâlder seit, dy lege klinte 
fan in skoalle sil op bêst bod fuort 
   as oerstallich ûnreplik guod.

Troch lokalen fleagen kaboutereagen,
   der stie in kowekop op 't gas.
Teminsten, sa't wy it seagen
   fan 'e earste oantemei de tredde klas.
De wurden op 'e ruten, dy't ik no lês,
   binne mar skuorren yn glês.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie plaatsen