donderdag 29 maart 2018

Saailân 2018

‘Governmentality’, seit Foucault, 
makket boargers ûnderdanen en subjekten 
fan de Goede Grutte Oerheidsshow. 
Ik rekkenje him ta de krekten, 

mar sjoen de sinnekape fan ’t museum, 
de mâle brede galatrep omheech, 
de Reuzen ek, dy’t troch de Doelesteech 
net passe yn ’t reklik nij Te Deum

is de mearkemienskip – dy’t bestjoerd 
te kyk op fisyklip en treflik boerd, 
de minsklike maat beneamt as grut getal, 

en wat dêr ûnder falt net sjocht as it gefal – 
himsels yndie gelykbleaun op dit plein. 
Dy't ôfwykt, nim de earste trein.


.

Nij Hiddum-Hou

         De eagen siikje hâld en hulpe,  
         De fuotten traapje om it libben…  

                          Obe Postma 

Tusken Koarnwert, Wûns en Surch 
sûge njoggen stielen mûnen tuorreheech 
jin út ’e bonken, dei en nacht, it murch. 
Tiphichten waaie de lannen leech,

om mei 42 megawatt de ponge fol 
te blieden fan ferrieders, dy’t foar in sint 
har Mem ferkeapje as goedkeape snol. 
Dat wol sizze, as it jild it wint. 

Mar út ’e reidwâlen fan sleat en feart, 
de singels om ’e hôven, de pôlen yn it lân, 
boskje – sels it finkje út ’e kouwe – 

alle krûpers, rinners, greidefûgels gear 
tsjin ’t gekkewurk fan ’t minsklik ûnferstân 
en dat fan deputearre De Rouwe.


.

dinsdag 27 maart 2018

Hegebuorren 8

Dominânsje is it stjoeren fan ’e feroaring. 
It doarpke Holwert, och, hoe’t soks giet, 
wa kin ’t wat skele wêr’t Waling-om sit 
belearjende fersen te skriuwen? Boring

Mar Haitskemuoi soe der oer opsprekke: 
de skande fan ’t oan pún fallen dichtershûs, 
de nijbrykse pronkmiljoenen by de rûs; 
’t ferrot kesyn, dat har skepper begekket. 

De ankerpet-elite leit mei mienskipsjild 
te kwartetten yn ’n dêrfoar oanlein fjild, 
en ik sjoch dat de seecruiser oppoetst is 

yn in haven der kommen út bekommernis 
fan ’e Fryske polityk mei rykdom. En no sil ’t 
Walinghúske gean nei de ferdommenis.



.

Bûtlân

In krûdich jongkeardel, hy bokselet om ’e 
sodzige bûtlannen hinne, yn ’e kroade
terpsmodder foar leger simmerpeil  
tsjin 'e driging fan oerstal op ’e neil. 

Klaver, fladderguod en soere surk 
dûke wei foar ’t flakskowerswurk 
en bepompeblêde tanks fol bargestront 
ûnderwrotte ’t derogaasjefront.

In bleek studint produsearret agrokultuer: 
hy lêst him troch de fariaasje hinne, 
dy’t er - uteraard - net respektearje sil. 

Yn ’e modelpolders waakst ûnhuer 
it lange gers dêr’t swarte sifers rinne, 
sûn gûnzjend, Sineesk sunich, flinterstil.


.

maandag 26 maart 2018

Braaklân

No ploeije en eidzje op ’e braaklannen, 
de hiele dei efter de gudzen fottelje, 
en lit kobben en mosken mar prottelje, 
rju foarbylden hat myn taal foarhannen. 

Alle lytse út ’e rich brekkers ta tsjinst 
earst in snjitter, dan de sinne deroer, 
oant it brûst ûndergrûnsk, en in fjoer 
himel en ierde omset yn skjinne winst. 

Hinget yn ’e jûn op ’e rêch it fel derby, 
falle de kromme lea al krebintich 
yn ’e lapekoer, dan noch sjoch ik dy 

opkommen, jong en wol mei twintich 
glêde spruten ûnder de koarste foar my. 
Yn ’t braaklân, wat wrâld wachtsje wy?



.

Bloedlân

Heger noch as om it hôf it tichte beamt’ 
sjocht de toerhoanne sûnder ferwegen 
hoe’t de nije moanne yn ’e jûnfal klimt 
boppe rigen en rigen grêven hjir omlegen. 

Oer it lân glidet twiljocht fan twalûd 
en der is wyldgroei yn ’e wjittering – 
feroare al yn in poel fan kikkertsbloed, 
ferklonk al as in rochel sûnder brekking. 

Fleachst dit fierôf gat yn op in wurd 
dêr’t net ien mear fan wit wat it betsjut. 
Hearst hoe stil it is, hoe’t elkien swijt, 
fan polityk ûntslein, fan poëzij befrijd. 

Granyt en glimmer waaie fuort, 
net dyn fers, dyn net te fangen fearreguod.



.

zaterdag 24 maart 2018

Stad Niks

Ien inkeld tsjipknipke tsjilpt yn ’t romteryk 
by ynstap Stad Niks. Grappy fan in Biltker. 
Yn ’t lân fan ’e streekeigen hobbyskilder 
rôlet in butst blau belbuske oer de dyk, 

stapfoets achter in oait reade Ferguson oan, 
dy’t syn wurkdei yn ’e fierte wis wit: 
Star roaie, foar’t de rein fan moarn 
it goud oan wyldens en woastens lit. 

De priis fan ’t ferfier, de kilometer betelle, 
ha de Steaten op dizze útbuorrens ferhelle. 
Bûtsikers plôkje ’t protserich provinsjehûs. 
‘Van A naar Beter’ fleagje busbestellersblues; 

en bestjoerderleas komt de twapersoans 
út ’e stêd wei oanwaaien as wat deagewoans.


.

maandag 19 maart 2018

Eigen doarp (De Antyslamyt)

                ‘Een meelijwekkend volk’

Sjoch! wa pantoff’lje dêr oer pake’ strjitte, 
fret-oppen foardel quiche en kofjegrom? 
Ik bin antyslamyt, rju sille ’t fan my witte! 
Soan fan ’t ferrânestedske Friezedom. 

Fansels haatsje ik moslims – kin ’t net litte.
Omraken ploft it op myn kritetrom: 
de Frjemdling, ik wik it jim, kin ’t polityk ferjitte. 
Foar ús: kieze of dele. Pompeblêd of likeblom? 

Stege keardels, wite wiven, prate normaal 
foar de fûst wei foar-de-folksferhuzingstaal,
meie gjin sokses sjen, dy’t identiteiten ferslyt, 
kenne gjin mokses, dy’t net fan Geale hyt. 

Al kostet it my myn twatûzen jier âlde siele –
ik, yn eigen doarp, sil my Fries fiele.


.

zondag 18 maart 2018

Village Life (2)

’t Bestean – suver en maternaal. Sa groeie 
wy op, krobben achter seedyks derriêre. 
Wolsto, podde, as kleasterblom bloeie, 
of ambiearrest in publike karriêre? 

Wa sil hjir mei selskastijen knoeie, 
wa syn skriuwhân yn ’e grûn bedjerre? 
Lit de linen gean, de krollen floeie, 
as kopiist, aansens dichter ûnder de stjerren. 

Avatar op ’e buorren, o, do sikest lok, 
mar programmatysk stiet dyn arkadyske klok 
stil, yn noed oer toer en tsjerke, heit en mem; 

Avatar yn ’e mieden, do sûpst dy klem. 
Wol dan de kronyk, nei âldfaars beslút, 
de hea-ekers op, falt de spulkompjûter út.



.

Village Life (1)

Us unyk-agrarysk-pastorale folkstradysje
werskept jin de merk, rekket it hert. 
Do, reizger: sa’n doarpke sûnder plysje 
is autentyk-ruraal. Better sliepplak is der net. 

Dêr wurde moarns de kowetrôgen reparearre 
troch it Projekt, súksesfol en primêr. 
De fermoarde ûnskuld, dy wurdearre 
mei oardel stjer it ekologysk sanitêr. 

’t Rassysk suver appelhôf hat plak foar twa, 
de bioboer melkt moarns foar greidefla; 
keardel komt út in útkearingssitewaasje, 
hat mei syn kij in komplisearre relaasje. 

Absolute toppers? Foarfêst Amalia-en-dy, 
wireless ûnderweis nei self-sustainability.



.

dinsdag 13 maart 2018

Rottefalle

                   Douwe Kalma (1896-1953) 

Fier út ’e wei, om súv’rens fûn of net te finen, 
hâldt er ’m grut – hy sit net sljucht of rjucht, 
mar ûnmeilydsum achter swiere gerdinen. 
Ut it sintrum wei, berôve fan syn frucht, 

gjin folkje te bekennen om te ferbinen, 
is der folle ding, dat er net rjucht sjucht. 
Wêrom foar ’t ûngelyk jin wei te winen, 
as de rop sa fier foar de died út fljucht? 

In dei yn strykljocht – Aldgilles stapt út. 
De kronkeldyk del strampelt it einbeslút 

fan ’15 en ’40. It doarp wit fan neat, 
seit trusten en slommet yn syn eigen steat, 

as de fijân fan ’e Franken mis in meter rint, 
syn útfeart oer de Noardseestrannen wint.



.

zondag 11 maart 2018

Mienskar

Doe seach ik, sigeseagjend troch de mieden, 
op ’e brommer achterop by mem, 
myn lân fan hagelslach en flearbeisjem, 
it skuorde gerslân gean, de krite blieden. 

Unwis oft ik leare sil te swimmen, 
hantsjes keurich op it plankje, koarkjes om, 
driuw ik fjouwerbaansk ferbûn werom 
op flitters lang ferdwûne stimmen. 

Skreau Postma net oer hûndert pûnsmiet 
oan lytselju’s lân, dat ús de midsieu liet? 

Ik wist de grûn foar allegear tegearre 
fan 'e kaart foar’t Marx it demonstrearre: 

Verelendung fan mem. Beken it mar: 
der kin gjin mienskip wêze sûnder mienskar.



.

zaterdag 10 maart 2018

Iepen doar(p)

Subsidiearre ‘artistyk sjoernalistyk ûndersyk’ 
(sis mar ’t siel- en sinleas achterdoarren 
op besite gean by alle hûslju lâns in dyk), 
liicht in kleureprint fan ‘mei elkoarren’ – 

foto’s fan dy-en-dy, dij, mij – wy allegear 
dogge mei as ’t folk ropt oan ’e doar, 
dat himsels wol iepen docht, dan is ’t wer 
golle doarpsbewenners mei-inoar. 

Mar yn in sabeare ‘folsleine mienskip’ 
wurdt buorreplicht ferknipte audioklip, 

bewake kamera’s de fortunearre doarpeling 
syn achterdoar op lêst fan ’e fersekering, 

en sil it achtenearre ynstitút ‘foar altyd’ 
de grûnbesitters konservearje as bysûnderheid.



.

dinsdag 6 maart 2018

Miedhúske

Nei ’t westen niigjend, hingjend tsjin ’e wyn, 
hat it tichtmits’le ruten, ferkalke muorren 
en healsliten ankers yn fertakke skuorren, 
mar foar syn fertiigjen bliuw ik blyn. 

Syn foarsitterjen fan ’e wolken sjoch ik net 
foar ’t lêst it lân oer skowen. De radio 
ropt fan fergaderje en ik wit, ’t is tiid te let 
foar bestjoer oer de dagen – it doek falt no. 

Wat ik wolle soe foar ús heit yn ’e reiden? 
Op in fûnemint dat, fersliten, al ferwaaide,

in hûs bouwe, út âlde gieltsjes, foar ús beide. 
Hege finsters soe it hawwe, en ik snaaide 

lije dagen foar yn ’e tún mei, en ik lei de 
simmer del as in fiersicht oer de greide.



.