zondag 8 april 2018

Freya

‘Catch Freya – poetry is a way to the Gods’, 
mar wa makke ek alwer appelsmots 
mei dy swiet-reade rabarber dertroch, 
en in gesicht, dat ik net mear foar my sjoch 

as wie it juster? Saniis noch fong 
ik it byld dêr’t ik no fan sjong. 
Fan ’e Vanirsdochter, opbrocht yn ’e bosk, 
foar my – in út ’e greppel opfiske frosk. 

Se timmeret samar in boekekast 
dêr’t it hiele universum yn past, 
set yn in eachwink it hielal op ’e kop 
mei yn ien nacht in laach waarme snie derop, 

mar krekt neidat se my tute hat, wat 
se wolris docht as winterferskining fan god.



.

donderdag 5 april 2018

Fortuna

Doarp, dij binn'  swierrichheden brocht 
yn romtes dêr’t wy stikten fan it gnizen. 
It blommepún, dêr’t de hjerst om socht. 
Beskikber stelde, mar net útrikte prizen. 
Mar kaam ik út myn mûle wei oerein, 
hieltyd hurder draafde ik troch de gongen 
fan ús kronyk. Doe haw ik dij dyn tijen sein, 
dyn floeden en dyn fuortgong songen, 
om mei in ploech frijere minsken 
te gean foar ’t gjin begjinnensein oan. 
Doarp, ik woe neist Fortuna gean, 
de goadinne, dy’t gewoane winsken 
wolkom hjit, of knieze lit op ’t lân. 

As kaam ik hjir wei. As koe ik lûdleas bestean.



.

Fatum

Winter en maityd, hjerst en simmer, 
ôfwikseljend depresje en hege druk. 
It klimaat wurdt inkeld slimmer. 
Mar sis no sels, eins, what the fuck 
sa’n wurd dan betsjut: ‘krimp’? 
Heech wetter, neffens fiere universiteiten, 
is in kâns, fuortkommend út himp. 
It bêste der mar fan meitsje, heite. 
,,Orakel, de Súdlannen binn’ prachtich 
en Techums waakse wrachtich 
hurd oan...” – O, foar’t ik myn sin 
grammatikaal ynoarder ôfmeitsje kin,
sjitte skuorren dwers troch it lân. 

Oer lege buorrens leit myn lege hân.


.

woensdag 4 april 2018

De lêzing

No efkes net harsensskrabje oer ’t heffen fan tol 
yn ’e Sont, noch oer de yllúzjes fan ús brein. 
Net skermesearje mei ’t antroposeen, in wrâld te fol 
of krekt te rom, of nijerwetsk meubeldesign. 

Net freegje oft Homeros as wat hypermoderns
in leechte efterliet as Gryks ladelichter. 
Net oft ’t duldich bidden fan ’e blauwe stirns 
ynboarstich resonearret by de rokoko-dichter. 

Leaver smyt ik my fûgelfrij nei de oare kant, 
lyk yn ’t gers. Dêr’t ik oan ’t kealledûnsjen lês 
hoe’t ûnstjerlike rigels my yn 'e mjitte swinge, 

mar neffens annônse yn ’e Leeuwarder Courant
is it nijsgjirrich middeisprogramma oan in grêft. 
N’t wier. Wy binn’ de lannen yn. Sleatsjespringe!



.

dinsdag 3 april 2018

De stifting

Yn in stille opkeamer mei postbus en e-adres 
foar skriuwerij yn eigen taal en dialekten, 
en mei in bepaald bysûndere mindfulness 
foar ‘fernijende en tradisjonele projekten’, 

komme de alles karrende netwurkers gear 
te kedizen oer leafst trije literêre prizen. 
Oer Douwe, Rink en Rely rint it drok petear 
by Gysbert del, nei Fedde Schurer, de ferliezer. 

Boppe de skoarstienmantel de konservator, 
letterknecht ta 't lêst en skriklik imperator, 

lit aloan en wer de nammen troch him gean 
fan Jan sûnder lân - wêrhinne ferfearn? -

en fan achterbliuwers, masters yn autonomy, 
no benefisjinten fan in goederjouske oligargy.




.

maandag 2 april 2018

It ynstitút

De Kommisje is neffens Boltanski’s skets 
it bêst te sjen as lichem sûnder holle. 
Dat is mear as wat sosjologe-geswets; 
de provinsjale útfieringsregeling ferfollet 

bline, anonime dreamen. Mei pine yn it liif 
wykt it wurd as weesbern fan ’e minsken, 
mar hat, alle Fryskpraters ta geriif, 
net te kontrolearjen kursuswinsken. 

Wat weiwaard, hat net diskutabel bestien. 
En in nij bonkerak is net samar te lien, 
inkeld foar slapstick, dy’t syn krabbel set. 

Dan bist der wis fan – it daget dy wat let –: 
it lespakket is in meisizzenskipsleas wûnder 
mei neimakke legalisearring derûnder.



.